OP ZOEK NAAR ROOTS - 13


Okkerdeis krige ik in brief mei gegevens en wat fragen fan Jellie de Vries ùt Jistrum. Een ier of wat lyn hie ik ris by har âlden yn 'e hûs west yn Jistrum. Dat wienen Jelle de Vries (1917-1997) en Ida Dora Reinsma (1932-1999). Jellie wie doe noch net troud. Ik wie dêr by harren om't Ida famylje wie fan myn mem. Ida's mem Ieke wie in suster fen myn beppe Hinke Nicolai, frou fan myn pake Jelle Hamstra. Ieke (1894-1978) wie troud mei Dominicus Reinsma (1894-1965), en sy wennen froeger yn Ljouwert. Hinke en Ieke wienen dochters fen Jelle Pieters Nicolai (1862-1902) en Trijntje van der Iest (1861-1944). Jelle wie in soan fan Pieter Jelles Nicolai (1835-1903) en Hinke Gerbens Folkertsma (1832-1906) , en dy Jelle kaem ùt de Nicolai famylje fan Droegeham, dus ôfstammelingen fan Ds. Atzo Nicolai.

No hie Jellie in stikje oer ROOTS lêzen yn 'e FEANSTER en dêryn hie ik in kear neamd dat ik famylje wie fen Lutske Wierds Kooistra. No blykt dat Sake Laanstra, man fan Jellie, in pake-sizzer is fan Sjoerd Wierds Kooistra, broer fan Lutske. En dat betsjut dat ik famylje bin fan beide: fan Jellie fia de Nicolai's en fan Sake fia de Kooistra's.

Sake komt dus ùt de Laanstra famylje, en syn mem Anna Sjoerds Kooistra wie troud mei Wolter Sakes Laanstra, dy’t ferstoarn is yn 1985. Wolter (1884-1971) wie in soan fan Sake Romkes Laanstra (1884-1926) en Geertje Veenstra (1884-1971).

Sake wie in soan fan Romke Laanstra (1851-1927) en Anna Wolters Hamstra (1851-1911), en Romke wie in soan fan Antje Romkes Laanstra (1823-1909) dy’t letter troude mei Jan Ruurds de Zwart. Sy wie in dochter fan Romke Lammerts Laanstra (1789-1850) en Grietje Pieters Postma (1785-1863).

Mar der is mear. In ier lyn trof ik by ús yn tsjerke in man ùt Brits Columbia, en dat wie Sjoerd Laanstra. Nei de tsjinst eefkes prate en al gau gienen der wat ljochtjes op en wist ik ùt wat nêst hy kaem. Hy fertelde my ek dat syn broer yn Oerterp gegevens hie oer de Laanstra famylje. Dat wie Jille Laanstra. Dy hat Internet en al gau hienen Jille, berne yn 1936 en troud mei Aukje Bekkema, en ik kompjûter-kontakt.

Jille syn âlden wienen Jan Hendriks Laanstra (1902-1970) en Ettje van Manen (1907-1995). Jan wie in soan fan Hendrik Laanstra (1873-1912) en Trijntje van Houten (1876-1963), en dizze Hendrik wie in soan fan Willemke Laanstra (1847-1929) dy't letter troud wie mei Durk Jeltes Mozes (1835-1896). Willemke's âlden wienen Lammert Romkes Laanstra (1816-1879) en Tjitske Tabak (1819-1893), en dizze Lammert wie in soan fan Romke Lammerts Laanstra en Grietje Pieters Postma dy’t al earder neamd binne. En sa binne Sake en Jille dus famylje fan mekoar.

Wylst ik oan’t útsykjen wie mei Sake Laanstra syn famylje, ha ik ek praet mei in buorfrou fan Sake, frou Laanstra, widdo fan Anne Laanstra. Sy wie al hiel gjin famylje fan Sake, sei se, mar Anne syn heit, Tjidsger Laanstra wie wol famylje fan my om’t hy troud wie mei Henderina Eilander, neamd nei har beppe Henderina Johannes Kramer (1840-1914), suster fan myn oer-beppe Aaltje Johannes Kramer (1845-1928). En in broer fan Tjidsger, Johannes Laanstra (1875-1915) wie troud my Janke Kooistra (1877-1933), in suster fan myn pake Rinze Kooistra (1875-1946).
Wat is't wereldsje lyts en wat is't een tizeboel mei't minskdom. Mar de kompjûter komt der wol ùt en is net yn 'e tiis, en wurdt ek nea dement, teminsten noch net. As dy dement wurdt, bin ik it earst om't ik de spullen der yn dwaen moat. 'k Hoopje wol dat wy 't beide noch een moai skoftke rjocht en sljocht hâlde meie.

Jelle Kooistra yn Kanada