OP ZOEK NAAR ROOTS - 134


As ik goed nei tink, kin ik de sûpenbrij noch rûke út dy tiid as Karst oant útmjitten wie mei syn hjelmingel of mingel, flak foar ús hûs oan de Warreboskleane, sa mar oan de kant fan de wei. Ik ha der wol gauris op 'e noas-en-earen by stien te sjen. Foaral as jo hongerich wienen rûk dy brij hearlik. En ..it smakke ek goed! Alle dagen mar wer sûpenbrij! Dêr bin wy grut fan wurden. Yn dy tiid wie der noch gjin fla. Sûpenbrij! Gjin wûnder dat wy sa sûn wienen as fisken. Minsken wat smakke dy brij lekker!

Karst Helmhout kaam my yn't sin doe't ik in mailtsje krige út Brits Columbia yn Kanada fan in dochter fan de jongste dochter fan Hielkje Hendriks Helmhout (1882-1919) en har man Kobus wêr't ik al ris oer skreaun ha yn ROOTS-113. En no hie dy frou út Brits Columbia kontakt fia it internet mei in fier famyljelid yn Nederlân. Dat wie ek in neisaat fan in Helmhout. Dat fiere famyljelid yn Nederlân skreau my lêstendeis, nei't ik har wat dingen tastjoerd hie: "Mijn moeder is helemaal in de wolken en vindt het prachtig. De namen die u noemt komen haar erg bekend voor en waarschijnlijk is dat de Scholte die we zoeken".

No blykt dat sy fan hiel tichteby famylje is fan Karst, de sûpenbrij-man, en ek fan dy dame yn Kanada. En ....ek noch in bytsje fan Iety van der Meer-Huisman út Grinzer Pein. En no sit ik wat yn dy famyljes om te reagjen om't ik de molkboer koe. Dochs is it moai wurk de minsken sa wat te helpen om de losse triedden in bytsje oan mekoar fêst te knoopjen.

No fûn ik út dat dy frou yn Nederlân in dochter is fan Hendrik Ras (1938-), berne yn Velsen, en fan Henny Helmhout (1940-), berne op't Fean. Dizze Henny is in dochter fan Foppe Helmhout (1911-1976) en Jantje Bos (1915-2003) dy't in dochter wie fan Johannes Bos en Sjoukje de Vries.

Foppe en Jantje bin froeger nei Enschede gien om dêr wurk te sykjen. Foppe wie in broer fan Karst (1916-1979), ús molkboer, dy't troud wie mei Baukje Jans Bekkema (1922-). Dizze Karst en Baukje krigen in soan Kees (1946-) dy't troud is mei Barbera de Boer (1949-), en dy ha wer in soan Karst dy't neamd is nei syn pake Karst, dy't my oan de sûpenbrij holp. Dy Barbera is in dochter fan Catrienus de Boer (1917-) en Barber Koster (1916-1949). En .... Catrienus wie in broer fan Antsje de Boer, de mem fan Iety van der Sluis-Huisman.

Foppe en Karst wienen soannen fan Kornelis Helmhout (1887-1985) en Fintje Foppes Hoekstra (1894-1983) dy't in dochter wie fan Foppe Jans Hoekstra (1867-1962) en Roelofke Sietzes Taekema (1869-1952).

Dizze Kornelis wie in broer fan dy Hielkje Helmhout (1882-1919) dy't troud wie mei Kobus Nauta (1880-1957). En dat wienen de âlden fan dy dochter út Brits Columbia, dy't grut brocht is yn it gesin fan in evangelist en syn frou. Har mem Hielkje Helmhout is jong ferstoarn, twa wiken nei't dit lytse famke berne is.
[Ik krige okkerdeis in prachtige foto fan om-ende-by 1900 fan Kobus en Hielkje, al hiel út Dútslân.]

Hielkje en har broer Kornelis wienen bern fan Hendrik Karstes Helmhout (1850-1918) en Aafke Oedzes Eilander (1849-1896). Hendrik Helmhout wie in soan fan Karst Aukes Helmhout (1813-1851) en Hielkje Hendriks van der Bij (1813-1871), dy't in dochter wie fan Hendriks Tiemens van der Bij (1786-1844) en Trijntje Jans van der Hoog (1788-1864). Karst wie in soan fan Auke Jannes Helmhout (1774-1851) en Aaltsje Karstens (1778-1848). Tinus fan 't Fean hat ek aardich wat Helmhoutjes, en ús kompjûters kin wol aardich goed opsjitte tegearre.

Dat iene ferhaal út Grypskerk hat hiel wat minsken by elkoar brocht fia ROOTS en de kompjûter en de measten kinne elkoar net, allinne mar op papier.

Dit noch eefkes: Dy jonge Karst Helmhout is troud mei Anneke Jansma. Dat neam ik eefkes want dy Anneke is yn 'e fierte famylje fan myn frou. Dy beide dames kin tebek sjen nei Arnoldus Ruysch en noch folle fjirder, wol oan it jier 1000 ta, neffens mr. B.D. van der Meulen út Drachten. Wol steane der hjir en dêr wat fraachtekentsjes, mar dy man is oars wol in hiel sekuere útsyker. Wa wit.

Jelle yn Kanada