OP ZOEK NAAR ROOTS - 105


Wy learden froeger al hiel jong dat jo op snein net reedride mochten. 'Gjin sprake fan', seinen ús heit en mem, 'sokke dingen dogge wy troch de wike, mar nea op snein'. En dat namen wy oan en oer want dat wie no ienkear sa. Dêr wurde fjirder net mear oer praat.

Lêstendeis hearde ik in moai foarfaltsje dat my tinken die oan wat ús leard wie as bern. Earne yn Nederlân, yn in 'swierdere' hoeke fan it lân, hie it op in sneontenacht iisreind en it wie de oare moarns sjippeglêd op 'e diken. In heit, dy't aardich bûtenút wenne, soe mei syn bern nei tsjerke, stappende-wei lyk as altyd, mar jo koenen mar amper rjochtoerein stean bliuwe. En it wie gâns in ein nei tsjerke. Wat no? Op 't lêst sei de heit, 'Bern, pak de redens en wy ride hjoed nei tsjerke'. En eefkes letter dêr ried it hiele gesin moai nei tsjerke op de langste iisbaan dy't se oait sjoen hienen. Kostlik. Sa woenen de bern wol graach nei Gods hûs! Sy wienen noch krekt op tiid. It tsjerkefolk yn it doarp hie sa folle lêst net fan glêdens hân en seagen wol wat frjemd op dat dit gesin der op redens oan riden kaam. Nei tsjerktiid riden se wer op hûs oan. Der sil dy sneins wol goed oer harren praat wurden wêze. De oare deis wie alles wer gewoan op de diken, mar net yn de gemeente. De tsjerkerie hie al eefkes by mekoar west. Noch dy selde jûntiid kamen der twa âlderlingen op besite by it gesin dat op snein reedriden hie. De mannen fregen earst wat deistige fragen en seinen doe dat de heit en ek syn bern goed fout west wienen en wat se dien hienen mocht net wer fansels. It like eins nergens op. It wie 'werelds'. De heit siet rêstich te lústerjen nei dizze wize mannen en doe't dy útpraat wienen, sei dizze ienfâldige man wat hy der no eins fan tocht. Hy sei, 'Ik begryp it al hielendal net want ik tocht hieltyd dat wat wy no krekt dienen wat wy as bern al leard ha en ek wol gauris sjonge yn tsjerke, mei de wurden fan Psalm 138:1,

'Ik zal mij buigen op uw eis, naar uw paleis, het hof der hoven ...'

'En dêrom, broeders, tocht ik dat de Heare it wol goed fine soe dat wy ús bûgden op it iis dat Hy der sels sa moai dellein hie'. De man hie blykber net yn 'e gaten dat der wol wat ferskil is tusken 'eis' en 'ijs'. Of ... hy hâlde him mar wat oan de domme kant en woe it sa goed prate. Mar hy miende it goed.

Reedride! Wat wie dat eins skitterjend moai wurk. Myn âlden koenen ek tige ride en hienen it ús ek goed foardien. Ik sjoch inkeld noch wol ris nei myn pear lytse medaljes dy't ik krigen ha fan tochten dy't ik froeger wol riden ha yn Fryslân en ek ris yn Súd Hollân. Sa ha Gerke de Haan en ik al ris de 16-doarpentocht riden troch Opsterlân, Smellingerlân en Idaarderadiel. Wy binne dy deis ek yn Grou en Gerdyk west dat wit ik noch wol. Gerke wie in beste rider, ien mei lange, fêste streken. Wy ha op de selde mulo sitten yn Drachten en letter ek op de Kristlike kweekskoalle dêre. It wie yn dy kweekskoalle-tiid dat wy wat fan dy tochten riden ha.

Wa is Gerke eins? Hy hat ûnderwizer of learaar west yn Drachten oan de selde mulo wêr't hy earst as learling hinne gie jierren lyn. Gerke wie berne yn 1932 yn Rottefalle, oan de Fjouwer Roede, as soan fan Teije de Haan (1907-1988) en Fopje van der Veer (1913-1973). Teije wie in soan fan Gerke Folkerts de Haan (1866-1942) en Pietje Gerrits Kootstra (1867-1946). Dizze Gerke wie in soan fan Folkert Teijes de Haan (1826-1915) en Akke Idsges van der Ploeg (1834-1879). Fopje wie in dochter fan Willem van der Veer (1884-) en Brechtje van der Heide (1882-) dochter fan Foppe Minderts van der Heide (1847-1927) en Baukje de Haan (1850-1931). Willem wie in soan fan Kornelis van der Veer (1856-1942) en Antje Willems Weening (1864-1913) dochter fan Willem Eerdes Weening (1821-1887) en Taltsje Willems Hoogsteen (1824-1909). Ik ha al eefkes sjoen dat Harm Feitsma en Willem Kalsbeek ek oanslúte by dizze famyljes. En ... Gerke en syn frou Okje Oosterman wienen krektlyn yn desimber 45 jier troud. Okje komt ek út Rottefalle. Dêr skriuw ik letter wol ris wat oer. Want dat jout ek wer alderhande nije ferbannen. Mar dit is earst genôch sa. 'k Ha lêstendeis noch eefkes riden. It gie noch knap, mar it wol sa goed net mear as froeger. De measten fleagen my no foarby. It is wat as jo âlder wurde!

Jelle yn Kanada