't Is God's wil!' rôp ús heit doe,
En dêr is neat oan te dwaan;
Dy't myn libben en myn lust wie,
Moat ik oan de Heare jaan.'
En ús heit, om wurd te hâlden,
Liet by't grêf gjin ink'le trien,
Mat it knaagde him oan de siele,
Hy is as it stof fergien.
Dizze kûpletten kamen my yn 't sin doe't ik in e-mail krige fan ien dy't yn Harkema berne is. Dy ferzen binne part fan in lang gedicht fan Eeltsje Halbertsma mei de titel 'De Likeblommen'. Dêryn beskriuwt hy it ferdrinken fan in jongfaam dy't op redens mei har feint en noch oar jongfolk nei de Like (Leek) ried, mar yn in wek rekke en doe ferdronk. Har heit hie har goed warskouwe, mar har feint tocht dat it wol wat ta falle soe mei de wekken.
Foar dit ROOTS-ferhaal giet it my foaral om de twa lêste rigels: 'Mar it knaagde him oan de siele, hy is as it stof fergien.'
Heit en mem Alma binne eins nea wer de slaggen te boppe kaam fan it ferdrinken fan ien fan harren bern yn in gracht yn Dokkum, en it ferstjerren fan in oar bern dy't ûnder in frachtwein rekke yn Holwerd. De lêste wie lytse Rinskje dy't noch mar 8 jier wie, en dy oare dy't ferdronk, wie Dirk, noch mar 12 jier âld. De skriuwer fan de e-mail skreau: 'Voor heit en mem is dit een heel groot verdriet geweest.'
Dat is wol te begripen! Minsken, wat is it hurd om bern ôfstean te moatten.
Dy âlden libje ek al net mear. Froeger gienen dizze minsken mei harren bern nei de Kristlik Grifformearde Tsjerke yn Droegeham, mar yn 1951 'emigrearren' sy nei Holwerd.
Fokke Alma hie myn website fûn en dêr de ROOTS-ferhalen lêzen. Ek dyselden oer syn tante Trientsje Mozes (1913-1974) en oare famyljes út Harkema.[sjoch ROOTS-106] Hy hat noch mear famylje yn Kanada, nammentlik fan Albert Alma (1908-) dy't troud wie mei Loltsje Nicolai. En dan ek fan dy Trientsje Mozes fansels, de frou fan Rinke Feenstra. Fokke is fan '38 en is ek al mei pensjoen gien. Hy wennet mei syn frou Arendje yn Wierden, yn Oerisel. Hy hat goed tritich jier finzenis-bewarder west. Fokke syn broer Eize wennet op 't Fean, mar dy hat earder ek yn Gerkeskleaster wenne, wêr't hy lasker west hat. Hy hat no oar wurk yn Easterwâlde.
Wa binne Fokke (1938-) en Eize (1945-) eins? Sy binne soannen fan Paulus Alma (1901-1970) en Grietsje Mozes (1909-1992), beide ôfkomstich út Harkema. Dizze Grietsje wie in dochter fan Lammert Durks Mozes (1887-1966) en Sjoukje Jetzes Storm (1889-1961). Dy Trientsje Mozes wie dus in suster fan Grietsje.
Paulus wie in soan fan Fokke Alberts Alma (1875-1960) en Rinskje Eizes Kamminga (1875-1933) dy't in dochter wie fan Eize Wiebes Kamminga (1853-1923) en Ytsje Gerrits Bos (1851-1919).
No blykt dat in oare Fokke Alma (1932-) soan fan Kei Alma (1910-1987) en Pieterke Weening (1910-1984), in neef is fan dizze Fokke Alma út Wierden.
En in oare neef, Jan Eizes Alma (1931-) ek. Dy is troud mei Sjoerdsje Wiebes Hamstra, dochter fan Wiebe Hendriks Hamstra (1891-1969) en Hebeltsje Siebes Visser (1897-1971). Dizze Hamstra's wienen famylje fan myn mem. En ik soe noch wol mear famyljes neame kinne dy't ek earne besibbe binne oan Fokke út Wierden. Mar sa kin it earst wol wer.
Ik winskje alle lêzers fan ROOTS by dizzen 'Folle Seine yn it Nije Jier' ta.
Jelle yn Kanada