Ik ha froeger noch noait in bekeuring hân yn Fryslân, en seker net fan plysje Bekkema. Dat koe ek hast net as jo allinne mar in âld fyts hienen. Plysje Bekkema? Wa is dat eins? Der sil net folle minsken mear wêze yn Stynsgea of op 't Fean dy't him as plysje mei makke ha, want hy is yn 1935 al mei pensjoen gien. Hy wie berne op 't Fean, hat plysje west yn Harkema en Stynsgea, en hat letter wenne oan de Blauhústerwei, krekt tsjinoer bakker Jonkman. Hy en syn frou Trientsje ha dêr rinteniere oan harren dea ta.
Krektlyn, yn septimber, hienen wy besite fan freonen út Chatham, Ontario: Jehannes Wybenga en syn frou Griet Flootman, beide midden yn 'e santich.
Wylst wy sieten te praten neamde ik Surhústerfean en doe sei Griet ynienen: 'Dêr ha wy froeger ris yn de Minniste tsjerke west, krekt nei de oarloch, want doe troude dêr myn omke Pieter Flootman mei myn tante, Sjoukje Bekkema.' Sy wist allinne mar dat Sjoukje har heit plysje wie of west hie.
De namme Uilke Bekkema kaam my fuortynienen yn 't sin want myn heit hie it froeger wol ris oer in plysje Uilke Bekkema hân. Ik ha him nea kinnen as plysje fansels want dat wie foar myn tiid. Ik herinnerje my allinne mar plysjes lyk as Lolkens en Dykstra, en der hat ek in skoftke in plysje Jagersma west op 't Fean. Dizze lêste plysje hat my ris warskouwe op in tsjustere moarn om't ik gjin ljocht oan hie op myn fyts. Dat trape wat swierder fansels. Myn broer Sjirk is ek ris oanhâlden troch Jagersma op in jûntiid. Hy hie gjin achterljocht. Doe't Jagersma Sjirk nei rop yn it tsjuster: "Stop!" die Sjirk dat fansels. Jagersma soe him in bekeuring jaan, mar Sjirk sei: 'Dat is frjemd. It baarnt oars altyd.' Doe eefkes probearje, en ja, it wurke prachtich. Sjirk mocht doe wer fjirder fytse. Hy fertelde my lêstendeis: 'Ik hie in djûre koplampe mei in skeakeler deroan. As ik it foarljocht op fûl stean hie, gie alle stroom dêr hinne en dan hie ik gjin achterljocht. Foardat
Jagersma by my wie, ha ik gau it knopke omset en doe't wy it eefkes probearren, baarnde it achterljocht wol fansels. Dat wie op 't nipperke, mar hy krige my net!" Yn myn ferbeelding sjoch ik it al barren mei Sjirk. Hy wie doe ek al aardich tûk!
No blykt dat Sjoukje noch libbet en sy wennet yn Ljouwert. Sy is 82 jier âld en de iennichste dy't noch oer is fan de grutte keppel bern fan Uilke en Trien. Sy hie ek in suster Anna dy't troud wie mei Gerhardus Veenstra út Rottefalle.
Uilke kaam fan 't Fean en ik lêsde ek yn alderhande papieren dat hy arbeider west hat, ek koetsier en fjildwachter, en letter plysje. Sjoukje fertelde my dat har heit froeger wol gauris nachts mei dokter Keizer fan 't Fean der op út moast mei hynder en koets. Hy gie oeral wol hinne mei dokter, faak by nacht en by ûntiid.
Uilke (1880-1974) wie in soan fan Harm Harmens Bekkema (1838-1904) en Aukje Hendriks Loonstra (1839-1920), dochter fan Hendrik Gooitzens Loonstra (1889-1861) en Jantsje Halbes van der Heide (1810-1860). Harm Bekkema wie in soan fan Harm Pieters Bekkema (1793-1875) en Egbertsje Riekeles Bijma (1791-1889).
Uilke hie ek in suster Bintsje (1871-1956) dy't troud wie mei Taede Sytzes van der Hoek (1900-1987). Dy hienen in soan Auke dy't troud wie mei Jeltsje Meijer (1906-1989). Auke en Jeltsje wennen tichteby de Skieding, krekt yn Grinzer Pein. [sjoch ROOTS-55] Noch eefkes werom nei Trientsje Eelzes Postma. Sy wie in dochter fan Eelze Franzes Postma (1850-1920) en Antsje Gooitzens Veltman (1855-1916). Dizze minsken wennen froeger yn Surhuzum. No fertelde de kompjûter my dat Antsje in folle nicht wie fan Wiggele Ruurds de Vries (1875-1963) dy't froeger op 'e Drifte wenne, ûnder Droegeham.
En sa komt ek dit ferhaaltsje ta in ein. Wat kin ien opmerking lyk as dy fan Griet Wybenga ús al oant tinken en oant reizgjen sette. Oeral hinne.
Noch ien ding: Uilke en Trien krigen in protte bern, fêst mear as tolve. Sy ha minstens 4 kear in lytse Elze hân. Dy jonkjes ferstoaren allegearre hiel jong. It fertriet is ek harren dus net besparre bleaun. Sa hat elts hûs syn eigen krús. Soms sizze wy dat wy wol ruilje woenen mei oaren, mar as wy alles ris wisten dan namen we fêst ús eigen krús wer mei.
Jelle yn Kanada