OP ZOEK NAAR ROOTS - 119


It kin soms frjemd rinne yn it libben. Yn juny binne myn frou en ik omtrint trije wiken nei Amearika west. Ik wie nammentlik ôffeardige nei de synoade fan ús tsjerken, de Christian Reformed Church, en dy synoade wurde dit jier hâlden yn Sioux Center, yn de staat Iowa. Dat is net neist de doar foar ús! Op de hinnereis binne wy troch it noarden riden, in ôfstân fan 2400 kilometers, en wy ha der 4 dagen foar nommen. De synoade duorre in wike, elke dei fan moarns 8 oant jûns 9 ûre ta. Wy sieten dêr mei 188 mannen te fergaderjen en der wienen wichtige saken by. Op de weromreis binne wy mear súdlik riden, oer Chicago wêr't 6.5 miljoen minsken op in bult wenje! Wat in stêd! Doe oer Detroit en dêrnei wer Ontario yn. Dat wie ek 2400 kilometer. Al mei al ha wy in hiele moaie reis makke en wy ha prachtige dingen sjoen. Wy ha ek noch eefkes yn Pella, Iowa, west. Dat woe ik graach om't wy dêr froeger op skoalle al oer liezen hoe't Hollanders dêr sa om 1850 hinne gienen fanwege de tsjerke reboelje yn Nederlân, krekt nei de ôfskieding fan 1834. Ik ha dêr ek noch op in tsjerkhôf omstapt en hiel wat nammen fan Friezen sjoen. Mar ... wer te min tiid fansels!

Op in dei onder it kofjedrinken op de synoade stie ik te praten mei in ôffurdige earne út Amearika. Syn namme is Gordon Kuipers en al pratendewei krigen wy it oer Nederlân en wêr't wy eins wei kamen. 'Út de Knipe', sei Gordon. Doe fertelde hy dat syn mem in Hofma wie en dat dy famylje hiel muzikaal wie en út Drachten kaam. Doe skeat my ynienen dat ferhaal oer it keamerkoar 'Musica Mundana' út Kollum yn 't sin. [Roots-118]. En ek de namme fan de dirigint of koarlieder Freerk Hofma.

En doe bliek yndied dat dat de selde famylje wie. Wa hie dat no tinke kinnen dat ik famylje fan de koarlieder treffe soe, yn Amearika. Gordon, of leaver Gerben, koe my alles fertelle oer de Hofma's, dy't neffens Gordon tige bekend binne, foaral yn Fryslân. Aan de Haan spilet it oargel foar dit koar en hy sjongt ek yn dat selde koar, mei syn suster Lokke en har dochter Magda.

Lit my begjinne mei 'âlde' Freerk Hofma út Drachten. Dy hie û.o. 2 soannen, Gerben en Piet, dy't beide bekende diriginten fan koaren en korpsen wienen. En no blykt dat de koarlieder Freerk Hofma in soan is fan de koarlieder Gerben Hofma út Drachten. En dizze Gerben is in folle neef fan Gerben of Gordon Kuipers út Amearika. Gordon syn mem Sytske Hofma is in suster fan 'âlde' Freerk Hofma út Drachten, dy't lytsboer en meunsternimmer wie, mar ek al koarlieder wie.

En no komt de Hamster-konneksje: jonge Freerk Hofma, de dirigint, is troud mei Loltsje de Haan (1949-) út de Ham. Lokke is in suster fan Aan de Haan dy't my aardich wat spul tastjoerd hat oer syn 'hoanne-famylje'. Loltsje en Aan binne bern fan Geert de Haan (1915-) en Jantsje Hiemstra (1921-1993). De fam. de Haan ha ik yn ROOTS - 118 al wat behannele. Dizze kear folgje ik it Hiemstra-laach wat mear. Jantsje wie in dochter fan Hendrik Hiemstra (1898-1941) dy't yn 'e Koaten wenne. Hy wie troud mei Loltsje Stoker (1898-1978) en sy wie in dochter fan Syberen Stoker (1873-) en Jantsje Stel (1876-). Dizze lêste Jantsje wie in dochter fan Marten Sytzes Stel (1857-1917) en Antsje Jans Kamstra (1853-1937).

Sybren Stoker wie in soan fan Gaele Sybrens Stoker (1834-1879) en Loltsje Wybrens Hoeksma (1837-1904) dy't in dochter wie fan Wybren Fokkes Hoeksma en Sjoukje Melles Zandstra.

No noch eefkes tebek nei de Hiemstra's. Hendrik Hiemstra wie in soan fan Jan Berends (Beens) Hiemstra (1860-nei 1940) en Martsje of Martha Pekelsma (1858-1940). Dizze Martsje wie in dochter fan Marten Pekelsma (1816-1888) en Haikje Dijkstra (1815-1893), froeger út Dokkum.

Jan Hiemstra wie in soan fan Berend Sybrens Hiemstra (1815-1890) en Ykje Hendriks Ritsma (1818-1907).

Dizze kear sitte der wol wat bekende nammen by foar minsken dy't ek oan dit puzzeljen mei dogge. Ik krige in moaie, lange en dúdlike e-mail fan Freerk Hofma as réaksje op ROOTS-118.

Jelle yn Kanada