Earne yn Canada stapt in bûkemantsje fan 6 jier rûn, lytse Troy Hamstra dy’t der gjin flau benul fan hat dat hy, neffens syn oerpake Jelle Hamstra, bakker yn ‘e Ham oan’t 1948 ta, de ienniche namme-drager en dêrom stamhâlder is fan syn oer-oerpake Jelle Pieters Hamstra fan ‘e Ikkers yn Droegeham.
Jelle-bakker, sa’t de minsken him meastentiids neamden yn ‘e Ham, is troud mei Grietje Wijma, dochter fan Lammert en Sjouk fan de Tille.
Yn September 1948 is Jelle mei Griet en de 4 bern nei Canada fearn. De 4 bern wienen: Sjoukje, Hinke, Jelle en Lammertje.
Yn Canada hat Jelle it net altyd maklik hân, mar hjoed de dei sitte hy en Grietje yn in hiel moai hûs foar âlden fan dagen yn Brampton, yn Ontario, en sy hawwe it tige goed. Jelle-bakker, berne yn 1915, is myn omke en hy is dôf. Net gewoan dôf, né hy is stokdôf! Papier en penne, hânnen en fuotten, moatte der by om omke wat te fertellen. Hy is in broer fan myn mem, Trijntje Hamstra, berne yn 1912 en stoarn yn 1995. Der wienen noch mear susters: Aaltje (1913) en Dora (1916), en noch in âldere broer Pieter (1908-1983) dy’t eartiids smid wie yn Eastermar.
Dizze 5 wienen bern fan Jelle Pieters Hamstra (1884-1942) en Hinke Jelles Nicolai (1888-1918). Hinke stoar yn 1918, noch mar 30 jier âld, yn de Spaanske Gryp. Ek in famke fan 1 jier stoar yn dy selde novimber-moanne. Yn dy gryp-epidemy fan 1918 staornen mear dan 20 miljoen minsken
oer de hiele wrâld.
De jonge widner fan 33 jier is al gau by syn âlde mem fan 72 yn lutsen, en dy âlde, moediche mem hat omtrint 10 jier foar it memmeleaze gesin fan har ienniche soan soarge. Sy wie berne yn 1845 en stoar yn 1928 doe’t har lytsbern Trijntje 16 jier wurde, as antwurd op it gebed fan Beppe Aaltsje:
‘Heare, wolle Jo my sterkje om foar dit gesin te soargjen, oan’t Trien 16 jier is. Dan is dy grut en sterk genoch om oer te nimmen.’
Beppe stoar ien wike nei’t Trien 16 jier wurden wie yn feb. 1928.
Der kamen 13 lytsbern en noch folle mear efter-lytsbern fan Jelle Pieters Hamstra en Hinke Jelles Nicolai.
Mar de measten krigen oare famyljenammen, lyk as Kooistra en van der Ende.
De beide jonges, Pieter en Jelle, krigen ek bern: Pieter krige Maaike en Jelle (1939-), dy’t yn Grins wennet mar gjin bern hat. Jelle en Griet krigen trije famkes en ek in Jelle (Bill), berne yn 1938. Dizze Bill en syn Canadeeske frou Reina ha 2 famkes en 3 jonges, mar sa as it no liket hat allinne soan Robert (1961) in jonkje, en dat is lytse TROY HAMSTRA, berne yn 1992.
En no fertelde myn dôve omke Jelle my lêstendeis: ‘Wisto wol dat lytse Troy de iennichste nammedrager is?’
Der is omke wol in bytsje grutsk op fansels! En dat mei ek wol.
No witte wy hiel skoan dat de waarde net yn in namme leit of sit, mar it toant wol fansels, dat nammen soms útstjerre kinne. Yn elts gefal ‘omtrint’.
Pake Jelle Pieters Hamstra is 4 kear ferneamd: 2 Jelles ha ik al neamd, en dan binne der noch Jelle van der Ende (1943) en ik sels (1933). Mar de namme Hamstra hâldt op fansels mei ús memmen.
Pake Jelle dy’t op ‘e Ikkers wenne, wie de ienniche soan fan Pieter Jelles Hamstra (1849-1888) en Aaltje Johannes Kramer (1845-1928). Dizze Pieter wie postboade yn ‘e Ham en ik ha syn namme en syn hântekening hûnderten kearen sjoen op bewiizen/akten fan berte en ferstjerren fan bern en minsken fan ‘e Ham, yn Bûtenpost op it gemeentehûs.. Hy wie dan ‘tsjûge’ foar dy minsken.
Der wienen ek noch 3 famkes yn it gesin fan Pieter en Aaltsje: Theodora, Maaike en Wytske. Dora troude mei Atze van der Ende, Maaike troude mei Yde de Jong, en Wytske troude mei Elle Wijma, de klokmakker fan Eastermar.
Pieter, myn oer-pake, wie in soan fan Jelle Pieters Hamstra (1822-1896) en Wytske Hendriks Schievink (1819-1888). Dat pearke hie 7 bern, en fan dy bern wenje noch hiel wat Hamstra’s yn ‘e Ham en der bûten, lyk as neikommelingen fan Hendrik, Harm, Jelle, Maaike (Kornelis Zuidema).
Jelle wie in soan fan Pieter Wytzes Hamstra (1780-1827) en Janke Gerbens Brandsma (1787-1857). Dy hienen 5 bern.
En dizze Pieter wie in soan fan Wytze Sybes Hamstra (1737-1823) en Antje Sybes (1740-1826). Sy krigen 6 bern.
Wytze wie in soan fan Pyter Jans (1707-1768) en Jeltje Wytzes (1712-), en dy hienen 4 bern.
Pieter wie in soan fan Jan Andries en Wytske Ubels.
Fierder efterút wurdt it minder dúdlik. Al dat folk wenne yn ‘e Ham, en al dy Jelle’s wie soms wol wat ferwarrend, want it tilde fan dy namme yn ‘e Ham. Troch de ieuwen hinne binne der hûnderten Hamstra’s kommen en sy wenje no yn in protte lânnen. Ik ha it HAMSTRA-boekje omtrint klear. ‘ k Ha jierren oan dat folk wurke, en der wenje no mear bûten de Ham dan der yn.
Yn Canada is lytse Troy de nammedrager foar ien takke fan dizze grutte Hamster famylje. Hy wit dat no noch net. Miskyn letter wol. As ik him ris sjoch oer in jier of 10, dan hoopje’k it him út te lizzen. Miskyn! Oan’t in folgjende kear.
Jelle, in heale Hamstra, yn Canada.