Op myn skriuwburo leit al jierrenlang in moaie, dúdlike foto wêr't in grut gemingd koar op stiet. Ik tink dat it it Kristlike Sjongkoar 'Ta Gods Eare' is fan Surhústerfean fan krekt nei de oarloch, sa om-ende-by 1948. Ik kin der in foech hânfol minsken fan, by namme, mar dêr hâldt it ek mei op. Myn mem stiet der ek op, en Tinus Tjits, de frou fan Tinus de Haan, en Kobus Tiemersma, ús froegere buorman. En Martsje van Dellen dy't letter tsjinoer ús wenne oan de Lange Loane.
En ... Albert Riemersma, de man mei de tomme efter syn festje. Hy stiet der mar parmantich foar. Hy wie dus ek in sjonger en ik tink ek wol muzikaal. Wylst ik dy foto beseach moast ik tinke oan in oare Riemersma dy't omke tsjin dizze Albert sizze moat. Syn namme is Fred Riemersma, soan fan Durk Riemersma, broer fan Albert. Durk wie berne op Koartwâld, wenne letter op't Fean, ek yn Drachten en yn Harderwyk. Letter is dat gesin nei Kanada gien. Fred wennet yn Belleville en docht dêr ek omraak mei yn 'e muzyk. Hy is de 'songleader' yn de tsjerke wêr't ús dochter Wilma en har gesin ek hinne geane. Fred hat learaar west en is no ek al mei pensjoen gien. Hy is tige bekwaam yn de muzyk en yn it lieden fan syn sjonggroep. Hy kin der wat mei! En myn gedachten gienen ek nei in oare omkesizzer fan Albert, nammentlik Sip Kuipers út Drachten. Dy siet by my op 'e Kweek. Ek in hiele goeie muzykman. Hy hie ús klasse ek samar oant sjongen froeger.
No fertelde ien my lêstendeis dat de dochter fan Albert Riemersma ek tige mei it stokje swaaie kin en sels ek moaie koaren hat. Dan sit de muzyk seker yn it bloed fan de Riemersma's en ek fan it Kuipers folk.
Dy foto dy't ik neamde stiet yn 'e krante fan hjoed en miskien bin der wol minsken dy't famyljeleden herkenne, of mooglik sels noch libje. Lit my mar eefkes witte. In pear jier lyn fûnen wy tusken ús mem har spullen ek noch wat sjongstikjes dy't it koar doedestiids wol songen hat. It siet noch moai yn mem har map. Mear as fiifchtich jier letter. Milton, ús jongste soan, hat dy stikjes fan syn beppe wolris spile op ús piano.
Ik neamde niiskrekt Albert Riemersma. Dy hie froeger it bernewein fabryk op 't Fean. Myn heit wurke dêr doe yn 't pakhús, en myn broer Rinze siet dêr op 't kantoar. Dat wie yn 't âlde fabryk flak achter it naailokaal fan Jel en Dina Kuipers. Dêr wennen ek in pear skoal-kammeraten: Willem Veenstra en ek Oene Veenstra.
No in pear dingen oer de famylje Riemersma. Grietje Riemersma (1941-) is, tinkt my, dus de dame dy't koaren oant sjongen krije kin. Sy is troud mei Durk Dam (1940-), soan fan Lammert Dam (1914-1972) en Fetje Bouius (1920-). Lammert wurke froeger foar Bakkerij Schuilenga. Fetje is ien fan de grutte húshâlding fan Kornelis Bouius (1878-1967) en Bintje Weening(1888-1959)
Grietje is in dochter fan Albert Riemersma (1907-1978) en Bintje Kuipers (1903-1999) dochter fan Sipke Egberts Kuipers (1875-1944) en Grietje Simens Bergsma (1880-1961). Har suster Jeltje (1912-1997) dy't letter troud wie mei Doeke van Wieren, hie dat naailokaal tegearre mei har suster Dina. Albert wie in soan fan Sjouke Leenses Riemersma (1875-1938) en Gezien Veenstra (1875-1939). Dizze Sjouke wie froeger mei in lyts izer-winkeltsje begûn yn Koartwâld, flak neist it lytse winkeltsje fan Meint Dijkstra (1909-1959) en Ankje Bouius (1913-2000), ek in dochter fan dy selde Kornelis en Bintje.
De famylje Riemersma hat yn it ferline jierrenlang yn Grinslân wenne, mar Sjouke syn heit Leense Sjoukes Riemersma kaam oarspronklik ut Smellinger Pein, tink ik.
Dy Fred Riemersma, eins hiet hy Foppe, dy't yn Kanada wennet, is in soan fan Durk Riemersma (1919-) en Boukje de Jong. Hy fertelde my ek dat der Riemersma's yn Amearika sitte. Sa no en dan praat ik wol ris eefkes mei Fred.
Wy bin gjin famylje fan Grietje Riemersma, mar sy en ús skoandochter Rita Oosterheerd komme by mekoar yn Roel Lubbes van der Ley (1812-1865) en Alberdina Durks Hollander (1811-1892). 't Kin soms núver rinne.
Jelle yn Kanada