Yn Prediker 11 : 3 stiet, '...op it plak dêr't de beam falt, dêr bliuwt er lizzen'. No wit eltsenien wol dat dat slaan kin op in minske dy't komt te ferstjerren en dan neat mear feroarje kin. Mar ik tocht oan dy tekst doe't ik in ferhaal lêsde oer âlde Sjouke Riemersma en syn frou Gésien, dy't froeger yn Koartwâld wenne ha, tichteby it winkeltsje fan Mient en Ankje Dijkstra. Sjouke en Gésien hienen dêr in lytse izerwinkel wêr't se b.g. spikers, ark en oare izer-spullen ferkochten. No hienen sy in pear hege popelieren achter it hûs stean dy't der eins ôf moasten. Dêr hienen se Ytsen Ytsma út 'e Poes ûnder Surhuzum foar frege. Ytsen stie rûnom bekend as in beste beamkapper.
Krekt op in waskdei kaam Ytsma by Sjouke Riemersma it hiem op riden. Hy hie de bile flymskerp en alles wie klear. Frou Riemersma hie dy moarns al drok oan de wask west en it earste skjinne spul hong al moai op it wite linnenrak yn it gers achter hûs. En dêr stie Ytsma foar de doar. It soe wêze. Frou Riemersma neamde eefkes it rak mei al har hurde wurk der op en frege Ytsma of it rak miskien ek wat op in oar plak stean moast. Stiet it ek yn 'e wei? 'Nee, hjer, dat hoecht net want de beam komt dêr net te lizzen. Sit dêr mar net oer yn.'
En ...Ytsma begûn te kappen. Hy hie dat wol faker dien. Nei in skoft hurd wurkjen, kaam der al wat beweging yn 'e beam. Jo koenen it earste kreakjen al hearre. Mannen lyk as Ytsma koenen beammen hast stjûre en dat tocht hy ek fan dizze beam. Mar ...it gie wol mis! De beam begûn te fallen. Alles kreake en knapte, en as hie dy beam om it rak fan frou Riemersma socht, it koe net better. Hy kwakte presiis dwers oer it moaie rak hinne en naam alles mei yn 't gers en yn 'e modder, waskguod en rak en al! Alles lei yn pún fansels. Der sil ek wol rare wurden brûkt wêze. De beam lei wêr't hy fallen wie. Dy grap sil Ytsma ek wol wat sinten koste ha. Sa waar it noch djûr hout.
Dit ferhaal krige ik fan Wobbe Veenstra (1932-) út Surhuzum. Ik ha him al ris neamd yn in oar stukje yn Roots. Hy fertelde my fjirder dat de frou fan it linnenrak, Gésien, in suster wie fan syn pake Wobbe Veenstra (1878-1954) dy't troud wie mei Geesje van der Veen (1876-1964), en ek dat syn heit Albert Veenstra (1901-1950) in folle neef wie fan Albert Riemersma (1907-1978) dy't jierrenlang in izerwinkel op 't Fean hie, flak by de toer. Letter wie hy de eigner fan it bernewein fabryk. Wobbe fertelde ek noch dat it gesin fan Sjouke en Gésien ek in protte fertriet hân ha: sy hienen in ûnderwizer yn 'e kost dy't iepen t.b. bliek te hawwen. Ferskate fan de famkes fan Riemersma bin, dêrtroch miskien wol, jong ferstoarn: Lammina (1905-1924), Berendina (1903-1927), Frederika (1914-1930) en Fenna (1912-1930).
Wat sil dêr ek wat ôf gûld wêze yn dat gesin. Mar it wie ek bekend yn dy famylje dat dizze Riemersma famkes sa moai sjonge koenen. Dat hat Wobbe wol gauris heard fan syn âlden as dy dêr wol ris op besite kamen. Sy ha hjir op ierde mar hiel koart sjonge kinnen, mar sy sjonge no al in lang skoft boppe yn it himelske koar. Wy learden froeger in ferske dat dit sa moai fertolke: 'Daar boven juicht een grote schaar ...'
Wobbe syn suster Geesje (1927-) wie troud mei Willem Holthuis (1924-), broer fan Melle (1920-) út Harkema. It hâldt mar net op mei nije ferbannen en 'links'.
Noch eefkes wat oer Ytsen Boeles Ytsma (1870-1949). Hy wie troud mei Klaaske Willems Hoogsteen (1868-1950.
Ytsen wie in soan fan Boele Alles Ytsma (1823-1896) en Folkertje Sierks Bijma (1825-1909). Boele en Folkertje hienen beide earder troud west, hienen beide bern, trouden doe en krigen tegearre noch minstens seis bern. Beide wienen se al jong widdo en widner. Hy fan Rikstje Louwes Oosterhof (1820-1853) en sy fan Tjeerd de Vries (1822-1853).
Fertriet komt yn elk gesin, earder of letter, mar gelokkich jout de Heare ek mominten fan wille en nocht. Oars wie it ek net bêst yn dit 'triennedal'.
Klaaske Hoogsteen wie in dochter fan Willem Martens Hoogsteen (1827-1899) en Klaaske Wiebes Kootstra (1829-1903) Sa is't wer moai genôch.
Jelle yn Kanada