Ik ha ris in preek heard oer in tekst út de Bibel dy't sei dat wy eins 'in brief fan Jezus wêze moatte'. Dat is al hiel wat jierren lyn dat in sekere dû. P. op den Velde dêr oer preke. En no lêsde ik lêstendeis dyselde útdrukking op de grêfstien fan in âld timmerman út Droegeham. Dêr stie op syn stien 'Door zijn kinderlijk geloof was hij een leesbare brief van Christus.' Dy stien stie op it grêf fan Klaas de Jong (1860-1923) út Droegeham. Dat spruts my bot oan. Dat is in moai getugenis oer dy man. As der op elke stien ris wat stean moast, wat soe der op uzes komme te stean?
Klaas wie de heit fan de man dy't as jongfeint graach wat fiten úthelje mocht yn 'e Ham en omkriten. Ik ha dêr lêstendeis al ris wat oer ferteld. En no tocht ik dizze kear noch in pear staaltsjes oer Bauke de Jong (1904-1951) oan de lêzers te fertellen.
Der kaam in nije tsjinstfaam yn de pastorij fan Dû. Bergsma yn 'e Ham. In kreas jong frommis wie't en Bauke seach dat ek wol. It wurde al gau wat skarreljen en op in kear sei Bauke: 'As dûmny op in dei fuort is, kom ik eefkes oan. Set dan in reade geranium foar't finster'. En dat barde al gau-achtich. Bauke seach de reade blom foar it rút, en gie der hinne om syn eigen moaie blom eefkes te sjen. Hy liet de klompen by de foardoar stean en gie nei Jeltsje ta. Mar ...dûmny hie him betocht seker en kaam folle earder wer thús en seach Bauke syn klompen. Doe't hy yn 'e hûs kaam fleach Bauke nei it achterhûs en gie gau yn it brânhout-hok en kroep doe fluch yn in grutte bak mei in lid der op dy't dêr stie. En mar wachtsje op Jeltsje. Mar dy kaam net. It duorre ûren! Op 't lêst wie it jûntiid en tiid om op bêd te gean. Dûmny sei, 'Ik sil noch eefkes yn 't achterhûs sjen.' Hy gie nei de grutte bak en sei, 'Kom der no mar út, Bauke, ik hie dyn klompen wol sjoen en wist dus datst
earne yn 'e hûs wiest.' Sa siet de skoech dus in kear oan de oare foet en hie in oar Bauke te fiter. Hy soe de deis syn slach slaan, mar fûn út dat net elke slach in boppeslach is!
Doe't Bauke letter troud wie mei syn Jeltsje wie der ris skoallefeest yn 'e Ham. Jeltsje woe der hinne mei noch twa freondinnen of buorfrouwen. Sy fytsten nei it feestterrein ta. De trije mannen bleaunen leaver thús. Doe't de froulju letter nei hûs soenen om iten klear te meitsjen koene se de fytsen nearne fine. Alles wurde ôfsocht. Op't lêst nei hûs, kamen fiersto let thús fansels, doe it ferhaal fertelle, de mannen heislike lilk, ensf. De oare deis gienen de froulju noch wer ris nei it terrein om te sjen en ... wonder boppe wonder dêr stiene de fytsen presiis op it selde plak wêr't se dy juster del set hiene. Se wiene ôfgryslike bliid fansels, mar koene der net rjocht by dat se de fytsen de deis fan tefoaren net sjoen hiene. Ik wit net as de mannen ea sein ha wa't de wiere dieders wiene. Miskien hiene de dames it wol yn 'e gaten. Jeltsje koe har Bauke wol!
Ik neamde niiskrekt dû. Bergsma. Jierren lyn ha ik yn Kanada mei in ûnderwizer wurke dy't in pakesizzer wie fan dizze dûmny. Syn namme wie Thomas Bergsma.
No noch eefkes werom nei Bauke de Jong en Jeltsje Swart (1907-1982). Jeltsje kaam út Wanswerd. Bauke wie in soan fan Klaas de Jong (1860-1923) en Tryntsje Henstra (1871-1962) en sy wie in dochter fan Rintsje Henstra en Betske van der Haak út Westergeast. Klaas wie in soan fan Akke Klazes de Jong (1837-1914). Sy hie ek in broer Linze de Jong (1833-1888) dy't troud wie mei Antsje Gjalts Overzet (1843-1887). Dizze minsken hienen in dochter Minke (1864-1937) dy't troud wie mei Jelle Johannes van der Meer (1856-1934) dy't yn Houtigehage wenne hat. Syn soan Johannes van der Meer (1897-1967) wie troud mei Lieske Eelzes Folkertsma (1900-1988) en harren soan Jelle siet by my op de Mulo en letter ek op de kweekskoalle yn Drachten. Bauke de Jong hie in broer Rintsje de Jong (1913-1965) en dy wie troud mei Tryntsje Postmus (1912-1997), dochter fan Marten Postmus (1874-1951) en Froukje Hoekstra (1875-1951). In soan fan Rintsje en Tryn, Klaas de Jong, is troud mei Mettje Laanstra dy't út it
grutte gesin fan Jan Laanstra (1902-1970) en Ettje van Manen (1907-1995) komt. Mei de kompjûter kinne jo in protte sydpaadsjes yn.
Jelle yn Kanada