OP ZOEK NAAR ROOTS - 122


As dû. Kees de Boer, dy't berne is op 't Fean yn 1941 en no yn Enschede wennet, ris in reis meitsje soe nei St. Petersburg yn Florida yn Amearika, en dêr op in sneintemoarn nei de Reformed Church gean soe, koe hy moai lústerje nei dû. Gary Hofmeyer (1949-). Sa op it earste each soe dat neat besûnders wêze. Heechút soe Kees tinke kinne dat dy dûmny it selde wurk docht as hy. Mar as nei de tsjinst de iene dûmny de oare in hân jaan soe by de útgong fan de tsjerke, soe dat wol in bytsje feroarje kinne. Dûmny's steane hjoed-de-dei yn 'e regel by de doar om mei de minsken te fûstkjen. Foaral besikers wurde hiel freonlik groete. Stel jo no ris foar dat Kees sizze soe: 'Dat wie in goeie preek, dûmny. Ik fûn it hiel moai. Myn namme is Kees de Boer en ik bin hjir mei fakânsje út Nederlân.'

Dû. Gary soe Kees fêst goed oansjen en soe grif sizze: 'De Boer? Myn beppe hiet ek De Boer. Har namme wie Hattie de Boer en har heit wie Meine de Boer.'

Kees koe dan wol ris antwurdzje: 'Myn goeie man, dan binne wy famylje fan elkoar, en ik bin ek dûmny, net yn Amearika, mar yn Nederlân, en ek yn de Reformed Church, allinne wy neame dat de Herfoarme Tsjerke.'

Doe't ik lêstendeis yn in ROOTS stikje fertelde dat ik yn de staat IOWA west hie, krige ik al ridlik gau in mailtsje fan Kees. Wy kinne mekoar om't wy beide fan Surhústerfean komme, en wy dogge beide oan stambeam-ûndersyk. Hy skreau yn dat mailtsje hoe spitich hy it fûn dat hy net wist dat ik dêr hinne soe. Hy siket nammentlik al jierren nei neisaten fan in âld omke/achterneef dy't froeger nei Amearika gien is mei frou en bern. Dat wie yn 1895 en dy man hiet Meine de Boer en syn frou wie Aukje Ruisch. De famylje yn Nederlân hearde froeger net folle wer fan Meine en Aukje, mar yn 1924 hat Meine dochs werom west yn Nederlân. Hy hat doe by syn famylje yn Doezum op besite west.

Ik ha wylst hiel wat ynljochtingen fersammele, ek wer fia in dûmny yn Iowa dy't ik kin, en fûn doe al gau in pear bern fan Hattie de Boer. En no ha ik in skoftke lyn praat mei in sekere Maynard (Meine) DeBoer dy't nei de âlde emigrant, syn pake dus, neamd is. Troch dizze Maynard wit Kees no ek dat syn achter-achter-achter neef yn Amearika ek dûmny is, yn Florida.

Kees skreau lêstendeis nei't ik him witte liet dat ik de famylje fûn hie: 'Geweldich. Wat is de wrâld dochs lyts. Ik hoopje dat dit kontakt ek wat opsmyt oer de neiteam mei de namme de Boer.' Dat is no al bard fansels.

Wylst wurde der hieltyd mear nammen opgarre. De Amerikaanske DeBoer's wolle no ek graach mear witte oer pake syn famylje. Der is sels noch wat brievespul dat de bernsbern fûn ha yn beppe Aukje har taske. Ek oer in famylje Pel yn Doezum. No blykt dat in suster fan âlde Meine, Antsje de Boer (1866-1949), troud wie mei in Mient Meinderts Pel (1866-1937) út Doezum. Dy famylje hat tidens de oarloch wol ris in pakje út Amearika krigen fan Meine syn neisaten.

No noch eefkes sjen hoe't Kees en Gary, de twa dûmny's, by elkoar komme.
Kees is in soan fan Pieter Kornelis de Boer (1910-1981) en Albertsje Wiebrens Poppinga (1911-2001). Har famylje wurdt beskreaun troch Kees yn it moaie boekje 'De Poppinga's rondom de Omloop'. Pieter wie boer op 't Fean en hy wie in soan fan Kornelis Meines de Boer (1873-1956) en Aafke Pieters Drost (1882-1917). Dizze Kornelis wie in soan fan Meine Lubbes de Boer (1838-1917) en Renske Kornelis Westerhof (1844-1923). Dizze minsken wennen yn Noardwyk. Meine wie in soan fan Lubbe Wybes de Boer (1788-1876) en Renske Jacobs Helder(1806-1872).

Dizze Lubbe hie in broer Meine Wybes de Boer (1786-1867) dy't troud wie mei Martsje Freerks de Vries (1802-1877). Harren soan Lubbe (1837-1901) wie troud mei Trientje van der Velde (1841-1907). Meine (1863-1940), in soan fan Lubbe en Trientje, gie nei Amearika en ien fan syn njoggen bern wie Hattie de Boer (1895-1991), de beppe fan dû. Hofmeyer yn Florida.

Dû. Kees kin no moai begjinne te tinken oan en te sparjen foar in reiske nei Florida dizze kommende winter om dêr in preek te belústerjen fan syn amtgenoat en fiere achterneef dû. Gary. Wa wit hearre we noch wol ris in kear hoe oft dat gien is. De wûnders binne de wrâld noch net út.

Jelle yn Kanada