OP ZOEK NAAR ROOTS - 128


In dei of wat lyn stie yn de krante fan Ottawa yn Kanada dat Johannes Mattheus Douwes ferstoarn wie yn Renfrew, Ontario. Doe't ik dy namme seach tocht ik fuort ynienen dat is in man, in namme, út Eastermar. Dêr stie ek by dat hy omtrint 78 jier âld wurden wie, en dat hy al ferskate jierren sukkele hie en fersoarge wie. Sûnt ha ik in skoftke praat mei syn widdo Janny Rozeboom, en letter gâns in skoft mei syn suster Sjoukje dy't mear as 600 kilometer by ús wei wennet.

Johannes Mattheus Douwes kaam út it gesin fan Johannes Mattheus Douwes en Janke Brouwer, dy't jierrenlang oan de Heidbuorren ûnder Eastermar wenne ha. Sy giene nei de Grifformearde Tsjerke yn Eastermar. Dêr stie yn it advertinsje ek noch dat Johannes 3 jier yn Yndië west hie as soldaat fan 1947 oant 1950. Al gau-achtich dernei is hy nei Kanada gien, yn 1951, mei syn broer Taeke dy't ek eefkes yn Yndië sitten hie. De broers sieten dêr tegearre foar in skoftke. Sjoukje koe myn famylje yn Eastermar ek hiel goed fansels, minsken lykas Pieter Hamstra, de smid, en Elle Wijma, de klokmakker, en dy syn dochter Gepke ek fansels. Sjoukje (1925-) wie de âldste yn dat Douwes gesin fan 5 bern en sy wit noch skoan dat har mem aardich jong ferstoarn is. Dy wie noch mar 39 jier. Letter wurde Freerkje van der Brug de nije mem yn dat gesin, en doe kamen der noch in pear famkes by. Sjoukje troude yn 1946 mei Ljibbe Dupon út Burgum en sy ha jierren yn Koatstertille wenne wêr't Ljibbe arbeider wie by in boer Brugt Bouius. It gesin Dupon gie yn 'e Ham nei de Grifformearde Tsjerke en harren bern Wytze, Johannes en Janke gienen dêr ek op de Kristlike skoalle. Yn 1960 gienen Ljibbe en Sjoukje mei de 5 bern nei Kanada. Ljibbe is yn 2001 ferstoarn.
Johannes Mattheus Douwes hat yn Kanada by de boer wurke en hat ek jierren meunsternimmer west. No blykt dat dit Douwes folk fiere, oantroude famylje is fan ús. Dat sit sa: Johannes en Sjoukje binne neef en nicht fan myn tante Aaltsje Douwes (1918-1993), dy't troud wie mei myn omke Klaas Kooistra (1916-1997), froeger fan de Betonwei tichteby de hoeke fan de Seadwei. Dat tocht ik al om't yn dy Douwes famylje ek de nammen Johannes en Mattheus foar komme. De âlden fan dizze jonges wienen Sjoukje har Klaas-om en Janke-muoi. Nei't ik mei Sjoukje praat hie, wist ik al hiel wat mear en dat hat my moai holpen mei dit ferhaaltsje foar ROOTS. Ids Groenewoud stjoerde my ek noch in kranteferhaal oer de Douwes famylje út Eastermar.

Johannes Mattheus Douwes (1926-2003) wie in soan fan Johannes Mattheus Douwes (1899-1956) en Janke Brouwer (1898-1937), dochter fan Taeke Thomas Brouwer (1867-1938) en Sjoukje Tjipkes Bethlehem (1873-1942) dy't yn Surhúzum en Gerkeskleaster wenne ha. Earst noch eefkes wat oars der tusken troch: Dizze famylje Brouwer is ek fiere oantroude famylje fan ús. Dat sit sa: Ús soan Bill (1960-) is troud mei Rita Oosterheerd (1961-). Taeke Thomas Brouwer, de jongste yn it Brouwer gesin, hie in suster Taltsje Thomas Brouwer (1844-1918), de âldste yn it gesin, dy't troud wie mei Douwe Broersma (1844-1923). In soan fan dizze minsken Jan Douwes Broersma (1874-1926) wie troud mei Johanna Meints Dijkstra (1879-1934) en dy hienen in dochter Taltsje Broersma dy't troud wie mei Jan Veenstra (1904-1968). Dêr in dochter fan wie Johanna Veenstra (1932-2000) frou fan Jan Oosterheerd (1932-1996). En dat binne de âlden fan Rita, ús skoandochter. Dizze âlde Taltsje Broersma libbet noch en wennet tichteby Toronto yn in fersoargingshûs.

Johannes Mattheus Douwes (1899-) wie in soan fan Johannes Mattheus Douwes (1848-1932) en Tryntsje Bouwes de Jong (1857-1950). Dizze lêste Johannes Mattheus Douwes wie in soan fan Mattheus Johannes Douwes (1819-1871) en Geertruida Catharina Kantener (1818-1910). De heit fan Geertruida wie Martinus Kantener, dy't neffens papieren fan Sjoukje, berne wie yn Madrid yn 1783. Hy hat as soldaat tsjinne yn it leger fan Napoleon en kaam sa ek yn Ruslân en letter yn Nederlân. Hy moat ek fochten ha yn de slach by Waterloo. Syn neisaten Taeke en Johannes Mattheus tsjinnen letter ek yn it leger, al hielendal yn Yndië. It fjochtsjen wie harren dus net frjemd. Oer-pake die it ek al.
Sa is it earst wol wer genôch, tinkt my.

Jelle yn Kanada