OP ZOEK NAAR ROOTS - 131


Wat sil dy húshâlding aller ferskriklikste bot skrokken wêze doe't se sieten te iten op in sneontemiddei yn 1964 earne yn Grinzer Pein. De mem fan dat gesin wie eefkes by de tafel wei gien om by de wasktsjettel te sjen dy't op in trijepoat stie boppe it fjoer, dat gas krige út in flesse dy't der neist stie. Doe't sy tichterby kaam seach se dat de tsjettel oersean wie en dat de flam út gien wie. De mem tocht nearne oan, pakte in doaske lusifers, stuts ien oan .....en doe hearden de heit en de famkes in freeslike klap út it efterhûs kommen, krekt as wie it in geweldige ûntploffing. Fuort dêrop hearden se de mem skreauwen fan pine om't sy de flammen rjocht yn har oantlit krigen hie en ek har klean suver yn flarden by 't lichem del bongelen. Har hier en oantlit wienen swart fan de flammen. Ien fan de dochters pakte gau in tobke fol wetter, smiet dat oer mem hinne, en doe hâlde de heit mem beet en ha se de slange mei kâld wetter op mem set. Dat hat foarkommen dat de brânplakken net hiel djip wienen. Sy hat wol hiel siik en koartsich west, mar it is wer aardich goed kaam mei in protte soarch fan allegearre. Wol bleau har hûd hiel gefoelich foar de sinne en letter gie mem ridlik gau, as sy bûten siet, wat mear yn't skaad sitten en dan sei se: 'Oe, wat stekt de sinne hjoed...!'

Dit ferhaal skreau Iety van der Sluis-Huisman út Grinzer Pein my okkerdeis nei't sy it ferhaal oer de famylje de Boer út de staat Iowa yn Amearika lêzen hie. [ROOTS-122]. Yn dat ferhaal seach se samar ynienen de namme fan har mem. Sy tocht doe fuortynienen dat har mem wierskynlik famylje fan dy de Boer út Amearika wie om't dêr de selde nammen yn foar komme as yn har eigen famylje. Nei wat hin en wer skriuwen bliek yndied dat dizze mem, Antsje de Boer, famylje is fan dy Meine Lubbes de Boer (1863-1940) dy't froeger nei Amearika gien is.

Iety fertelde ek dat se aardich bekend is op 't Fean en dat har suster Renny dêr ek wennet mei har man Wiebe. En no wit ik ek dat Iety en har man Hessel op it Fryslân-koar foar Israël sitte. Dat koar ha myn frou en ik sjongen heard yn de Pypke-tsjerke yn Stynsgea yn de maitiid fan 2002 doe't wy in wike of wat yn Fryslân wiene. Ik koe Iety doe noch net fansels. Ik seach wol in frou tusken de tenoaren stean, mar wist net dat dat Iety wie. Sy holp dy mannen ris in kear en is dêr doe ek mar stean bleaun. No al 6 jier!

Iety is in dochter fan Roel Huisman (1918-2002) en Antsje de Boer (1920-2003) dy't yn't earstoan fan harren trouwen oan de Provinsjale wei wenne ha en ek tsjinoer de Iepenbiere Skoalle. Letter hienen se in foeraazje bedriuw flak by de Skieding. Roel wie in soan fan Harmen Roels Huisman (1886-1970) en Grietsje van der Molen (1891-1972) út Doezum, dochter fan Sietse van der Molen (1853-1915) en Eltsje Bosklopper (1851-1909). Harmen wie in soan fan Roel Oeges Huisman (1852-1915) en Wiebrigje Bosma (1854-1939) út Jobbegea.

No eefkes werom nei Antsje de Boer. Sy wie in dochter fan Hendrik de Boer (1876-1953) en Rinskje van der Veen (1881-1967), dy't út Koartwâld kaam en in dochter wie fan Gerrit van der Veen (1848-1914) en Ruurdina van der Velde (1853-1928).

Hendrik de Boer hie dus in broer Meine dy't nei Amearika gien is [ROOTS-122]. En hy hie noch in broer Wybe de Boer (1885-1961) dy't troud wie mei Bintsje Wijnalda (1898-1985). Dizze minsken hienen ek in soan Meine dy't yn de oarloch jammerlik omkaam troch de Dútsers. Hy wurde thús brocht yn in fersegele kiste, en is doe yn Grinzer Pein begroeven en rêst dêre al jierren neist syn pake Hendrik en beppe Rinskje. Wat sil dy âlden ek lit ha om en yn dat grutte fertriet. Gjin wonder dat de kategismus praat oer in 'jammer- of tranendal' yn de njoggende Snein.

En sa is Iety dus famylje fan dy Amerikanen yn Iowa en ek hiel yn de fierte fan dû. Kees de Boer út Enschede, dy't berne is op't Fean, as soan fan Pieter Kornelis de Boer (1910-1981) en Albertsje Wiebrens Poppinga (1911-2001).

Ik ha dit stukje mei in protte nocht en leafde útsocht en skreaun, foaral om't de gegevens dy't ik krige fan in djippe leafde foar oaren getúgden.

Jelle yn Kanada