Dat hie Reinder froeger ek nea tinke kinnen dat syn foto noch ris troch de loft fleane soe fia internet en kompjûter. In skoftke lyn krige ik in mailtsje fan in ferhaaltsje-ferteller út Grinslân dy't skreau: 'Ik kwam een foto tegen van een man in een invalidekar en heb toen mijn moeder gevraagd wie dat was. Ze zei: 'Dat is een neef van jouw oma Ypkjen Nauta en hij heet Reinder Ophuis'.
Dat wie net de earste kear dat Henk Witteveen my wat dingen stjoerde. Hy hat my al in hiele fracht lytse foarfaltsjes fan froeger út en oer syn famylje út Houtigehage en Boelensloane tastjoerd. Dit begûn om't ik ris in stukje skreaun hie oer Kobus Nauta út Grypskerk (ROOTS-113). Dat is ek famylje fan Henk.
Henk skreau ek: 'Ik was vroeger vaak bij pake en beppe Witteveen en ik ken Surhuisterveen dan ook behoorlijk goed. Ik vond het toen al leuk om verhalen over vroeger te horen. Mijn pake ging graag naar het praathoekje op de Kolk. '
En it liket my sa ta dat er dêr sels ek wol teplak wêze soe. It rint yn 'e famylje, tink ik. Sa sei hy ek: 'Mijn beppe Hinke Kats is in 1913 geboren in Houtigehage en zij is kortgeleden overleden. Zij werd verzorgd in het Wilhelmina Gebouw in Opende. Mijn pake Hendrik was maar klein, kleiner dan 170 cm., en had een enorm bos haar. Hij was mollenstroper en werkzaam als arbeider, o.a. ook in de N.O. Polder. Mijn beppe was een rustige vrouw en ze is jaren werkzaam geweest bij de oude schooljuffrouw Terpstra van de Openbare school in Surhuisterveen'.
Letter skreau hy oer syn oer-pake en beppe, Pieter Kats en Grietje Veenstra: 'Zij waren bakker en hadden het zeer armoedig. Ze gingen met de hondekar met een zwarte bouvier ervoor de buurt rond om brood te venten.'
Hij hat my ek ferteld dat syn heit op 'e Avek wurke hat en dat dy froeger mei syn heit en mem oan de Blauhústerwei tusken bakker Jonkman en Bareld Dalstra wenne hat, en letter ek by de Herfoarme Tsjerke. Hy hat ek noch in tante Griet op 't Fean te wenjen. Dêr is hy tige wiis mei, neffens syn ferhalen. In dochter fan dizze tante Griet, Hinke, wurket as kleuterjuf oan de Iepenbiere skoalle op 't Fean. Henk hat my fan alles ferteld oer syn 'voorgeslacht' wêr't bekende nammen by sitte lyk as: Kats, Bijma, Witteveen, Nauta, Poelman. Henk stjoerde my ek in aardich lang ferhaal oer in foar-beppe Duifke Bijma dy't in muoilik, muoisum, en drok libben hân hat. Miskien skriuw ik dêr noch wol ris wat oer.
Wa is Henk eins? Hy is Hendrik Witteveen, berne yn 1961 en hy wennet no yn Appingedam. Hy is troud mei Janet Mulder en is de heit fan twa dochters: Paulette en Sabine. Syn berop is 'scheepstekenaar' en hy wurket yn Grins. Hy docht ek in bulte oan sibbekunde (stambeam ûndersyk) en hy hat in protte ferhaaltsjes opgarre oer de famylje. Hy is in soan fan Anne Witteveen (1938-) en Geertruida van Bergen (1939-). Dizze Geertruida is in pake-sizzer fan Rintsje Nauta (1890-1972), dy't troud wie mei Geertruida Poelman (1891-1977). Dy Rintsje wie in broer fan Maaike Nauta (1877-1949), de mem fan Reinder Ophuis (186-1962). Maaike troude letter, nei't har earste man Edze Ophuis (1870-1899) ferstoarn wie, mei Sytze van Dellen (1875-1958) fan't Fean. (ROOTS-44)
Rintsje wie ek in broer fan Kobus Nauta (1880-1957) wêr't ik ek wol oer skreaun ha yn ROOTS-113. Anne Witteveen (1938-) is in soan fan Hendrik Witteveen (1905-1991) en Hinke Kats (1913-2003). Hinke is in dochter fan Pieter Romkes Kats (1879-1935) en Grietje Libbes Veenstra (1883-1934). Ik wit net seker of dizze Pieter Kats ek famylje is fan Rommert Kats dy't froeger fersekeringsjild ophelle by de hûzen lâns. Hendrik Witteveen wie in soan fan Anne Gerkes Witteveen (1870-1908) en Duifke Sierks Bijma (1872-1950). Dêr skriuw ik dus noch wol ris wat mear oer. Dat wyfke hat ek in swiere sile lûke moatten yn har koarte libben. Slim.
Minsken, gesegende Krystdagen en in lokkich Nij Jier!
Jelle yn Kanada