OP ZOEK NAAR ROOTS - 110


"Arjen Fertelt..." Jierren lyn stie der wol gauris in stukje yn in rubryk ûnder dizze titel yn de Feanster, is my ferteld wurden. Ik ha dat sels nea sjoen om't wy yn Kanada wenje, mar der sil noch wol lêzers wêze dy't dat noch wol witte.

Arjen wie eins Arjen Bonnema út Harkema. Hy koe blykber smout fertelle oer froeger en syn ferhalen kamen net allinne yn de Feanster krante, mar stean ek wol yn in pear boeken. De bekende Fryske skriuwer Ype Poortinga (1910-1985) liet Arjen wol gauris in staaltsje oer froeger fertelle op in bantsje en dan skreau hy dat letter yn knap Frysk yn syn boeken, lyk as 'It Fleanende Skip' en 'De Ring fan it Ljocht'.

Dit hearde ik okkerdeis allegearre fan in dochter fan Arjen, nammentlik fan Grytsje Bonnema dy't troud is mei Jan van der Veen. Dizze minsken wenje yn Harkema, net iens sa fier fan it hûs fan Diktus Kooistra ôf, dy't krekt foar de Krystdagen ferstoarn is. Ik bin wolris by Diktus west yn syn smûke keamer mei al dy moaie klokken.

Sa hearde ik ek dat dizze Jan in broer Paulus hân hat dy't mar krekt 21 jier wurden is. Hy wie berne yn 1923 en hie as jongfeint ferkearing mei in famke út Boelensloane. Dat wie yn 'e oarlochstiid. Op in kear doe't hy stikem by syn faam wie, yn it hûs fan har âlden, hat de iene of oare skarlún him ferrêden en wurde Paulus dyselde nachts noch oppakt. Earst is hy nei Amersfoort transportearre wurden en letter nei Dútslân wêr't hy ferstoarn is yn in konsintraasje kamp. Wat in ellinde en pine foar Paulus, foar syn faam, foar syn âlden en foar de hiele famylje. En dat troch ien ferrieder! Wat hat de sûnde alles dochs freeslik bot bedoarn. Wat sil dêr ek in triennen skriemd wêze! 'k Moat der net oan tinke. Dat dochs alle minsken ealer wêze mochten.

Dit hiele relaas begûn eins omdat Grytsje Bouius út Stynsgea my in pear fragen frege oer de Bouius famylje. Sy is in beppesizzer fan Grytsje Bonnema. Om't ik al ris wat skreaun ha oer de famylje Bouius, lit ik dat dizze kear mar gewurde. Yn pleats dêrfan wol ik wat dingen trochjaan oer har mem har side fan de famylje want dêr kom ik ferskate bekende nammen tsjin.

Grytsje (1973-) fertelde my dat sy sike-fersoarchster is en dat sy wurket yn Talma/Sionsberg yn Feanwâlden. Sy hat ek al ris in pear kear yn Kanada west by famylje en ek by in freondinne, Ynskje Buruma, dy't troud is mei Pieter Kamminga. soan fan Albert Pieters Kamminga (1927-) fan de Tille en Jantsje Oebeles Vries (1931-) út Droegeham. Pieter en Ynskje wenje yn Brantford, Ontario, wêr't ik sân jier haad west bin fan in Kristlike Skoalle. Ynskje (1973-) is berne op it Fean en is in dochter fan Melle Buruma en Grytsje de Vries.

Grytsje Bouius is in dochter fan Pieter Frans Bouius (1943-) en Wipkje van der Veen (1950-), dochter fan Jan van der Veen (1925-) en Grytsje Henderina Bonnema (1927-). Jan is in soan fan Wopke Siebes van der Veen (1884-1984) en Wipkje Alma (1887-1972). Grytsje Bonnema is in dochter fan Arjen Adams Bonnema (1887-1977) en Sjoukje van der Tuin (1888-1975), dochter fan Hindrik Eerdes van der Tuin (1852-1921) en Joukje Abrahams Elzinga (1852-1928). Arjen wie in soan fan Adam Arjens Bonnema (1864-1954) en Jeltsje Durks van der Velde (1863-1934) dy't jierrenlang yn Grinzer Pein wenne ha. Oer dizze famylje kin ik wol mear skriuwe want Adam Pietens, Jeltje Bruinsma-Bonnema, en û.o. Pier de Boer, soan fan Sas de Boer, de skuonmakker út Stynsgea, binne allegearre besibbe oan dizze famylje.

By Arjen en Sjoukje wienen hiel wat bern: twa dêrfan trouden mei twa broers út Harkema, nammentlik Jeltje (1915-) troude mei Koop Kooistra (1913-1993) en har suster Eke (1923-1996) troude mei Siemen Kooistra (1922-1962), soannen fan Wierd Jans Kooistra (1887-1970) en Grytsje Koops Elzinga (1887-1960).

En dat wie fiere famylje fan myn heit!

Johanna (1931-) de jongste dochter fan Arjen en Sjoukje, is troud mei Jacob Pander (1932-) dy't ek Kooistra-bloed yn syn ieren hat. Japik syn mem is Ynskje Kooistra (1912-1987) in suster fan Koop en Siemen. En Japik syn suster Coba is troud mei Jilt van Eik, ús froegere buorman op 'e Warreboskleane.

Sa kin it dizze kear wol wer.

Jelle yn Kanada