Efteryn de frachtwein fan Hedzer van Houten út Droegeham lei allegearre guod dat hy dy deis nei Ljouwert bringe moast op syn wykse rit nei de stêd. Mar tusken al dat spul siet ek de húshâlding fan Marten en Antsje Kloetstra. In pear fan de jonges wienen ûnderdûkers dy't stikem meiriden op dizze Woansdei, 25 oktober, 1944, nei it Diakonessen Sikehûs yn Ljouwert. It wie hast net fertroud fanwegen de Dútsers dy't in auto of frachtwein sa mar oanhâlde koenen. Dochs gienen de Kloetstra's nei Ljouwert om foar it lêst harren soan en broer Eedze te sjen. Dy lei deasiik yn 't sikehûs en it like net sa goed. Sy ha dy middei allegearre Eedze noch eefkes sjoen...en letter op 'e jûn is hy ferstoarn. Hy wie noch mar 24 jier âld! Wat sil dêr ek wat triennen skriemd wêze troch syn âlden en syn broers en susters. Ôfskied nimmen en stjerren is nea maklik. Stjerren is foargoed de lêste fijân, seit it Grutte Boek mei koperen slotten, yn 1 Kor. 15:26.
Eedze hie de sneon dêrfoar nei de kapper west om him skeare te litten. Syn freon wurke dêr en hie him holpen. Hy woe kreas wêze foar de snein. ûnder it skearen wie in pûkeltsje op syn wang iepen rekke troch it flymskerpe skearmes. Soks barde wol mear. Mar dizze kear wie der wat mear mis. In baktearje miskien? Of smoargens oan it mes? Dy selde jûn fielde Eedze al net sa geweldich. Snein wie hy al knap siik en dat wurde geandewei minder. Bloed fergiftiging wie al drok dwaande syn freeslike wurk te dwaan. Dr. Mensingh út Twizel wist der gjin rie mear mei en Eedze rekke dy Tiisdei noch nei Ljouwert. En dêr is hy de oare dei ferstoarn. Dy jûns binne de mem en de bern mei Hedzer wer op hûs oan gien en as de Heare it net ferhoede hie wienen in pear fan de broers ek noch oppakt wurden troch de Dútsers. Hindrik, dy't 16 jier âld wie, en syn heit wienen yn Ljouwert bleaun by in freon om de saken mei Eedze fjirder te regeljen. Gelokkich hie de mem alle papieren yn 'e tas en joech de
Dútsers gau Hindrik syn persoansbewiis oan ien fan de âldere jonges, wylst dy oare weistoppe siet achter wat spullen yn de frachtwein. Sy kamen allegearre wer feilich yn Twizelerheide oan, mar net Eedze.
Dit hiele ferhaal begûn troch dat ik in mailtsje krige fan in dû. Ray Kloetstra yn Kanada, fia Roots. Ik krige ek aardich wat Kloetstra gegevens wêr't mar ien rigeltsje oer dy bloedfergiftiging fan Eedze yn stie. It ferhaal sels ha ik fan Eedze syn broer Hindrik krige oer de tillefoan. Hindrik rintenieret al jierren en hy is troud mei Rinskje Alma. Minsken, wat ha ik no sa mar ynienen in protte gegevens krigen en ek wer nije ferhalen. Dizze kear wol ik wat oer de Kloetstra's fertelle. De Alma's doch ik oer twa wiken wol. Hindrik en Rinskje wenje yn Bûtenpost en ha 2 bern: in soan en in dochter Sjoukje. Doe't harren soan berne wurde ha Hindrik en Rinskje beslùten om him net allinne nei pake Marten te neamen mar ek nei Hindrik syn broer Eedze. Doe't Hindrik oan syn heit en mem fertelde dat sy it jonkje Eedze Marten neamd hienen, sil der wol triennen fallen wêze yn Twizelerheide yn it âldershûs. Pake en beppe sille wol hiel bliid west ha mei dizze lytse Eedze, dy't hjoed-de-dei
bekend stiet by de minsken as Eddie, de polysjeman of resjersjeur út Bûtenpost. Syn suster Sjoukje is neamd nei dy oare beppe, Sjoukje Veenstra.
Hindrik is fan 1928 en Rinskje is fan 1930. Hindrik is in soan fan Marten Kloetstra (1888-1961) en Antsje Dijkstra (1891-1979) dy't in dochter wie fan Eedze Dijkstra (1864-) en Akke Jans Weistra (1866-1931). Marten wie in soan fan Sjouke Martens Kloetstra (1865-1947) en Baukje Kroes (1869-1950). Baukje wie in dochter fan Albert Kroes (1820-1887), de tredde man fan Antsje Teunissen fan Nijegea. Dizze Antsje hat ek in muoilik libben hân. Sy troude yn 1856 mei Kornelis Wilstra dy't dat selde jier noch kaam te ferstjerren. Sy krige nei syn dea in jonkje dat mar in pear moanne libbe hat. Yn 1857 troude se mei Tjeerd Kieviet en krige in soan Rein. Tjeerd ferstoar yn 1865. Yn 1866 troude Antsje mei Albert Kroes en krige twa bern by him: Hindrik en Baukje. Albert ferstoar yn 1875 en yn 1877 troude sy mei har fjirde man Sytze de Vries dy't yn 1887 stoar. De Kloetstra's wurden wolris 'kievieten' neamd. Kaam dat troch harren healbroer Rein Kieviet of wiene it sokke flugge en warbere mannen?
Jelle yn Kanada