OP ZOEK NAAR ROOTS - 102


'Hoe linker hoe flinker, hoe rechter hoe slechter.' Dat sei myn oantroude neef Rinse de Vries út Dokkum ris tsjin my doe't ik mei ferwûndering stie te sjen hoe handich en sekuer hy mei de ferfkwast omgie yn syn lofter hân. Ik sei:'Dat dochst mar knap mei dyn lofter hân, Dû bist de earste dy't ik sjoch dy't it sa docht.' Doe neamde hy dat sechje dat ik niiskrekt brûkte. Hy fertelde my doe dat hy it wolris tsjin in klasse mei gruttere bern sein hie doe't hy noch learaar wie. 'Dan hiest se ris hearre moatten', sei Rinse. 'Dan hiest it groat gear en kamen de tongen los!'

Ik moast oan dy wurden tinke, doe't ik de namme Oene Veenstra tsjin kaam earne yn myn stambeam spullen. Oene siet froeger by my yn de selde klasse op de Kristlike legere skoalle op 't Fean, en ik wit no noch wol dat hy rjochts skriuwe moast, mar hy smiet lofts en ... hy wie tûk! Hy koe ek omraak en presiis sjitte mei in kattepult, ek fan de loftse side fansels. As jo net better wisten, soenen jo sizze dat Oene út de stamme fan Benjamin kaam. Dy hienen ek in protte mannen dy't lofts wienen en 'stiennen slingerje koenen op in hier dat it nea mis wie'. (Rjochters 20:16)

It is eins eigenaardich dat wy sokke lytse dinkjes ûnthâlde fan mekoar. Ik leau net dat ik Oene oait wer sjoen ha, en dochs herkende ik syn stim fuortynienen doe't ik lêstendeis mei him praat ha oer de tillefoan. Hy wennet yn Boelensloane en is troud mei Hennie Laanstra, dy't eins by har pake en beppe Jan en Pytsje Zachtleven opgroeid is om't har mem hiel jong ferstoarn is. Har heit Rinse Laanstra is letter wer troud. Jan Zachtleven wenne op 'e Trije Roede neist slachter Dalstra. Tinus Jongsma sei ris tsjin my: 'Jan wie ús buorman en it wie in beste kearel en in hurde wurker.' Oene is ek al 'rêstend' fansels. Hy hat jierrenlang op 'e Avek wurke, en hy hat benei syn hiele trouwen ek koster west fan de Herfoarme Tsjerke op 'e Loane. Hy mei graach snoekbearsfiskje. Oene en Hennie ha ien dochter, Anneke (1957-) dy't troud is mei Bareld Dalstra (1950-) soan fan Durk Dalstra en Geertsje Witteveen, bekende Feanster nammen. Bareld en Anneke ha twa bern: Durk en Hennie. Fan beide ien. Dat is in rike man's winsk, seinen se froeger.

Oene (1933-) is de âldste soan fan Freerk Jetzes Veenstra (1882-1959). 'Lytse Freerk' seinen de minsken faak. Syn mem wie Anna Bakker (1908-1987). Dizze húshâlding wenne froeger by it âlde bernewein-fabryk fan Albert Riemersma, en krekt tsjinoer Oebele en Janke Veenstra, de âlden fan Willem Veenstra, ek in skoalkammeraat. Anna wie in dochter fan Oene Pieters Bakker (1884-1932) en Loltsje Wierds Kooistra (1886-1952), en dizze Loltsje wie famylje fan myn heit. Sa binne Oene en ik dus ek fiere famylje fan mekoar.

'Lytse Freerk' wie in soan fan Jetse Jans Veenstra (1853-1902) en Antsje Thysses Pettinga (1850-1896). Jetse hie in broer Siebe (1847-1913) dy't troud wie mei Elizabeth Oedzes Bos (1850-1932) en dizze minken hienen ek in soan Siebe (1884-1966) dy't troud wie mei Trientsje Gerrits Mulder (1894-1980). Dizze Siebe wie de man dy't sokke grouwélige snoeken oan 'e heak krige, sa grou, dat hy se mei gjin mooglikheid út it Knillisdjip lûke koe. Hy fertelde ús dan dat dy meunsters nei Gerkeskleaster moasten om te swaaien. Wy stienen mei ferwûndering nei Siebe Koning te lústerjen. Ik teminsten wol. Sokke kanjers! Wy leauden it ek noch (omtrint)! [ROOTS - 73] Dat snoekfiskjen mei wol yn it Veenstra bloed sitte want Oene kin it ek omraak.

De namme Zachtleven wurde froeger ek wol oars skreaun: Zachtleben of Sagtleben. Soe de namme út Dútslân komme? Sa fûn ik in foarheit fan dizze famylje: Hendrik Sagtleben (1777-) dy't troud wie mei Baukje Thomas Brouwer (1783-). Dizze Baukje hie in broer Jan (1785-1859) dy't troud wie mei Harmke Alberts Hollander, en harren soan Thomas Jan Brouwer (1818-1908) is de foarheit fan Rita Oosterheerd dy't mei ús soan Bill troud is. Rita har mem Joke Veenstra (1932-2000) wie in dochter fan Jan Johannes Veenstra (1904-1968) en Taltsje Jans Broersma (1906-) dy't ôfstammet fan Thomas Jans Brouwer. Famylje, famylje, eins binne we allegearre famylje fan mekoar.

Jelle yn Kanada