Krekt nei de oarloch krige ik myn earste ûnderfining om foar in oar te wurkjen, en foar jild. Dat sil wol net folle yn 'e oere west ha. Ik tink dat it yn de simmer fakânsje fan 1946 of '47 west hat. It wie by boer Hoving op Topweer, by de Grinzer Pein. Ik wie om-ende-by 14 jier âld en wy moasten wjudzje, ierappel-loflûke, skeaven bine, skeaven yn hokken sette, strontbûtsje, stikelstekke, swylje, eins alles wat der mar te dwaan wie op in buorkerij. De droege simmer fan '47 stiet my noch klear en dúdlik foar de geest. Ik fytste dan troch de Grinzer Pein, sloech rjochts ôf en sa op Topweer oan, en kaam dan ek by Marten Pietens lâns. Dat wie fiere famylje fan ús en dêr hie ik as jonkje wol ris west mei mem. Soms seach ik dan op dy sânreed ek wolris in âld man dy't hielendal foaroer bûgd wie. Hy koe net iens achterom sjen of him omdraaie, tink ik. Hy hiet Geert Snip.
By Hoving mocht ik hiel graach wurkje en it wurk lei my ek wol. Ik bin der in pear simmers west en Hoving hat my fan alles leard. Hy learde my ek hoe't ik in foer jouwer of rogge oploeije moast en ek hoe in rûne bult fan rogge of jouwer skeaven op te setten.
Ik ha ek leard hoe mei in seine te meanen en ek hoe mei in sichte om te gean. Ik fûn him in ferstannige en rêstige man. Hy siet doe ek al in ferskate dingen en letter wie hy ek gemeenteriedslid fan Gruttegast. Roelf Hoving (1904-1997) wie troud mei Sjoukje Westerlaan er der wienen trije bern: Jannie, Harm en Eekje.
Op dy pleats trof ik ek Bas de Haan (1931-). Ik koe syn heit Frans wol aardich goed want dy wurke op de Avek en ik seach him wol gauris om't wy deun tsjin de Avek oan wennen. Bas is letter sjauffeur wurden by de gemeente Gruttegast en hy wie troud mei Folkje Melles de Vries (1937-1988) dy't út Garyp kaam. Bas syn suster Boukje wennet op 't Fean yn it hûs wêr't Strampel froeger wenne. Sy is troud mei Henk Kiers, soan fan bakker Kiers út Rottefalle.
Ik ha lêstendeis in skoftke mei Bas sitten te praten fia de tillefoan. No wit ik ynienen folle mear oer syn famylje en ek oer oare famyljes.
Bas is ien út it twadde houlik fan Frans de Haan (1887-) en Sijke Veenema (1905-1958). Sijke wie in dochter fan Trientsje Veenema (1881-1939) dy't letter troud wie mei Bastiaan Vlietstra (1896-) fan de Skieding. Dy hienen ek twa jonges, nammentlik Bas en Gerrit. Bas hat as jong feint yn Ruslân west, en Gerrit is yn 'e oarloch deasketten troch de Dútsers om't hy yn it ûndergrûnske ferset siet.
Frans wie berne yn Surhústerfean yn 1887 as soan fan Jan Sjoerds de Haan (1852-1931) en Gerkje Sijes Loonstra (1855-1932). Syn earste frou Trientsje van der Velde (1891-1924) wie in dochter fan Joeke Martens van der Velde (1858-1925) en Geeske Ritskes Tuinstra (1858-1917).
Gerkje Loonstra wie in dochter fan Sije Annes Loonstra (1816-1887) en Trijntje Gerkes Herder (1823-1882).
Jan Sjoerds de Haan wie in soan fan Sjoerd Lourens de Haan (1813-1874) en Jantsje Franzes Bosgra (1817-1873)
Frans de Haan hie in suster Trynstje de Haan (1896-) dy't troud wie mei Sas Joekes van der Velde (1897-) dy't in broer wie fan Frans syn earste frou Trientsje van der Velde. Dat wie dus dûbele famylje.
Dizze Trientsje hie ek in broer Marten van der Velde (1885-) dy't troud wie mei Aukje Snip (1885-) en dizze minsken hienen in dochter Aaltsje (1926-1982) dy't troud wie mei Adam Pietens (1914-1976). Adam Pietens wenne froeger oan It Ketting, it reedsje wêr't Japik Ninck en Steffen Dijkstra ek oan wennen. De Pietens en de van der Velde's binne beide grutte famyljes. Ik ha dêr hiel wat gegevens oer, ek al om't de Pietens fiere famylje wienen fan myn mem . Ik ha wol ris wat oer Pietens en Eilander skreaun. Sa hearde ik lêstendeis dat Lammert Pietens ferstoarn wie yn Kanada. Hy is 73 jier âld wurden en wie in soan fan Hendrik Pietens (1902-1994) en Hinke van der Sluis (1898-1959).
It falt soms net mei al dy gelikense nammen wat út elkoar te hâlden. Der wienen bygelyks hiel wat Sas van der Velde's. Gelokkich rekket de kompjûter net yn 'e war. Dy hat gjin lêst fan 'aderverkalking'.
Jelle yn Kanada