Okkerdeis hiene wy besikers fan fierrens by ús yn tsjerke. It bliek dat se út Blenheim yn Ontario kamen. Dat leit wol 700 kilometer by ús wei. It die al gau bliken dat it in harkkommisje wie dy't ús dûmny belústerje woenen dy sneins. Nei de tsjinst stiene wy allegearre te kofjedrinken yn 'e seal en doe kaam ien fan harren, in âldere man, op my ôf om my wat te freegjen oer ús dûmny. Ien hie him al gau ferteld dat ik foarsitter wie fan de tsjerkerie. Ik moast in bytsje glimkje want myn tinzen giene gau eefkes nei in Frysk boek dat skreaun is troch Paulus Akkerman, nammentlik 'Ek Mar Minsken'. Yn dat boek beskriuwt Akkerman op in kostlike manear it wurk fan in harkkommisje dy't troch hiel Nederlân reizge on dûmny's te beharkjen. Hy ferhellet hiel wat aardige staaltsjes dy't de mannen sa al mei meitsje. Akkerman beskriuwt dat hiel moai en ek hiel wier.
Myn besiker fûstke mei my en doe neamde hy syn namme: Ed van der Veen. Hy fertelde yn't Ingelsk dat hy âlderling wie yn de tsjerke fan Blenheim, en sei doe ek wêrom hy dizze snein by ús yn tsjerke wie. It wie aardich drok yn de grutte seal en it wie in leven fan komsa. Ik naam him mei in bytsje fansiden en frege him doe hoe lang hy yn Kanada wenne hie en ek wêr't hy wei kaam yn Nederlân. Syn antwurd wie: "Ik bin hjir kaam yn 1947 en ik kom út Harkema." Doe ha wy earst mar in skoftke praat oer Harkema en oer wa't syn âlden wienen en oer syn fierdere famylje. Syn namme wie eins Eerde van der Veen (1927-). Hy hat jierren lang bus sjauffeur west. Hy fertelde my ek dat syn mem Sjoukje Land (1899-) wie. En doe wist ik fuort-en-dalik dat ik al ris in stukje oer syn omke skreaun ha dy't yn de earste winter doe hy yn Kanada wie, omkaam is troch in oaljekachel dy't ûntplofte. Dy omke wie Eerde Weening (1916-1954).
Nei dizze ferhalen ha wy it ek noch eefkes oer ús dûmny hân. Wy ha dat earlik en iepen bepraat. Ik moast tinke oan Akkerman dy't ús fertelt dat net allinne dûmny's mar minsken binne, mar wy sels ek! Dat moatte wy goed ûnthâlde.
Mar no komt it ferfolch. In pear wiken letter krige ik in mailtsje fan in man út Brits Columbia. Hy hie myn website fûn en woe my eefkes fertelle dat hy ek wat ROOTS stukjes tastjoerd krigen hie. Syn namme wie Jetze van der Veen (1931-). Jess sizze se hjir yn Kanada. En no blykt dat hy in broer is fan de âlderling dy't by ús yn tsjerke wie dy sneins. Wat is de wrâld dan mar lyts. En sa trof ik dus dizze beide broers, ien persoanlik, de oare fia it internet. De iene wist fan de oare net ôf.
Jetze fertelde my ek dat der in stambeam fan de famylje van der Veen te finen is op it internet. Dat holp my ek wer wat fjirder mei dizze famylje fansels.
Eerde en Jetze binne soannen fan Klaas van der Veen (1901-1981) en Sjoukje Land (1899-1946). Dizze Sjoukje wie in dochter fan Hindrik Land (1856-1932) en Lolkje Johannes Zuidersma (1863-1946). Klaas wie in soan fan Filippus van der Veen (1873-) en Wipke Weening (1874-1950).
No fûn ik ek út dat Eerde Weening troud wie mei Aukje van der Veen (1917-) en dat dizze Aukje in suster wie fan Klaas van der Veen, de heit fan Eerde en Jetze. Eerde Weening wie in soan fan Waatze Weening (1880-1928) en Sjoerdsje van der Meer (1886-1949). Waatze en Sjoerdsje hienen ek in dochter Teikje (1905-1990) dy't troud wie mei Harm Oosterman (1903-1990). En no kom ik by nammen fan minsken dy't ik hiel goed kend ha, nammentlik Libbe Oosterman (1932-1975). Libbe wie troud mei Geke van Wieren (1932-) dochter fan kapper Doeke van Wieren (1907-1997) en Elizabeth Boekholt (1906-1950). Libbe hat in suster Okje (1934-) dy't troud is mei Gerke de Haan. Libbe en Gerke sieten mei my op de Kristlike Mulo yn Drachten en letter ek op de Kristlike Kweekskoalle yn Drachten.
Gerke en ik ha wol tochten riden yn de winter fan 1954. Minsken wat koe dy Gerke best reedride! Hy en noch in protsje oare ûnderwizers soenen dizze kommende septimber hjir komme foar in reuny fan ús kweekskoalle klasse, mar de plannen binne earst wer útsteld wurden.
Jelle yn Kanada