Yn't lêst fan juni wienen Ali en ik yn Trenton, Ontario, 250 km. by ús wei, by ús dochter Wilma en har man John Bakelaar om't harren âldste soan Lawrence, 13 jier âld, syn diploma krige oan't ein fan de Kristlike leagere skoalle. It wie een hiele plechtich-heit. Pake en Beppe wienen tige grutsk en tankber.
Wilma's jongste famke, lytse Jenna, is omtrint 4 en sil yn sept. ek nei skoalle, nei 'junior kindergarten' (peuterskoalle). Sy fertelde my nei ôfrin fan de 'graduation' fen har broer dat se har nije juf ek stean seach, Mrs. Jeronimus. In skoftke letter haw ik efkes praet mei Linda Jeronimus, en sy fertelde my dat har mem Willy Storteboom wie, suster fen Boukje, frou fen myn broer Rinze ùt Drachten. Lytse wrâld! En ... har mem en heit, en har tante Janny wienen der ek dy jouns. Dat binne allegeare dochters fen Roel Storteboom en Gosselina Wijma, dy't froeger een winkel en foeraezje bedriuw hienen yn 'e Kornhorn.
No hat lytse Jenna 3 fiere, oantroude famylje-leden dy't net witte fan mekoar dat se alle trije ùt de selde stamme fan Oeds Gosses en Trijntje Daniels komme.
Jenna komt dus by Linda Jeronimus yn 'e klasse op de Kristlike Skoalle yn Trenton. Linda's mem is dus Willy Storteboom en det is een dochter fan Roelof Onnes Storteboom (1899-1981) en Gosselina Roelofs Wijma (1897-1981). Gosselina wie een dochter fan Roelof Gosses Wijma (1855-1925) en Aafke Oost (1868-1930). Roelof wie een soan fan Gosse Oedses Wijma (1815-..) en Leonora Cruiming (1819-..) en dizze Gosse wie een soan fan Oeds Lammerts Wijma (1775-1829) en Aafke Hoekstra (1775-1849). Oeds wie een soan fan Lammert Oedses (1747-1826) en Rinskje Gooitzens (+ 1793) en Lammert wie een soan fen Oeds Gosses en Trijntje Daniels.
Jenna hat ek een âlde muoike yn Toronto, ús tante Griet, dy't troud is mei myn stokdôve omke Jelle Hamstra. Tante Griet is een leave tante en sy kin moai fertelle. Sy hat ek een pûr bêst ûnthâld. Ik sei ris tsjin har: 'Tante is famylje fan Boukje Storteboom, de frou fan ús Rinze, en ek famylje fan Gepke Hoekstra-Wijma fen Eastermar.' Tante ljeaude der neat fan en sei: 'Né, jonkje, no bist al hielendal mis. Mar doe bist wol een bytsje famylje fan Gepke troch de Hamstra's, want Gepke har mem wie muoike Wytske Pieters Hamstra. Mar ik bin der gjin famylje fen.'
En dochs is't wol sa.
Grietje Wijma, berne yn 1915 op 'e Tille, is een dochter fan Lammert Franzes Wijma (1879-1972) en Sjoukje Bron (1886-1967). Lammert wie een soan fan Frans Karel Wijma (1849-1946) en Trijntje van der Wal (1845-1935). Frans wie een soan fan Lammert Oedzes Wijma (1808-1877) en Louisa Bachhaus (1812-1886), en Lammert wie een soan fan Oeds Lammerts Wijma (1775-1829) en Aafke Hoekstra (1775-1848) en dêr komme Boukje en Grietje bei mekoar.
No noch efkes oer Gepke Hoekstra Wijma. Sy is een dochter fan Elle Lammerts Wijma, froeger klokmakker yn Eastermar, (1884-1956) en Wytske Hamstra (1888-1949). Elle wie een soan fen Lammert Rapkes Wijma (!852-1909) en Gepke Elles Ellens (1857-1912).
Lammert wie een soan fan Rapke Sytzes Wijma (1812-1864) en Janke de Jong (1817-1902), en Rapke wie een soan fan Sytze Daniels Wijma (1766-1834) en Baukje Rapkes (1772-1836). Sytze wie een soan fan Daniel Oedzes Wijma (1736-...) en Lutske Sytzes, en Daniel wie een soan fan Oeds Gosses en Trijntje Daniels.
En sa is't sirkeltje wer roun!
Dus kriget lytse Jenna een juffer dy't fiere famylje is fan ús tante Griet en ek fan myn achternicht Gepke ùt Eastermar. En de juffer en tante Griet en Gepke kenne mekoar net of mar amper.
Ali en ik bin bliid dat Jenna by Linda yn 'e klasse komt. Om't sy fiere famylje is? Né, dat net, mar wol om't Linda een juffer is dy't deselde Heare leaf hat en tsjinnet yn't Kristlike Underwiis.
Dit noch efkes: de kompjûter wit mear as tante Griet, en ek mear as ik. Us ûnthâld is wol ris wat yn'e war, foaral by't âlder wurden. Mar de kompjûter wit fen de Alzheimers Sykte neat ôf!
Jelle Kooistra