OP ZOEK NAAR ROOTS - 121


Myn frou en ik ha okkerdeis in pear wiken yn Amearika west en bin doe troch ferskate staten riden. Wat ha wy machtich moaie plakjes sjoen en ek poerbêste farms, foaral yn Iowa. Wy ha yn in protte plakken eefkes stoppe foar in bakje kofje. Eins bin it gjin bakjes dy jo krije, want it bin hast healmingels kofje! Mar ... nearne ha wy eins lekkere kofje hân. It wie faak mar nuver slop spul. Dêr wie gjin Tim Horton te finen lyk as yn Kanada. Ik hie dat wol mear heard dat de Amerikanen leaver 'coke' drinke as kofje. No wit ik ek wêrom!

Dat die my tinken oan in ferhaaltsje dat myn heit froeger wol ris fertelde. Der wie in âld arbeider yn 'e Ham dy't by in boer wurke en dêr sa deis ek wol ris in bakje kofje krige. Mar it wie net fan de bêste kofje. Op in jûntiid nei it melken en nei in drokke dei, soe de âld man mar nei hûs nei syn âld wyfke. De boerinne wie seker aardich op't skik dy jûns en frege de âld man krekt foardat hy opstapte, 'En .... noch in bakje drinken foar't jo nei hûs geane?'. Sy bedoelde it wol goed fansels. De âld man seach har ris oan en sei doe: 'Dat seit de boerinne goed. Hjir krij ik drinken mar thús krij ik kofje. Ik betankje foar jo oanbod mar ik gean mar gau nei hûs. Myn wyfke sit fêst op my te wachtsjen.'

Sokke ferhaaltsjes hie myn heit in bulte. Hy hie ek ien oer in jonge dûmny dy't noch net sa lang yn 'e Ham stie. Hy hie dy moarns op besite west by ferskate minsken en tocht ek noch eefkes by in âld wyfke te sjen. Hy kloppe oan en wurde mei blydskip binnen noadige. It âld wyfke siet te ierpel skilen mar sette gau in potsje kofje foar dûmny. Der soe sels in 'grúske' yn foar dizze spesjale besiker. Sy geat de kofje yn it kopke, sette it flak foar dûmny op 'e tafel, en gie wer fjirder mei it skilen. Ynienen wie se net seker mear oft se dûmny wol in grúske yn 'e kofje dien hie. Sy gie gau oerein, rikte nei dûmny syn kopke, en sei: 'Ferduld noch oan ta, dûmny, no wit ik net iens mear oft ik jo der wol in grúske yn dien ha.' Sy stiek har smoarge, krûme wiisfinger yn de hite kofje, en , ja, hjèr, dêr fielde se it klontsje. 'It is foar mekoar, dûmny, it sit der wol yn. Ik wist it wier net mear. Drink it no mar lekker op.' It minskje hie neat yn 'e gaten oer smoargens, of dat se eat ferkeards dien hie. Se miende it goed. Dûmny begriep dat ek wol en hat de kofje lekker op dronken.

Dêr wennen froeger op it Fean ek fan dy ienfâldige, oprjochte minsken. Ien dy't ik my noch goed foar de geast helje kin, wie Japik Ninck, dy't op 'e hoeke fan de Ketting en de Warreboskleane wenne. Hy troude letter mei syn húshâldster Rinskje Gall. Wat hienen dizze twa minsken ek in ienfâldich bestean op in hiel lyts hoekje grûn. Krekt genôch om fan te libjen. Mar faak wol hiel tefreden. Ik sjoch Japik noch yn 'e haaiïng. It gers wie meand mei de seine, by elkoar swile mei de riuwe, doe yn opperkes set, en letter helle hy it yn it achterhûs op 'e kroade mei in grut ramt der op. Krekt genôch hea foar syn pear bistjes.

Japik Geerts Ninck wie berne yn 1884 op 't Fean en hy ferstoar yn 1965, ek op 't Fean. Syn frou Rinskje Gall wie berne yn Drachten yn 1904 en ferstoar yn 1969. Sy wie in dochter fan Wessel Sweitzes Gall (1872-1934) en Jeltsje Tjeerds de Wit (1874-1937).

Japik wie is soan fan Geert Jacobs Ninck dy't yn 1844 berne wie yn Rottefalle en ferstoarn op it Fean yn 1917. Hy wie in soan fan Jacob Jacobs Ninck (1808-?) en Berber Geerts van der Mear (1814-1894). [Neamd yn ROOTS - 119]

Geert Jacobs Ninck wie troud mei Aaltsje Teunis de Jong, berne yn 1850 op it Fean en sy ferstoar yn 1935, ek op 't Fean. Sy wie in dochter fan Teunis Tietes de Jong en Jeike Sytzes Ploeg. No fûn ik lêstendeis út dat in nicht fan Rinskje Gall, Rinskje de Wit (1906-1991) en dochter fan Tsjalling Tjeerds de Wit (1876-) en Baukje Luitzens Ongersma (1876-1942), troud wie mei Oebele Ritskes Vries (1901-1972) út Droegeham. In dochter fan dizze Oebele en Rinskje, Jantsje (1931-), is troud mei Albert Kamminga (1927-) fan de Tille. Dizze minsken sitte al jierren lang yn Kanada. Albert skriuwt my sa no en dan wol ris in briefke. Hy kriget de ROOTS stikjes geregeld tastjoerd út it Heitelân, fertelde hy my noch net sa lang lyn.

Jelle yn Kanada