Myn âlden ha ús altyd foarhâlden dat wurk gjin skande is en dat sûne jonges bêst oant wurk kinne en moatte. En ...dan net de kantsjes der wat ôfrinne, nee, as it kin foarop en goed jim bêst dwaan! Om koart te gean: kloek wêze!
Doe't ik op de kweekskoalle siet yn it begjin fan de fyftiger jierren, ha ik in simmer op 'e Grinzer klaai wurke. Dat kaam der op oan! Myn pake hie dat froeger ek dien, jierren lang, en no mocht ik it ek ris dwaan. Wy wennen op 't Fean, op it hoekje fan de Langeloanne en de Achterwei. Elke moarn, ier en betiid, fytste ik oer Surhuzum en Gerkeskleaster, nei Grijpskerk ta, en dan ôf swaaie nei Kommersyl. Dêr kamen de iverige wurkers, oeral wei, by mekoar en dan gienen we mei de ploechbaas fan de iene buorkerij nei de oare. We moasten de earste wiken it lof fan de ierpels lûke. Dan krûpen we op 'e knibbels, tusken twa rigen, leinen de iene hân op de grûn en beskermen de ierappelplant tusken tomme en finger, en ropten dan mei de oare hân it lof der ôf. Nei in dei of wat die jo de pols danich sear fan it fûle skuorren. Letter moasten we weitskeaven yn hokken of stûken sette, en noch letter flaakslûke. It wie allegearre net fan it lichtste wurk, mar wy wienen jong en sterk, en ..
it betelle aardich goed. Wy krigen soms by de meter, en soms ek wol by de are of bunder betelle. Dy iene boer dêr hiene wy it net rjocht op stean. Dy man stapte de lingte fan syn fjild by de lande rigen ierpels lâns en naam fan dy ûnbidige grutte stappen. Ik tocht soms dat dy man syn krús sa wol opskuorre koe. Dat wienen tredden dy't gâns langer wienen as in meter. 'k Ha letter wol faak ris tocht dat dat eins mar gemien wie. Mar as jonges doarsten wy der neat fan te sizzen fansels út frees dat we dan neat betelle krije soenen. Dochs ha ik dy hiele simmer mei niget dêr wurke op 'e klaai. Mar wat wie it in ein fytsen, elke dei mar wer. It waarme iten smakke jûns dan ek prima!
Dit ferhaal kaam my yn 't sin doe't ik in mailtsje krige fan in sekere Hans Zijlstra út Amsterdam. Hy fertelde my dat hy myn website fûn hie en dêr lêzen hie dat ik Franken's yn myn famylje hie. Ek dat ik skreaun hie dat by ús dy namme útstoarn wie. Hy sei dat de namme noch wol bestiet, mar faak skreaun wurdt as Frankes. En doe lei hy út dat syn foargeslacht útkomt by dat fan ús, by Kornelis Arjens Franken (1806-1887) en syn frou Sjoukje Sierks Walstra (1799-1882).
Hans fertelde dat syn beppe Trijntje Frankes (1889-1972) in bernsbern wie fan Evert Douwes Frankes (1827-1874), dy't in soan wie fan Douwe Arjens Franken (1796-1862) en Boukje van der Werk (1795-1869). Hy fertelde my doe ek dat syn beppe Trijntje Frankes en syn pake Anne Zijlstra yn Kommersyl wenne hienen wêr't wy froeger by mekoar kamen as ploech fan jonge wrotters.
Hans en ik binne dus fiere famylje. En ek in sekere Jan Frankes út Grins dy't al jierren lang drok dwaande is dizze Franken/Frankes famyljes út te sykjen.
Mar dit ferhaal is noch net út. Der binne mear dy't sykje om Franken. Ik krige ek in e-mail fan in dame út Hilversum dy't my frege oft Aaltje Baukes Haarsma (1836-1895) en Arjen Kornelis Franken (1831-1898) ek in neiteam krigen hienen.
Mar wa wie dy dame? Dat wie in sekere Janny Haarsma (1960-) dochter fan Andries Haarsma (1926-1984) en Geertruida Rietveld. Andries wie in soan fan Sytze Haarsma (1889-) en Tietje Andries van der Tuin (1892-), dochter fan Andries Hendriks van der Tuin (1861-) en Wipkje Jans de Haan (1861-1932). Dizze minsken wennen froeger op 't Fean. Wipkje troude letter mei Sake Hofstede (1868-). Sytze Haarsma wie in soan fan Bauke Haarsma (1862-1944) en Johanna Wierds Kooistra (1862-1938), dochter fan Wierd Klazes Kooistra (1816-1883) en Berendje van der Heide (1818-1899). En ....dat is allegearre famylje fan ús. Bauke wie in soan fan Sytske Haarsma (1831-) dochter fan Bauke Jans Haarsma (1796-1846) en Antje Martens Zuidersma (1805-1858). Sytske hie in suster Aaltje (1836-1895) dy't troude op 15 maaie 1874 yn Bûtenpost mei Arjen Kornelis Franken (1831-1898), soan fan Kornelis Arjen Franken en Sjoukje Sierks Walstra.
En sa binne Hans, Janny, Jaap, en ik dus allegearre in bytsje famylje fan mekoar fia de Franken/Frankes. Oft Arjen en Aaltsje bern hiene wit ik net seker. Ik tink fan net.
Jelle yn Kanada