OP ZOEK NAAR ROOTS - 120


Meester Tjoelker kaam my lêstendeis in pear kear yn't sin en dochs ha ik him mar in goed jier as ûnderwizer hân. Dat wie yn de seisde klasse en doe noch in pear moannen yn klas 7 foardat wy yn septimber nei de mulo gienen yn Drachten. Ik ha hiel wat by dizze meester leard. (Ik siz 'meester' om't wy dat altyd seinen.) Ik ha ek ûnderwizer en haad fan Kristlike skoallen west en ik tink wolris hoefolle soenen de bern fan my leard en ûnthâlden ha. Ik krij wol gauris brieven fan minsken dy't it ek oer meester Tjoelker ha.

Hy kaam yn myn tinzen doe't ik it boekje fan Wytze Tjoelker út Ljouwert eefkes yn myn hannen hie. Dat hjit 'De Tjoelkers en de Tsjoele'. Dêr yn beskriuwt Wytze net allinne it Tjoelker-skaai út Stynsgea, mar ek hiel wat skiednis oer dy streek en in protte oer de âlde tiid. Ik ha der wol gauris wat gegevens úthelle. Ik hie dat boekje ris kocht fan Wytze doe't ik him foar it earst trof op in fergadering yn Ljouwert doe't ik dêr wie tidens ien fan ús reizen nei Fryslân. Dêr wienen doe hiel wat sneupers yn âlde paperassen by elkoar. Wytze hat der in moai en dúdlik boek fan makke. Hiel handich foar de Tjoelkers. Ate Tjoelker stiet der ek yn. Dizze meester kaam my ek yn't sin doe't ik wat krúsbeien plukte by ús yn de tún. Doe't wy fan dy lytse dogenieten wienen, froeger op it Fean, dienen we wolris dingen dy't net hielendal rjocht en earlik wienen. Meester Tjoelker learde ús wol om earlik troch it libben te gean, mar leare en dwaan wienen doedestiids ek al twa ferskillende dingen. Achter yn syn grutte tún, deun tsjin de sleatswâl oan, hie meester Tjoelker dikke bosken krúsbeien te stean. Ik wit no noch presys hoe't dat der foar stie dêr yn dat kampke lân achter meester syn hûs en ek achter de winkel fan van Dellen. Dêr siet ek in dobbe yn dat stik lân. Oer dat stik lân fan ôf de Langeloane kamen wy by meester Tjoelker syn krúsbeien. Dan krûpen we troch de droege sleat en dan stienen dy grouwe bosken flak foar ús noas. Bliuw dan mar ris fan dy beien ôf! Dat foel net mei. De krúsbeien wienen noch sa grien as gers en sa soer as wrang want se wienen noch lang net ryp. Mar dochs smakken se goed al wienen it stellene fruchten. Sa sjogge wy mar wer dat sels de lytse berne sûnden fan lang ferlyn ús folgje en ús eins nea wer loslitte.

Ik ha ek ris 50 strafrigels skriuwe moatten foar meester Tjoelker om't wy nei skoaltiid in persoan útracht hienen. 'Wat gij niet wilt dat u geschiedt, doe dat ook aan een ander niet'. Ik wit it hjoed noch wol.

Ik ha al hiel wat Tjoelkers útpluze en wol dizze kear allinne mar Ate Tjoelker syn stambeam sjen litte.

De measte Tjoelkers kinne harren beamke wol fine yn it boek fan Wytze Tjoelker. Der komt sels in Kooistra yn foar dy't famylje is fan ús, nammentlik Berendsje Kooistra (1879-1915), dochter van Rinze Wierds Kooistra (1853-1936) en Saakje Wolters Hamstra (1858-1936). Sy wie troud op de tsiende maaie 1906 mei de widner Wytze Meinderts Tjoelker (1864-) Wytze en Berendsje krigen 6 bern. Ik tink soms wolris oft dy Wytze Tjoelker dy't in jier of wat lyn deaslein is yn Ljouwert ek ien út dat laach wie.

Ate Tjoelker (1895-1974) wie berne yn Stynsgea en hie as lyts jonkje polio hân. Hy wurde ûnderwizer en troude mei Aaltsje Anje Nannes Klazinga (1893-1957), dochter fan Nanne Jans Klazinga (1859-1920) en Ybeltsje Hendriks van Schepen (1863-1900). Ate en Aaltsje hienen gjin bern. Ate syn âlden wienen Pieter Ates Tjoelker (1870-1956) en Barbara de Haan (1875-1967), dochter fan Drewes de Haan en Etsje Buma. Dizze minsken wennen froeger yn Grinzer Pein.

Pieter Tjoelker wie in soan fan Ate Jans Tjoelker (1822-1874) en Beitske Johannes Boetes (1833-1908). Dizze Ate wie in soan fan Jan Jilles Tjoelker (1774-1855) en Iebeltsje Pieters Meerstra (1786-1868). Yn it boek fan Wytze Tjoelker giet it geslacht Tjoelker noch fierder achter út, mar ik lit it hjir mar by. Dit is sa wol fier genôch.

'k Ha noch in fraach: wit immen ek mear oer Melle Tiet en har famylje? Sy wenne froeger oan de Skieding, tink ik.

Jelle yn Kanada