OP ZOEK NAAR ROOTS - 11


'k Bin rût mâl mei myn lytse wyte mûs flak neist myn computer. Een pear tikjes op syn kop en ik hip samar fen út Canada oer de grutte dobbe en begjin te sneupen nei gegevens yn't Argyf yn Ljouwert.

As bygelyks Edsger Boorsma(b.1930) út Winnipeg, Manitoba, yn Canada my freget oft ik ek wyt wannear't syn pake Edsger Joukes Boorsma ferstoarn is, dan kin ik gau efkes mei behelp fen 'e mûs nei Ljouwert gean nei't Argyf, en krij dêr samar de folle namme, syn âldens, syn troudei, syn âlden, ensf. fen de pake fan Edsger. It is gewoan een wûnder!

Wat froeger wiken naam, is no een kwestje fen een pear sekonden.

Sa kin immen syn hiele stambeam rûchwei opsette sûnder ien stap út 'e hûs te dwaen. Forskate gemeenten fen Fryslân ha no alle gegevens foar houliken (1812-1920) en alle stjerten (1812-1942) op it internet. Op 'en dûr sille de berte gegevens el wol beskikber makke wurde.
Ik ha myn namme op een web-site 'Gastboek Friesland' stean en dêr troch krij ik no fragen fen forskate plakken oer de hiele wrâld. De Friesen sitte oeral!

Sa bin ik ek yn kontakt kaam mei Sam yn Californië, en ek mei Edsger Boorsma. Syn famylje komt oarspronklik ek út Surhúzum. Syn heit Jouke Edsger Boorsma (1904-1992) wie dêr froeger smid. Ed fertelde my dat hy as jonge wol mei fekânsje op't Fean kaam by syn omkes Louw Veerman en Jurjen de Vries. No ha ik dy beide famyljes hiel gûd kent want dy wennen letter beide yn Cornwall, Ontario, een heal ûrke riden by ús wei. Een soan fen Louw, Heine Veerman wie ûnderwizer by my oan de Kristlike Skoalle by ús yn Williamsburg wêr't ik haed wie. Heine en syn frou Hennie Heidinga geane by ús nei tsjerke. Omt ik de hiele Veerman-famylje yn 'e computer ha, koe'k Edsger moai helpe en bliid meitsje mei syn stambeamke. Ed is troud mei Eke van Kalsbeek. Sy wie berne yn Heerlen, mar har heit kaam út Oldeboarn. Har hiele famylje wurd neamd yn it Kalsbeek stambeam boek.

Fen Sam Mozes krige ik ek de namme Johan Wobbes út Grins, dy't yn Amsterdam wurket as keunstskilder en argivarus by C&A. Johan en ik komme by mekoar yn de Nicolai famylje. It hâldt mar net. De keppel wurdt by de dei machticher.

Een skoftsje lyn ha ik kontakt krige mei dizze Johan en no blykt dat hy famylje is fen Anne Wobbes út Jarvis, Ontario, wêr't ik froeger ûnderwizer wie, en ik ha een famke fen Anne yn 'e klasse hân, nammentlik Shirley Wobbes. Dizze Anne Wobbes is troud mei Minke Bergsma en sy kaemen yn 1947 al yn Canada oan. Hy hat ek fiere famylje op 'e Skieding. Dat is Hidde Wobbes, dy't troud is mei Petra (Pietje) Drost. Harren soan Sies is een jier of wat lyn stoarn oan kanker (1993). Hy is rûm foart gien. Mar it bliuwt hurd om bern ôf te stean.

Johan Wobbes fertelde my noch fia de e-mail det it liviche Wobbes-boek yn it jier 2000 útkomt.

Petra Drost is een dogter fen Geert Drost (1920-1994) en Tina Heemstra (b.1923), en dy Geert is een soan fen Ytzen Geerts Drost (1885-1966) en Pietje Veenstra (1886-1969). Ytzen wie een soan fen Geert Drost (1846-1896) en Hiske Johannes Kramer (1844-1903), myn âld-muoike, Hiske-muoi sa't ús famylje har neamde. Sy wie een suster fen myn oer-beppe Aaltje Johannes Kramer (1845-1928), troud mei Pieter Jelles Hamstra (1849-1888), postboade yn 'e Ham. Dus: ek al wer famylje.

Myn adres/E-mail-adres/tel/fax-nûmer binne by De Feanster te krijen.

Jelle yn Canada