OP ZOEK NAAR ROOTS - 109


Wat bin der al in protte skelnammen en bynammen brûkt wurden sa troch de ieuwen hinne. In bulte fan dy nammen wienen net sa slim miskien, mar der wienen ek guons by dy't net sa moai wienen. Eins joegen guon nammen de namme-dragers in protte pine. Ik ha ris in hiele rige fan dy skel- of bynammen sjoen dy't brûkt wurden yn de Westerein. Minsken, dêr stienen rare nammen by. Mar ek wol guons dy't fermaaklik wienen. As ik ris in bynamme brûk dan freegje ik de famylje yn 'e regel earst wat sy der fan tinke. As sy it leaver net brûkt sjogge, dan komt it net yn de krante.

Twa wiken lyn brûkte ik de namme 'kievieten' foar de Kloetstra's. Hindrik Kloetstra yn Bûtenpost hie der neat op tsjin sei hy. Hy lake der wat om. He sei: 'Sa koe eltsenien ús yn 'e Heide.' Doe't ik mei syn frou Rinskje prate, bliek dat der yn har famylje ek in pear fan dy bynammen brûkt wurden froeger. Har pake Jan Hendriks Veenstra stie by de minsken yn Houtigehage en omkriten bekend as 'Jan Lintsje' om't hy by de hûzen lâns gie mei in kofferke mei lintsjes en jern. En in oare man, in broer fan har pake út Harkema, stie rûnom bekend as Eerde Hut.

Rinskje Alma komt út Harkema en is in dochter fan Eise Alma en Sjoukje Veenstra. Rinskje fertelde my dat har heit jierrenlang by de ûntfangst wurke hie op it molkfabryk op 't Fean en ek waaimakker wie. It soe my dan ek neat ferwûnderje dat dizze Eise en myn heit wol ris tegearre yn 't span west ha op dat fabryk. Wa wit wie Eise der wol by doe't myn heit op in simmernacht yn 1942 fan 7 meter hichte achter it fabryk nei ûnderen keldere is en op in betonnen flier telâne kaam. Hy hat tiden yn it sikehûs lein yn Ljouwert. Rinskje ferhelle ek dat har mem Sjoukje Veenstra hiet en dat har mem in dochter wie fan Jan Veenstra en Hiltsje Bekkema. En doe't wy sa wat oan it praten wienen, sei Rinskje: 'Myn mem hat de lêste jierren fan har libben op 't Fean yn de Zonneweide wenne, yn ien fan dy bejaarden-hûskes.' Ik fertelde har dat myn tante Dora Schurer dêr ek wenne hie. Doe bliek dat dy beide dames mar in pear duorren fan mekoar ôf wennen en mekoar wol gauris opsochten.

Al pratende wei kaam de famylje Alma my helderder foar de geast. Rinskje neamde de iene Alma nei de oare: bygelyks Kei Alma, in omke fan har. Ik ha Kei goed kend. Hy wie troud mei Pieterke Weening en harren soan Fokke siet by my yn 'e klasse. Kei ried ris in kear by ús foar it hûs oan de Warreboskleane lâns yn de oarlochstiid op in fyts mei kússje bannen. Hy wie hastich want syn prûmtabak wie op en hy soe nei Hindrik van Eik om in nije foarrie. Hy rôp lûd en heftich tsjin myn heit dy't foar hûs stie en him frege wat de haast wie: 'Ik sil Hindrik van Eik ta om kouwtabak en as hy it net hat, stiet it der net bêst foar. Ik moat tabak ha!' De need wie seker hiel heech!

Der sitte ek fan dizze Alma's yn Kanada, lykas Anne Alma en syn frou Marijke. En Anne syn suster Rinskje en har man ek. Twa oare broers fan Kei en Eise, Taeke en Paulus, wienen mei twa Mozes famkes troud, mei Sytske en Grytsje. En doe kaam it praat ek op Eerde Alma, har âld-omke,dy't ik better koe as Eerde Hut. Ik sjoch him noch dúdlik foar my doe't hy ris in kear by ús Kristlike skoalle op it Fean lâns kaam te nijjier-roppen, al gâns in ein yn it nije jier. It wie hast simmer. Dat makke gjin ferskil foar Eerde. Hy gie fan doarp nei doarp en skarrele sa wat sinten op. Hy koe hiel hurd stappe en rinne, en wurde ek wol ris pleage, tink ik.

Rinskje (1930-) is dus in dochter fan Eise Alma (1902-1975) en Sjoukje Veenstra (1906-2002). Sjoukje wie in dochter fan Jan Veenstra (1855-1922) en Hiltsje Bekkema (1866-1949), dochter fan Harm Bekkema (1838-1904) en Aukje Hendriks Loonstra (1839-1920). Jan Veenstra wie in soan fan Hindrik Jans Veenstra (1829-1893) en Wilhelmina Franzes Postmus (1834-1920).

No noch eefkes nei de Alma's. Eise wie in soan fan Fokke Alma (1875-1960) en Renskje Kamminga (1875-1933), dy't in dochter wie fan Eise Wybes Kamminga (1852-1923) en Ytje Gerrits Bos (1851-1917). Fokke Alma wie in soan fan Albert Alma (1839-1926) en Tetje Paulusma (1843-1926). En ... Eerde Hut wie ek in soan fan dizze Albert en Tetje. Sa earst mar wer.

Jelle yn Kanada