OP ZOEK NAAR ROOTS - 126


'Twa Harrekieten yn in taksy yn Oklahoma City!' Sa sawat begûn Hein Land út Owen Sound, Ontario, in ferhaal oer twa mannen ôfkomstich út Harkema dy't yn Amearika yn deselde taksy sieten mar mekoar net koenen. Ik hie Hein opbelle om't Tinus Jongsma fan 't Fean my in fraach stjoerd hie oer Hein en syn frou Antsje. Doe't Hein en ik wat sieten te praten oer ferskate minsken dy't wy beide wol koenen, sei hy ynienen: 'Dêr kin ik dy in moai ferhaaltsje oer fertelle!''

En doe kaam it. Klaas fan Teye van der Laan, berne yn Harkema yn 1950, wennet no yn Hamilton, Ontario. Dy woe jierren lyn wat hege fersutere apparteminten keapje yn it súden fan Amearika, yn Oklahoma City. Dy woe hy dan opknappe en op 'e doer wer ferkeapje, tink ik. Hy fleach nei dy grutte stêd en hie in makelers bedriuw witte litten dat hy kaam, ensf. Doe't hy dêr oankaam stie der in moaie, grutte limo klear en Klaas wurde troch in makeler nei dy slide brocht. Der siet noch in man efteryn, mar Klaas koe dy man net. Al ridend en pratend giene se by wat hege en grutte flatgebouwen lâns. Wylst praten se ek oer wat gewoane deistige dingen, lykas 'wêr komme jo wei en wat dogge jo'. Doe't se Klaas fregen wêr't hy wei kaam fertelde hy harren dat hy út Nederlân, út Fryslân kaam. Út in lyts doarpke. Doe sei dy oare man efteryn:'Ik kom ek út Fryslân en ek út in lyts doarp. Hoe hiet dat doarp fan jo?' Klaas antwurde: 'Harkema.' 'HARKEMA! Man, dêr kom ik ek wei', sei dy oare. Doe nammen neame fansels en doe blyk dat dy beide Harrekieten as jonkjes flakby elkoar wennen froeger, tichteby de skoalle en de tsjerke. Dy oare man wie Filippus Weening, ek in makeler út Alberta, yn Kanada. Hy wie ek krekt foar saken yn Oklahoma City en naam ek in taksy! De selde as Klaas! Wat kin it al frjemd rinne yn it libben.

Phil, sa't se him hjir neame, is in soan fan Eerde Weening en Aukje van der Veen. Dy Eerde wie froeger slachter yn Harkema en ik ha al ris wat oer him ferteld. Hy is de man dy't omkaam doe't hy by fersin ferkearde oalje yn in oaljekachel smiet tydens syn earste winter yn Alberta, yn Kanada. Hy liet in frou en 6 bern achter. Klaas (Ken) van der Laan (1950-) is dus in soan fan Teye van der Laan (1923-) en Jacoba Land (1926-), dochter fan Klaas Land (1895-1971) en Jitske Veenstra (1897-1970) dy't in grutte húshâlding hienen. Hein (1929-) is ek in soan fan dizze Klaas en Jitske. Ik ha wol faker dizze famylje neamd yn ROOTS. In oare soan Willem is lêstendeis ferstoarn. Willem wenne op 't Fean. Teye van der Laan wie in soan fan Klaas Teyes van der Laan (1900-1983) en Zwaantje Schoenmaker (1895-1941). Dizze minsken wennen froeger yn Doezum. Harren soan Teye hie in winkel yn Harkema, net sa fier fan de Grifformearde Tsjerke ôf. As jonge fytste ik wol ris troch Harkema op wei nei famylje yn Droegeham, en dan kaam ik altyd by de winkel fan Teye van der Laan lâns, en eefkes letter ek by Klaas Land lâns. Dy wenne op de hoeke fan de Betonwei. Klaas van der Laan komt geregeld yn Fryslân, hearde ik, en is in freon fan Pieter en Hinke van Houten oan de Warreboskleane. Dy wenje yn it hûs fan Yme en Riek Rinsma. Wy wennen froeger rjocht tsjinoer Ime en Riek.

Noch eefkes dit. In wike of wat lyn wurden de ynternasjonale fytscourses hâlden yn Hamilton. De fam. van der Laan stie ek te sjen hoe't dy hurdfytsers oer de strjitten fan Hamilton jagen. David, de 28-jierrige soan fan Klaas van der Laan wie der ek. Dy hie in Fryske flagge yn 'e han en stie wakker te swaaien, foaral as der Hollanders foarby fleagen.

Doe kaam der in fytser op him ôf en begûn in praatsje mei him. Dy fytser wie Pieter Weening út Harkema dy't as achtste binnen kaam yn syn rees. It duorre mar eefkes en doe praten se al drok oer Harkema. David trof letter Joop Atsma ek noch en doe ha dy beiden it ek eefkes oer Harkema hân. Joop wist fansels wol wêr't de winkel fan David syn pake Teye stie. Lytse wrâld!

No ha ik it mar krekt oer Hein en Antsje hân. In oare kear wol ik dêr noch wat mear oer fertelle, ek al om't Antsje út Eastermar komt en myn famylje dêr wol aardich goed koe. En har mem har namme hat my ek wer nije ideeën joen nei oare famyljes lykas de famylje Hogeveen út Eastermar. It hâldt mar net op.

Jelle yn Kanada