It foel my op yn it ferslach yn de FEANSTER oer it 75 jierrich skoalfeest fan de Kristlike Skoalle op it Fean dat in pear âld-learlingen fertelden dat se elke Moandeitemoarn in psalm ferske opsizze moasten. Ik moast dat ek dwaan en ik bin hjoed-de-dei noch bliid dat ik sa folle psalmen leare moast. No, sa'n 60 jier letter en al 47 jier yn Kanada, kin ik noch in protte fan dy prachtige psalmen út 'e holle. Faak ûnder it wurk, of ûnder it reizgjen yn de auto of truck, komme se samar yn myn tinzen en dan sjong ik se samar op nij. Sy rûgelje der samar út.
Dy ferskes ha wy mei krigen foar ús hiele libben!
Lêstendeis krige ik in mailtsje fan in man út Grins. Hy fertelde dat syn beppe lêze noch skriuwe koe froeger, mar ... de hiele famylje wist dat dizze leave beppe omtrint alle psalmen út 'e holle sjonge koe. Wat is dat in moaie
herinnering oan dy âlde beppe, tink ik wolris. Hoe sille ús bernsbern ús letter herinnerje?
Ik hie dit foarjier it grutte foarrjocht om oan ús âldste bernsbern Megan Kooistra - sy is benei 18 - belidenis kategisaasje te jaan. Wikenlang kaam se in oerke by har 'grandpa' op besite. Dat wie wol in grut feest foar my en ik ha sels ek wer wat leard fan de fragen en de besprekkingen dy't wy tegearre hienen. Sy fûn it ek hiel moai en sil dat ek wol nea wer ferjitte.
Dy beppe dy't ik niiskrekt neamde en beskreau wie Aukje Sytzes van der Valle út Droegeham. Sy wie troud mei Jan Kooistra, en dizze minsken krigen âlve bern. Ien fan dy bern wie Wieger Kooistra dy't troude mei in Dúts famke. In soan fan dizze minsken is Arthur Kooistra dy't yn Grins wennet en by it KPN wurket.
No blykt dat dizze famylje Kooistra ferskate kearen besibbe is oan ús famylje, foaral fia de Kramer en Hamstra famyljes, neffens Tinus Jongsma.
Ik koe Arthur moai helpe mei wat gegevens en Tinus kaam der ek noch by te pas om't Arthur ek in 'âld-beppe' hie dy't Ytje Jongsma hiet, dy't wer famylje wie fan Tinus, tink ik.
Arthur is berne yn Assen yn 1946 en is troud mei Boukje Folkers.
Hy is in soan fan Wieger Kooistra (1915-1993) dy't yn Jistrum berne is. Dizze Wieger wie in soan fan Jan Kooistra, dy't de bynamme 'Jan Stokje' hie. Froeger hie myn heit it wol ris oer in Jan Stokje dy't wylde fûgeltsjes fong mei in stok mei wat hunnich of lym der oan, leau ik. Dy sjongfûgeltsjes wurden dan letter ferkocht, tink ik. No blykt dat Jan Stokje de pake fan Arthur wie. Dizze Jan Stokje hie ek in poeliers bedriuw en levere hinnen en kninen oan winkels yn de stêd. Arthur skreau: "Mijn vader Wieger ving in zijn jonge jaren putters en sijzen met lijmstokken en netten. Hij moest tijdens de oorlog arbeid verrichten in Duitsland waar hij ook mijn moeder Margot Weinert (1926-2002) leerde kennen."
Wieger syn mem wie dus Aukje van der Valle (1881-1935) en dy wie troud mei Jan Kooistra (1874-1942). Sy krigen 10 bern, fan elts 5.
Aukje wie in dochter fan Sytze Jelkes van der Valle (1854-1895) dy't in soan wie fan Jelke van der Valle (1811-1866) en Neeltje Johannes Kramer (1813-1854), dochter fan Willem Michiels Kramer (1777-1844) en Sytske Wytzes van der Veen (1781-1844).
Sytze Jelkes wie troud mei Aaltsje Hoekstra (1855-1926), dochter fan Harm Hoekstra (1831-1910) en Aukje Freerks Postma (1828-1881). Dizze Aukje wie in dochter fan Freerk Wytzes Postma (1793-1860) en Ytje Eits Jongsma (1795-1880).
Jan 'Stokje' Kooistra wie in soan fan Elizabeth Joukes Kooistra (1851-1876), dy't in dochter wie fan Jouke Jans Kooistra (1820-1861) en Tietje Jans Hamstra (1822-1886). Tietje wie in dochter fan Jan Wolters Hamstra (1797-1823) en Elizabeth van der Ploeg (1799-1854).
Wieger Kooistra hie in broer Hendrik (1908-1974) dy't troud wie mei Heiltje Tabak (1910-1983), dochter fan Hendrik Tabak (1889-) en Minke Kazemier (1893-).
Sa komme wy dus wer by oare famyljes.
Jelle yn Kanada