Ik ha de lêste wiken mei trije 'famkes' praat dy't froeger by my yn 'e klasse sieten by meester Tjoelker op 't Fean. Doedestiids ha ik noait mei harren praat fansels want dat dienen jo net as jonges fan 11-12 jier, en ik wie ek fiersten te bleu. Mar no't dy famkes froulju fan 70 jier binne, giet it praten hiel maklik. Neat gjin spul. It begûn mei in tillefoantsje nei Bertha Smit, dochter fan K. P. Smit, de klean-winkelman fan 't Fean. Dy húshâlding is yn 1951 nei Kanada gien, behalve Henk, de sjonger. Bertha is yn Kanada troud mar is ek al jierren widdo. Wy ha gesellich wat praat oer dy goeie âlde tiid fan froeger. Sy fertelde my dat der ek in famke út dy klasse yn Brits Columbia wennet. Dat is Corrie Houtstra dy't troud is mei Jaap Klaren út Aldehaske. Hy hast masjinist west op it molkfabryk op 't Fean. In dei of wat letter ha ik mei Corrie praat en dat gie al sa maklik. Ek hielendal gjin spul. Wy ha it oer alderhande minsken en foarfallen han út dy tiid fan skoalle-gean en dêrnei. Har heit en mem wienen beide dôfstom en hienen mekoar troffen yn it dôfstommen-tehûs. Hy wie kleanmakker wurden en sy naaister. Sy wurke letter foar de famylje Schoffert yn Drachten. Dat is de man van de Wilhelmina Hoeve. Sy trouden yn Gruttegast en wennen letter op 't Fean oan de Dr. VanKammenstrjitte, neist it grutte gesin fan Jan Kuipers, de drukker. Corrie fertelde dat Albert Riemersma ris by harren kaam wie en dat hy en Houtstra tegearre in kappe foar in bernewein ûntwurpen ha. Houtstra makke dy earst fan papier. Corrie wit dat noch, ek dat har heit 30 jier op de Rimba wurke hat oant 1965 ta doe't Houtstra mei pensjoen gie. Dat kappemeitsjen wie dus yn de tritiger jierren begûn.
Corrie en Bertha gienen op 'e fyts nei de húshâld-skoalle yn Gruttegast, en al ridlik gau dêrnei gie it gesin Smit nei Kanada. Corrie en Jaap gienen yn 1956.
Corrie hat noch in suster Houkje dy't ek dôfstom is. Sy is troud en hat 2 bern, en sy wenje yn Limburg. Der hat ek noch in suske Anna-Rika west dy't mar 4 jier wurden is. Sy rekke ûnder in molktruck yn 1939. Dat wie in grutte slach foar it gesin. Der bin ek twa broers: Watze dy't yn Burgum wennet en Henk dy't yn Harkema wennet. Henk is troud mei Sjoukje Kooistra, dochter fan Simen Kooistra en Eke Bonnema (sjoch ROOTS ). Sjoukje is famylje fan ús, yn de fierte fansels, mar it is wol sa. Har pake Wierd Jans Kooistra en beppe Grietje Koops Elzinga wennen yn Harkema froeger.
De famylje Houtstra komt oarspronklik út de westhoeke fan Fryslân. Corrie har heit wie Fedde Houtstra (1901-1987) en wie in soan fan Watze Houtstra (1868-1924) út Tzum, en Houkje Bijlsma (1871-1931). Corrie har mem wie Aaltsje Postma (1903-1974) en kaam út Grinzer Pein, al wie se berne op 't Fean. Sy wie in dochter fan Hendrik Gerkes Postma (1882-) en Korneliske Rinzes Landheer (1885-1910). Dizze Korneliske wie in dochter fan Rinze Wytzes Landheer (1847-1922) en Aaltsje Willems Jongsma (1848-1920), dochter fan Willem Kornelis Jongsma (1823-1878) en Hendrikje Joostes van der Tuin (1822-1892). Hendrik Postma wie in soan fan Gerke Tjidsgers Postma (1854-1897) en Antsje Alberts Bosma (1851-). Gerke wie in soan fan Tjidsger Sjoerds Postma (1823-1889) en Jeltsje Petrus van der Ley (1827-1896), en dy minsken hienen ek in soan Atze Sjoerds Postma (1862-1925) dy't troud wie mei Annegien Hendriks Kielstra (1865-). Der wennen froeger oan de Âlde Jirden in sekere Sjoerd en Romk Postma dy't trije jonges hiene: Johannes, Tjidsger, en Atze. Dy jonges moasten pake sizze tsjin dy Atze Sjoerds Postma (1862-1925). Harren mem, Romkje Laanstra, wie in nicht fan myn heit.
Corrie en Jaap wenje yn Brits Columbia en Corrie har âlden ha dêr wol op besite west. Corrie en Jaap ha twa dochters en sy binne ek al 5 kear pake en beppe.
It foel my op dat Corrie noch in protte dingen fan 't Fean wit, ek folle mear klasgenoaten, en sy fertelde ek noch dat se soms noch de 'parfumwagen' rûke kin dy't froeger ien kear eltse wike troch har strjitte ried. Dat wie gjin moaie taak dy't Wiersma hie mar it holp in protte minsken yn dy tiid. Sa'n man hie wol in lintsje ha mocht foar wurk dat net folle dwaan woenen. It lintsjes jaan is moai, mar kriget de rjochte persoan wol ien? Hy hie fêst ien ha moatten.
Jelle yn Kanada