"Ik wol wedzje ...." of "Wedzje?" of "Ik doar dy wol te wedzjen ....?" Dat binne fan dy útdrukkingen dy't my as jonkje faak tinken dienen oan de namme Wedzinga. As wy wolris tsjin elkoar seinen as jonges: "Sille wy wedzje?" of "Wolst wedzje?" dan sei myn mem grif: "Jim mei net wedzje, hjèr". Sy wist wol dat it letter op bargebiten útdraaie soe as de ferliezer betelje moast, en boppedien wedzje 'dogge jo as Kristen net'. Sa wurde ús dat by brocht.
Ik prate lêstendeis mei Jurjen Wedzinga út Burlington yn Ontario. Hy is troud mei Ypie Tijes Postma út Noardburgum. Ik hie syn adres krigen fan syn sweager Hein Land dy't ik neamd ha yn ROOTS-126 in ferbân mei dy twa Harrekieten dy't elkoar troffen yn Amearika.
Froeger hie myn heit it wol ris oer minsken op 'e Drifte dy't Wedzinga hieten en hy hie ek in muoike Romkje Wedzinga dy't troud wie mei Wierd Kooistra, in broer fan myn pake Rinze. Bern en bernsbern fan dizze Wierd en Romkje wenje oan de Heidewei ûnder Sweagerbosk. Dat binne Jitse Kooistra en syn húshâlding. Jitze hat ek in suster Romkje (1923-) dy't troud is mei Eit Tillema (1925-), dy't oan de Joereleane wenje. Ik bin wolris by Jitze en ek wol by Romkje yn 'e hûs west.
Jurjen Wedzinga hat as jongfeint by fruchtbeam-kwekers wurke, û.o. by Spaander op it Heechsân. En ik wol by Sjoerd Roorda. Ik bin froeger wol ris by dy Sjoerd Roorda west mei myn heit om appels op te heljen. It wie dêr in netsjes spul, en wat liken dy appels my doe lekker ta. It wetter rûn jo om de tosken. Dat wie yn de oarlochstiid, mar, ja, doe smakke alles lekker!
Yn Kanada hat Jurjen jierrenlang fêst wurk hân by de elektrisiteit. Hy is al lang mei pensjoen fansels. No blykt dat hy en ik beide ús ROOTS ha op 'e Drifte. Dêr wennen syn pake Andries en myn pake Rinze, noch gjin kilometer fan elkoar ôf. Ik kin my dat noch wol aardich foar de geest helje wêr't de famylje Wedzinga wenne. Dat wie ek tichteby âlde Sikke van Dekken, dy't ris sei dat hy himsels yn gjin jier sjoen hie. Dat kaam om't hy mûzen achter it behang hie, en doe hat hy it behang der ôf skuord mei it linen wêr't it oan fêst plakt siet. Doe hie hy syn spegeltsje dat altyd oan dat behang hong, fansels ek net mear. Dat lei yn in lege bêdstee oan't hy nij behang krige. Mar dat hie hy der fuort net wer op. Sadwaande koe hy it spegeltsje net mear brûke en koe hy dus mei rjocht sizze: "Ik ha mysels yn gjin jier sjoen."
Jurjen (1929-) is in soan fan Andries Wedzinga (1902-1966) en Fokje Hogeveen (1904-2001) dochter fan Andries Jurjens Hogeveen (1869-) en Antsje Tobias van der Velde (1873-) út Eastermar, dy't in dochter wie fan Tobias Tjerks van der Velde (1847-1901) en Sytske Kornelis Hiemstra (1844-1908). Andries Wedzinga wie arbeider en hie ek in pear beestjes, krekt as syn heit Anne ek al. Anne Wedzinga (1873-1940) wie troud mei Tjeerdtsje Nijboer (1879-1968) dy't fan 't Fean kaam. Sy wie in dochter fan Tjeerd Harmens Nijboer (1829-1879) en Antsje Gjalts Kootstra (1833-1916). In suster fan Jurjen Wedzinga, Grietsje, wie troud mei Frederik of Frits Bergsma (1914-1997) dy't in kreaze buorkery hie oan de Lytsewei yn 'e Ham. Dy Frits wie in soan fan Harm Roels Bergsma (1885-1963) en Hiltje Freerks Vaatstra (1882-1965). Syn frou Grietsje is ek noch net sa lang wei.
Ik hearde noch in lyts ferhaaltsje oer Anne Wedzinga: Anne hie sneins as hy nei tsjerke gie, in moai glêd, fyn-bewurke, fluwielen befke foar dat jo mei in strikje om de hals fêst dwaan koenen. Dat siet dan oer it boesgroen hinne, en ûnderoan ta it festje yn, tink ik. It like kreas.
Jurjen syn Wedzinga's binne hiel yn de fierte famylje fan de Wedzinga's yn de Kooistra-famylje, mar dat giet gâns in ein tebek. It liket my ta dat sy beide út it nêst komme fan Klaas Klaassens Wedzinga en Jisseltje Andries. Dat pearke hie yn elts gefal 3 soannen: Klaas (1772), Alle (1773), en Andries (1778). Romkje Wedzinga stammet ôf fan Alle, en Jurjen komt út it laach fan Klaas. Dan bin jo hjoed-de-dei eins gjin famylje mear, mar dochs leit der wol in bân yn it ferline.
Jelle yn Kanada