OP ZOEK NAAR ROOTS - 101


It hâldt mar net op. Der giet hast gjin wike foarby dat ik net ferbouwereard stean soms oer dingen dy't ik hear of útfyn. Wa hie no tinke kinnen dat Mertens en van Eik famylje fan mekoar wêze soenen. Ik gie froeger nei de Kristlike skoalle op 't Fean mei Dora, Wieke en Henk Mertens, en ek mei Trienke, Lamke en Jilt van Eik. Mar ik wist net dat dy allegearre famylje fan elkoar wienen. Hindrik van Eik wenne skean tsjinoer ús op 'e Warreboskloane, flakby de AVEK. Ik ha dêr wol gauris by him west yn it slachthok. It wie mar lyts, mar der barde in protte dêre. Ik kin no noch wol de waarme wazem en stank rûke fan de yngewanden fan hinnen en kninen dy't dêre oan toutsjes oan de solder hongen. Hindrik strûpte dy beesten en snie se dan iepen. 'k Stie der as jonkje faak op 'e noas-en-earen by. Jierren lyn, hjir yn Kanada, ha ik wol gauris slachthinnen hân, ik fuorre se goed, en as sy klear wienen, behannele ik se krekt sa't Hindrik van Eik dat die. Ik hie him de keunst goed ôf sjoen. Soks ferleare jo nea wer. Lamke fertelde my dat har heit ek wol ris in beste skok krige fan it elektrysk. Hy die dan fluch de learzen oan yn pleats fan kapklompen. Gjin wûnder dat der wolris stroom stie op it spul yn dat lytse gebouke mei al dat wetter op 'e flier en dan al dy wazem. Achter it hok yn 'e tún lei dan it ôffal, samar op in bult. En stjonke! Foaral yn 'e simmer. Wy hellen wolris 'maden of maitsen' der út om dy te brûken foar 't fiskjen. Sa'n stjonkerij mei no net mear, mar yn 'e oarlochstiid mocht dat wol, of it stuts net sa nau.

Dy slachte hinnen en kninen wurden dan yn Grins útsutele, tink ik.

Hindrik syn frou, Antje Stuut, is net âld wurden. Ik wit noch goed dat sy siik wie mei in bloedsykte en letter ek ferstoarn is. Myn mem gie der yn dy tiid wolris hinne. Antje is mar 30 jier âld wurden.

Dat wie net maklik foar de jonge heit mei syn 6 berntsjes. En dochs is it best gien mei de bern letter. Lamke fertelde my lêstendeis: 'Al hoe swier en muoilik wy it hân ha as gesin, dochs is it aardich goed gien mei ús as bern.' Sy wennet mei har man Anno Wiersma yn Rotterdam. Sy ha 5 famkes en Anno komt út Bûtenpost. Jilt, de âldste soan, hat timmerman west en wennet op 't Fean. Syn frou Koba Pander is fiere famylje fan my. Har mem wie Ynskje Wierds Kooistra (1912-1987) en wie troud mei Rones Pander (1910-1995). Trienke van Eik hat yn Cornjum wenne, en sy is mar 46 jier wurden. Har man hiet Reinder Boonstra, en sy hienen 2 famkes. Popke van Eik is slachter en wennet yn Bakkeveen. En dan wennet der ek noch in suster Jenny yn Drachten dy't in bar hat. In suster Arnoldina is mar 17 jier wurden. Jilt fertelde my fan 't maitiid noch dat hy froeger as jonkje troch Lippe de Haan sketten is mei in pylk. Wy wienen oan 't Yndiaantsje boartsjen mei pylk en bôge en dan dienen wy wol âlde skriuw-pintsjes yn dat stikje flearhout op 't ein fan de pylk. San pintsje hat Jilt yn 't hier krigen en net allinne yn 't hier fansels, it siet gâns djipper yn fel en bonke. De âlden fan de bern ha der hast noch oarloch om hân. Mar, ja, it wie oarlochstiid fansels, ek foar ús.

De famylje Mertens is letter nei Grinslân gien en ik wit hast neat oer dat gesin. De nammen Dora en Hindrik komme fan de Wouda-side, om't de mem Hinke Wouda wie, en sy wie troud mei Iko Mertens (1908-2000).

Jilt van Eik (1939-) is in soan fan Hindrik van Eik (1912-1982) en Antje Stuut (1916-1947). Sy wie in dochter fan Jenne Stuut (1890-1976) en Lamke Mertens (1896-1976). Dizze Lamke wie in folle suster fan Iko Mertens dy't troud wie mei Hinke Wouda (1910-), dochter fan Hindrik Feikes Wouda (1884-1956) en Theodora Teyes de Haan (1887-1969).

Hindrik van Eik wie in soan fan Jilt Popkes van Eik (1881-1971) en Trijntje Hendriks Pitstra (1890-1956). Dizze Jilt wie in soan fan Popke Jans van Eik (1843-1914) en Jantje Sjoerds Veenstra (1849-1925). Trijntje Pitstra wie in dochter fan Hindrik Rinzes Pitstra (1863-1933) en Wipkje Fokkes Alma (1867- 1961). Dy minsken hienen ek in dochter Geeske (1894-1993) dy't troud wie mei Teunis Hendriks Holthuis (1890-1967), de âlden fan Melle Holthuis dy't alles noch ôf fytst al is hy al 82! Dat dogge net folle him nei.

Jelle yn Kanada