OP ZOEK NAAR ROOTS - 1


In pear jierren lyn haw ik sa'n 20 stikjes skreaun yn de FEANSTER oer de famylje Kramer. 'k Bin der doe aardich gau mei ophâlden om't der mar in lyts bytsje réaksje op kaem. De measte minsken binne gjin skriuwers haw ik wol ût foun. ûnderwilens haw ik wol wer folle mear dingen foun oer de famylje Kramer, mar dêr skriuw ik letter wol ris oer.

It 'internet' hat de wrâld wol folle lytser makke. Sa haw ik no in E-mail-freon yn California dy't gjin Frysk of Hollânsk kin. Wol is hy fen Fryske komôf. Hy foun myn namme op it 'internet' en no binne wy geregeldwei wat yn kontakt via E-mail. Syn namme is Samuel Solomon Mozes, berne yn California yn 1929. Syn heit wie Gerrit Mozes dy't om ende by 1920 nei Amerika gien is, en hy is dêr troud.

Gerrit Mozes wie berne yn Surhùzum op 12 novimber 1892 as soantsje fen Bregtje Mozes, dogter fen Durk Geerts Mozes en Janke Wobbes, de twadde frou fen Durk.

Bregtje wie berne op 13 maaie 1868 yn Droegeham.
Sam wol stoarmste graech witte wat der mei syn Beppe Bregtje bard is. Hy hat wol Ingelske brieven nei addressen yn Surhùzum skreaun, mar kriget gjin antwurd.

No haw ik him tasein dat ik besykje sil wat mear oer syn beppe Bregtje ût te fynen. Is der ien dy't wit wannear't sy stoarn is? Is sy nei de berte fen Gerrit dochs noch troud? Wêr wenne sy, wêr is sy stoarn? Wat soe't moai wêze as Sam yn California in foto krige fen Beppe Bregtje dy't nea sjoen hat. Ik haw alle nammen en datums fen de famylje Mozes, mar Beppe Bregtje kinne wy net te pakken krije.

As der ien is dy't ûs ût helpe kin, jou it den mar efkes troch oan de FEANSTER dy't myn adres en E-mail nûmer ha. Miskien kinne wy mei mekoarren dizze Amerikaense Fries helpe fia in âld-Feanster Kanadeaske Fries.

Groeten fen Jelle Kooistra