OP ZOEK NAAR ROOTS - 133


Sa troch de jierren hinne ha ik tûzenen Hollânske en foaral Fryske emigranten troffen yn Kanada, mar eins noch nea in oarlochs breidsje. Doe't de Kanadezen yn 1945 holpen om Nederlân frij te meitsjen fan de Dútse oerhearsking en alles wer wat frediger wie, seagen dy bliere, jonge soldaten al ridlik gau dat Fryslân ek wol moaie famkes hie. Guon fan dy kreaze mannen ha doe in jonge Friezinne mei nommen nei Kanada, de grutte dobbe oer. Sokke fammen binne al hielendal opnommen yn it Kanadeeske libben en bestean. Doe't sa'n 5-10 jier letter de grutte úttocht fan tûzenen lânferhuzers begûn, wie dat hiel oars. Dy emigranten bleaunen mear by elkoar, begûnen eigen tsjerken, skoallen, en ferieningen, en hâlden eigen taal en gewoanten langer fêst, ensf.

No trof ik okkerdeis in oarlochs-breidsje fan Surhústerfean! Ik hie nea witten dat ek in Feanster famke mei in Kanadeeske soldaat ôfstutsen wie en mei him it wide wetter oergean wie. Nea fan heard. Oant ik mei in tantesizzer fan har út Boelensloane tillefonearre. Ik ha gau de kompjûter oan set en it duorre mar krekt en doe wist ik al wa as dy jonge dame wie. En ....sy wennet no net iens sa mâle fier fan ús of. Mar 150 km. Ik ha by har west op besite. Sy is no 81 jier âld en noch sa helder as glês. Sels it Frysk praten giet noch hiel bêst. No blykt dat sy ôfstammet fan Jacobus Dalstra wêr't ik krekt in aardich ferhaaltsje oer lêzen hie in it boekje 'Achtkarspelen: Oars as Oars?' fan J. J. Spahr van der Hoek. Dy beskriuwt de earme tiden yn it lêst fan 1800 op 'e Feanster heide, ek dat dûmny's it faak net sa rom hienen en bliid wienen mei in waarm miel. Hy fertelt op bledside 105:
"Nim no de evangelist Zickelbeen fan De Wylp dy't sûnt 1880 elke wike op Boelensloane preke, bûtendoar of yn in skuorre en dy't de kost opdie dêr't it him it bêste smakke. De fjouwer grutte jonges fan Jacobus Dalstra (Johannes, Hendrik, Hillebrand, Petrus) seinen: 'Mem moat him net altiten freegje om mei te iten - it is gewoan skoaierij as hy delkomt'. Bêst, doe't hy der wer ris wie, skepte mem beantsjes mei spek op foar elkenien, mar net foar de waarm-miel-rinder. Neidat se efter de pet sjoen hienen en de leppel der yn setten, waard it him te machtich: 'Boontjes! frou Dalstra, wat lust Zickelbeen die geerne'. Toe dan mar wer. En sûnt dy tiid wie hy moandeis in fêste gast.'

Dy guodlike, barmhertige frou wie Sytske Smids, de frou fan Jacobus Dalstra, en in foar-mem fan it Feanster famke dat mei in Kanadeeske soldaat mei gie yn 1946.

Dy faam is Hinke Dalstra, of Ann sa't sy hjir neamd wurdt. Sy is berne op 't Fean yn 1922 as iennige dochter fan timmerman Bareld Dalstra. Sy hie 4 broers. Sy fertelde my dat se dy Kanadeeske soldaat troffen hie op in feestje yn de Like wêr't sy mei har broer hinne mocht yn dy moaie befrijingsdagen.

Sy en Henry krigen trije bern: twa jonges en in famke. De iene jonge is learaar wylst de oare autistysk is en noch by mem thús is. De dochter, Dr. Jeanette Holden is promovearre yn genetics en spesjalisearret yn autisme. Sy is ek professor oan de universiteit.
Yn de oarlochstiid ha ik as jonkje wol ris by Bareld Dalstra yn syn wurkpleats west om nije soallen ûnder myn klompen te krijen. Bareld makke ek wol nije klompen, mar reparearre ek wol klompen wêr't de soallen hiel tin fan wiene. Dy lime hy der dan ûnder en dan wienen se wer as nij.
Hinke (1922-) is dus in dochter fan Bareld Dalstra (1892-1975) en Jeltsje Kooistra (1894-1963) dy't út Stiens kaam en in dochter wie fan Dirk Nannes Kooistra (1868-1939 ) en Hinke Bloemhof (1866-nei1942). Dizze Kooistra's binne gjin famylje fan ús. Bareld wie in soan fan Johannes Dalstra (1859-1941) en Wipke Bijma (1865-1928) dy't in dochter wie fan Alle Barelds Meijer Bijma (1828-1915) en Fopkje Barelds Veenstra (1833-1895).

Johannes wie ien fan dy 4 soannen fan Jacobus Dalstra (1829-1904), timmerman fan 't Fean, en fan Sytske Smids (1832-1900). Dy Bareld en Jeltsje dy't ik niis neamde, hienen ek in soan Durk (1918-1997) dy't troud wie mei Geertsje Witteveen (1925-1958) en dizze minsken ha wer in soan Bareld (1950-) dy't troud is mei Anneke Veenstra (1957-) dochter fan Oene Veenstra en Hennie Zachtleven. Oene en ik sieten yn de selde klasse froeger op de Kristlike skoalle fan Surhústerfean. Dat wie dy tûke, linkse baas wêr't ik al ris oer skreaun ha yn ROOTS-102.
Minsken, wat leit dy befrijings-tiid al wer in ein achter ús. Sa bin jo 23 en mar in skoftke letter 81! De tiid hâldt gjin skoft.

Jelle yn Kanada