Ik neamde okkerdeis dat Sjoerd Roorda fan it Heechsân froeger sokke lekkere appels hie, en no blykt dat syn pakesizzer, ek in Sjoerd Roorda, troud is mei in dochter fan Johannes en Sjoerdtsje van Dellen út Harkema. De namme Johannes van Dellen kaam hjir binnen rûgeljen mei in moaie âlde foto fan 't Fean: ik tink dat it fan de frouwen-ferieniging fan de Grifformearde Tsjerke fan om-ende-by 1945 is. Ik kin der mar in pear dames fan: Tinus Tjits (de Haan) en Jan-'e-Mina (de Jong), twa buorfrouwen fan ús. En Mettsje van Dellen-Baron stiet der ek op. Wa kin der mear fan?. Besjoch de foto mar ris goed en lit my ris witte.
Myn earste gedachte, doe't ik Johannes van Dellen syn namme seach, wie oan dy Johannes van Dellen dy't froeger tichteby it âlde fuotbalfjild wenne, oan de Grinzer strjitwei. Dy man hie in prachtige motor wêr't wy as jonges mei grutte eagen nei sieten te sjen. Hy wie in soan fan Tsjebbe van Dellen dy't dy boadskip winkel hie tichteby de Kristlike skoalle. Mar de Johannes fan Sjoerdtsje is wol fiere famylje fan de Feanster Johannes. Sjoerdtsje har famylje komt út Burgum. Ik hie har famylje al yn de kompjûter om't hjir by ús ien wennet dy't ek fan de selde Abraham van der Werf ôfstammet as Sjoerdtsje.
Sjoerdtsje hat my al hiel wat ferteld oer har moaie, grutte húshâlding wêr't leed en sykte ek al ris oankloppe ha. Fûle en swiere klappen ha dizze minsken te ferwurkjen krigen. Mar ...sy bin der trochhinne kaam, mei de Heare, en ek op in manier dy't ús ek net frjemd is. Doe't wy in grutte soan fan 20 ôfstean moasten yn 1978, wienen ús beide jongste berntsjes fan 3 en 5 ús ta grutte stipe op harren eigen manier. De twa grutte bern ek wol, mar dy dienen it wer oars. De lytsen fregen om oandacht en brochten ek treast en freugde yn ús fertriet.
Dat fertelde Sjoerdtsje ek doe't se skreau: "Ús beide jongste jonges, dat is in stik bûter yn 'e brij. Dy bringe fleur en faasje". Johannes en Sjoerdtsje en dy oare 9 bern moasten samar ynienen ien fan de bern ôfstean. Harren Abram, noch mar 18, ferstoar oan de ferwûningen dy't hy krige fan in auto-ûngelok yn 1998. Hy wie net allinnich. Der wie ek in Teun en in Jeltsje by, dy't ek beide omkamen.
Sjoerdstje hie in stukje fan ROOTS lêzen wêr't ik it moaie liet 'De Likeblommen' yn neamde. Sy stjoerde my doe dat hiele lange gedicht, fia it internet. Sy stjoerde my ek dat moaie gedicht 'Het Uwe en het mijne' dat harren en ús doedestiids ek in protte treast jûn hat.
Johannes en Sjoerdtsje ha in prachtich moai gesin, en in foto dêrfan ha ik hjir by my yn myn keamer. Dêr seach ik dy jonge Sjoerd Roorda ek by.
Johannes (1938-) is berne yn Garyp en is in soan fan Hendrik van Dellen (1912-1988) dy't fan 't Fean kaam. Syn mem is Elisabeth de Haan (1914-) út Sumar en is in dochter fan Foppe de Haan (1886-1981) en Folkje Steendam (1890-1969). Hendrik wie in soan fan Johannes Durks van Dellen (1874-1933) en Mettsje Baron (1882-1954). Dy ha ik al ris neamd yn ROOTS-67 doe't ik har âlden beskreaun ha, Sietze Hendriks Baron (1854-1922) en Grietsje Jeens Landman (1865-1933).
Johannes van Dellen (1874-1931) hie in broer Tsjebbe van Dellen (1878-1936) dy't troud wie mei Martzen Veenstra. Tsjebbe wie timmerman mar hie ek dy boadskip-winkel. Dizze minsken hienen ek in soan Johannes (1913-1996), de motor-man. Dy wie troud mei Tryntsje Jansma (1918-2000). Johannes en Tryntsje hienen in soan Tsjebbe dy't troud wie mei Aukje Kooy. Dizze Tsjebbe is mar 41 jier âld wurden (1938-1979). Syn widdo Aukje is in dochter fan Dirk Kooy (1911-1993) en Jacoba Kramer (1914-1994). Jacoba wie in suster fan Jakkele Kramer, de hûsskilder.
Jelle yn Kanada