OP ZOEK NAAR ROOTS - 107


Grêfstiennen fertelle ús bytiden in protte oer de persoan dy't dêr begroeven leit. Foaral froeger lieten guon minsken der fan alles op sette, soms wolris in ferske, of in tekst út de Bibel, en ek wolris in foarfaltsje út it libben fan de ferstoarne. Sa ha ik froeger wolris mei ferwûndering en ek mei nijsgjirrigens stien te sjen nei grêfstiennen op it tsjerkhôf by de Herfoarme tsjerke yn Droegeham. Ien stien fan in jonge frou en mem stiet my noch dúdlik foar de geast: 'door haar man verlaten' stie der op. Dat seit in protte! Dat sprekt boekdielen. Dan moat der wol hiel wat bard wêze, om soks op in stien te ferivigjen. Meastal steane der moaie dingen op en sa seach ik okkerdeis wat der stie op in grêfstien fan twa broers út Blauferlaat. Deka Miedema út Bûtenpost hat omtrint alle grêfstiennen in Achtkarspelen op papier en yn syn kompjûter, en dat helpt my behoarlik. Op de stien fan Jan en Petrus Penninga stiet: 'Hier rusten tot de dag der opstanding onze zeer geachte huisgenoten.' Huisgenoten? Dat bringt jo fuort oan it tinken. Ûnder de nammen fan dizze bruorren stean de nammen fan Pier en Grytsje van der Ploeg. En op de stien fan dizze Grytsje Veenstra stiet: '... aan onze geliefde vrouw en pleegmoeder' en op dy fan har man Pier stiet: 'mijn geliefde pleegvader'. En dêr ûnder stiet de namme fan in oare Grytsje Veenstra. Pleegmoeder en pleegvader? Wa binne dizze minsken en hoe sit dit eins yn mekoar? Hindrik de Haan út Stynsgea fertelde my hiel wat oer dizze minsken want hy hat as jonge wol foar Pier van der Ploeg wurke froeger. Dy twadde Grytsje Veenstra (1923-) is de dochter fan Johannes Andries Veenstra (1892-1973) en Aukje Jans Hut (1897-1951) dy't út Doezum kaam. Aukje, dy't in dochter wie fan Jan Heines Hut en Martje Bosma, hie net in sterke holle en is jierrenlang ferplege wurden yn in ynrjochting yn Súdlaren. Har lytse famke Grytsje wie ferneamd nei har tante Grytsje Veenstra. Lytse Grytsje is doe grut brocht troch har tante Grytsje, dy't froeger húshâldster wie by de bruorren Penninga, boeren op Blauferlaat. Doe't Jan en Petrus Penninga rintenierje woenen en nei Bûtenpost gienen te wenjen, kaam der earst in setboer op de pleats. Wylst sy yn Bûtenpost wennen, trof 'tante' Grytsje dêr in feint, Pier van der Ploeg, en yn 1937 binne sy troud ... en kamen doe op it spul fan de Penninga's. Jan en Petrus kamen doe ek wer op it âlde stee te wenjen en wurden fersoarge troch Pier en Grytsje. Pier en Gryt bin ûnderwylst ek al lang ferstoarn, mar harren pleechdochter Grytsje libbet noch.

Ik bin op dit spoar kaam om't ik in fraach krige fan in frou út de Gordyk oer de Veenstra's. Mar dat is in namme dy't in protte foarkomt. Sy socht om in Grytsje Veenstra, dy't in suster wêze moast fan har beppe. En dat is no oplost fansels. Ik ha it ferban fûn.

Wa is dy frou yn de Gordyk? Dat folget hjir no.

It famke Grytsje is dus in dochter fan Johannes Veenstra en Aukje Hut, dy't froeger yn de Surhúzumer Mieden wennen. Grytsje is grutbrocht troch har tante Gryt Veenstra (1893-1971) en har omke Pier van der Ploeg (1879-1993). Pier en Gryt hienen sels gjin bern. Johannes Veenstra en syn suster Grytsje Veenstra wienen bern fan Andries Johannes Veenstra (1865-1934) en Sybrigje Sybrens Tjoelker (1868-1948) ut de Mieden. No hienen Johannes en Grytsje noch mear broers en susters, lykas Wietske (1898-) dy't troud wie mei Heinze Reitsma (1897-). Dizze minsken hienen in soan Lieuwe (1925-) dy't troud wie mei Johanna van der Meer (1926-1989) út Ljouwert en dy ha in dochter Wietske (1953-) dy't yn de Gordyk wennet. En troch dizze Wietske of Wiesje kaam ik by de Penninga's terjochte. Oer dizze broers wol ik noch wolris wat mear skriuwe want dy sitte ek yn de famylje 'de Wit' troch harren mem Okje Petrus de Wit (1843-1902). Dy hie in broer Jan (1833-1913) dy't my by Louw Jelles Hoeksma(1917-1986) bringt en ek by Mattie Bruining op 't Fean. Mattie hat ek al hiel wat nammen yn har kompjûter. Ik ha froeger as jonge wol gauris te fiskjen west yn it Knillisdjip flak tsjinoer de Penninga's, sawat healwei tusken Blauferlaat en Gerkeskleaster. Doe tocht ik oan fisken, net oan minsken. De pleats is der net mear. Dy is ôfbrutsen en it lân is ferkocht oan oare boeren.

Jelle yn Kanada