OP ZOEK NAAR ROOTS - 127


'Ús heit krige suver alles wer oant rinnen. It koe hast sa mal net wêze of hy koe it meitsje. Dêr stienen jo fersteld fan.' Dat fertelde Anneke Rinsma my lêsten-deis oer har heit Taeke Bloem. Anneke is de widdo fan Gerard Rinsma (1937-2001), soan fan Jacob Eerdes Rinsma (1886-1942) en Hiltje van der Berg (1896-1974) dy't yn Harkema wennen. Anneke wennet op 't Fean.

Ik koe Taeke better as 'Lytse Taeke' of 'Taeke Blom' dy't hiel froeger op 'e Feanster Heide wenne, oan in lyts reedsje tsjinoer Bakker's Froukje, sa't wy dan seinen. Dat wie dêr earne oan dy sânreed op 'e Trije Roede wêr't it ienfâldige, lytse evangelisaasje gebouke ek oan stie.

Flak nei de oarloch ferhûzen Taeke en Griet en bern nei in beverhûske oan de Langeloane. Taeke hat jierren lang op de AVEK wurke. Wat wie it in handich mantsje. Krekt sa't syn dochter Anneke al sei, der wie benei neat dat Taeke net wer oan 'e gong krige. Hy wie fernuftich. Klokken, horloazjes, naaimasines, waskmasines, stofsûgers, fytsen, brommers, neam mar op, Taeke nifele krekt sa lang oant it wer wurke. Hy hie flugge fingers en hy wie tûk. Hy koe sels ek wol klean naaie op 'e naaimasine.

Hy mocht sa no en dan graach eefkes nei Oebele Wagenaar ta op it Wytfean en dêr moai wat omsneupe. Hy kaam dan yn 'e regel mei alderhande stikken spul thús en dan begûn it feest foar Taeke. Hy ferkocht it spul dan wer oan oare minsken. Mar in protte minsken gienen ek wol nei him ta mei kapotte dingen dy't Taeke dan fêst wer oan it rinnen of draaien krige.

Yn 'e oarloch hie hy ek fan alles by de ein, lyk as oalje-draaie út koalsied. Hy moast dan stroom brûke mar faak wie de sekering der út helle. Taeke die wat in protte oaren ek stikem dienen, mei in lange angelstôk lei hy dan in triedsje op de sekering boppe oan de peal by de kant fan de reed en dan gie it ljocht yn 'e hûs wer oan. De plysjes kamen ek wol ris by Taeke. Ek in kear doe't hy in wasktobbe fol oalje klear hie. Dat waar gau weistoppe. Alles rûn noch aardich goed ôf om't dy mannen ek wol wat oalje brûke koenen yn eigen húshâlding. Sa holp de iene de oare.

Fan ferskate minsken ha ik heard dat Taeke in hiel guodlik mantsje wie. Hy stie foar elkenien klear. Ik tocht noch wat is dat moai as it minskdom sa oer jo tinkt en praat. Dan hoege jo net ryk of geleard te wêzen. As jo mar earlik en oprjocht binne, en oaren wat helpe wolle. 'k Tink dat sok helpen fan oaren ek bedoeld wurdt yn de bibel.

Taeke hat in jier of wat ús buorman west oan de Langeloane fan 1949 oant 1953 doe't wy nei Kanada gienen. 'k Ha him nea wer sjoen.

Taeke Bloem (1907-1964) wie net in Feanster. Hy wie berne yn Ikkerwâld as soan fan Jan Johannes Bloem (1874-) en Jitske Taekes Kooistra (1874-). Dat wie gjin famylje fan ús. Yn de tritiger jierren is Taeke op 't Fean kommen en hy wurke doe ek al op de Avek. Hy wie ek yn dy tiid in skoft yn de kost by Sjoerd en Romk Postma oan de Âlde Jirden. Romkje wie in efternicht fan myn heit.

Doe't Taeke ferkearing hie mei Grietje Mulder (1914-), fytste hy ris yn it tsjuster fan Boelensloane nei't Fean nei syn kosthûs, mar hy ried sûnder ljocht. De plysjes seagen him en roppen: 'Ôfstappe! Jo ha gjin ljocht!' Taeke rop werom: 'Nee, hjer, as ik thús bin, dan stap ik ôf!' Letter kaam de plysje wol by him thús en krige hy in boete fan f. 2,50 wat hy ôfbetelle hat yn dy earmoedige tiid mei in kwartsje wyks. Griet fan Taeke kaam wol út de omkriten fan it Fean. Sy is in dochter fan Rinze Gerrits Mulder (1891-1985) en Antsje Jeltes Mozes (1894-1962) dy't in dochter wie fan Jelte Durks Mozes (1865-) en Maaike Pieters Rauwerda (1868-1928). Rinze Mulder wie in soan fan Gerrit Harmens Mulder (1856-1927) en Grietsje Harms Veenstra (1865-1926). In dochter fan dizze Gerrit en Grietsje wie Tryntsje Gerrits Mulder (1894-1980) dy't troud wie mei Siebe Veenstra (1884-1966) de man dy't ús fertelde dat hy fan dy machtich grouwe snoeken oan de heak hie yn it Knillis Djip.

Jelle yn Kanada