OP ZOEK NAAR ROOTS - 123


'Ik leg de namen van mijn kinderen in Uwe hand.'

As de minsken my ris freegje soenen welke trije gedichten ik it moaiste fyn en dy't my it measte oansprutsen ha yn myn libben, dan hoech ik net lang te tinken. Dat bin: De Herdersfluit en De Najaarslaan, beide van Jacqueline van der Waals, en it gedicht Gebed voor mijn Kind'ren fan Geeske Wiersma. Ik ha fan it lêste ek in Ingelske oersetting en dy ha ik wol gauris brûkt yn in preek yn Kanada. In protte Nederlânske emigranten ha in moai tegeltsje mei dat gedicht derop oan de wand yn de keamer te hingjen. Ik sjoch dat wol gauris as ik by minsken op besite kom.

De namme fan de dichteresse Geeske Wiersma sei my fierder net folle, allinne dat de namme Frysk like. Ik wist net wa't Geeske wie ... oant ik in mailtsje krige út Amearika.

In skoftke lyn hie ik in stukje skreaun oer Ytzen Ytsma dy't froeger ris in beam omkappe moast by Sjouke Riemersma (1875-1938) yn Koartwâld. Sjouke wie troud mei Geesina Veenstra (1875-1939) en sy hienen in winkeltsje yn Koartwâld. Dy beam foel op in hiel oar plak as wêr't Ytzen him ha woe, al wie hy yn 'e regel wol aardich wis fan syn wurk. [ROOTS-104]

In bernsbern fan dizze Sjouke Riemersma lêsde yn Amearika dat stukje fan ROOTS oer syn pake en stjoerde my do in mailtsje. Syn namme is ek Sjouke Riemersma, al neame se him George yn Amearika. Sjouke is berne op 't Fean yn 1927 as soan fan Lenze Riemersma (1902-) en Joukje Oebeles van der Veer (1898-). Hy hat de Kristlike legere skoalle ôfrûn op it Fean en hy wie skoal-kammeraat mei jonges lyk as: Henkie Kooi, Sjoerd Veenstra, Tinus van Kammen, Gabe Dijkema, Jan Atsma, Andries Tuinstra, en noch wat oaren. Syn nicht Jikke van der Veer en Maaike van der Veen sieten ek by him yn 'e klasse. Yn 1942 is Lenze Riemersma mei syn húshâlding nei Harderwyk gien en krekt nei de oarloch gie dit gesin nei Amearika, behalve Sjouke dy't mei syn frou nei Súd Afrika gie, mar dy bin letter ek nei Amearika gien.

No blykt dat Geeske Ietje Wiersma (1927-) ek yn Súd Afrika wennet, yn Pretoria, en dat sy yn 1953 yn Den Helder troude mei Jannes Le Grand (1927-). Hy is al ferstoarn. Jannes en Geeske krigen 4 bern, dy't allegearre yn Súd Afrika wenje.

Dizze Geeske, dy't dat gedicht 'Gebed voor mijn Kind'ren' skreaun hat, is in dochter fan Leenze Wiersma (1904-1978) en Elisabeth Walkes IJlstra (1901-). Elisabeth wie in dochter fan Walle Bonnes IJlstra en Geeske Jurjens Bulthuis (1875-) út Harns. Leenze Wiersma (1904-1978) wie berne yn Aduard, en wie in soan fan Klaas Rinderts Wiersma (1873-) en Ietje Riemersma (1876-). Dizze Ietje wie in suster fan dy Sjouke Riemersma dy't yn Koartwâld wenne hat. Ietje wie berne yn Doezum. En sa bin George (Sjouke) Riemersma en Geeske Ietje Wiersma dus famylje fan elkoar.

Ik tink wol ris wat is de wrâld eins mar lyts. George wennet yn Amearika, Geeske yn Súd Afrika, en ik wenje yn Kanada. En dit stukje foar ROOTS ferskynt it earst op it Fean, yn Europa wêr't wy allegearre ús 'roots' ha. En brieven en e-mails fleane yn in sucht oer oseanen en troch de loft.

Dit noch eefkes: Klaas Wiersma, dy't berne wie yn Lioessens, wie in soan fan Rindert Jans Wiersma en Baukje Klazes Buurmans. Ietje Riemersma wie in dochter fan Lenze Sjoukes Riemersma (1839-1913) en Lammina de With (1846-1920), en dizze Lammina wie in dochter fan Petrus de With (1812-1886) en Trientje Boonstra (1806-1873). Der is noch wol folle mear te fertellen oer bygelyks de famylje van der Veer, of oer de With, of oaren, mar dat komt letter miskien noch wol ris. Der wenje fêst noch hiel wat minsken op 't Fean dy't besibbe binne oan de minsken dy't neamd binne yn dit stukje. Wat bin der al in Feansters de wide wrâld yn gean. Jo fine se oeral. En elts hat syn eigen herinneringen oan syn jonge jierren meinommen. En dy bliuwe jo by. Gelokkich wol.

Ik bin bliid dat Geeske ús dat moaie gedicht joen hat.

Jelle yn Kanada