OP ZOEK NAAR ROOTS - 138


Ien fan de moaiste kuierkes op in skoandere snein wie froeger eefkes it Ketting reedsje lâns, dan oer de Lauwers, dat lytse rivierke, dan troch nei de Skieding ta wat eins mar in pear hoannetrêden wie, en dan werom lâns de Grinzer strjitwei rjochting 't Fean. Dat ha wy etlike kearen dien, earst mei heit en mem doe't wy lyts wienen, en letter ek wol doe't wy grutter wienen. No, 50 jier letter, sjoch ik noch dúdlik yn myn tinzen dy selde âlde fertroude hûskes stean. It blykt dat it Ketting hiel froeger de ienichste wei wie fan Grinzer Pein nei 't Fean. Dat wie foardat de Grinzer Strjitwei der wie.

As jo begûnen wêr't wy wennen, flak by de Avek, krigen jo earst Japik Ninck op it hoekje en op dy oare hoeke stie in hûs wêr't Lamke van Dellen mei har soan Klaas wenne hat. Letter ha Jan Elzinga en Mettsje dat hûs kocht fan Jan syn Lamke-muoi. Dan kaam al gau it hûs fan âlde Been-Ingel (Engeltje Terpstra 1866-1951) mei har dochter Martsje (1896-1968) en dy har soan Sytze van der Meer. Krekt eefkes fierder wennen Roel en Minke Dijkstra. Dan kaam Adam Pietens en syn frou Aaltsje van der Velde. En dan wie der in bochtsje. As jo yn dy bocht rjochts ôf gienen kamen jo by Wiebe Brouwers lâns en sa nei de Kommiezebosk. Mar as jo lofts oanhâlden yn de bocht, kamen jo Marten en Lamke Dijkstra, mei Steffen en Bontsje, foarby. Dan wie der in hûs wêr't in sekere Joost Schurer ynwenne en dan noch ien hûs foardat jo oer de Lauwers gienen wêr't in stien jo oanwiisde dat dêr de grins wie tusken Fryslân en Grinslân. Yn dat lêste hûs wenje no Gerrit en Bettie van der Heide. Ik wit net mear wa't dêr froeger wennen, miskien in Eilander. As jo dan fierder gienen, yn Grinslân dus, wenne dêr in boer Jeen Baron. In soan dêrfan is dr. Henry Baron, professor oan Calvin College yn Amearika. Ik ha him wol ris troffen en ek wolris neamd yn ROOTS-67.

Dy Steffen Dijkstra hat al ris nije klompen foar ús trijen as broers makke yn de oarlochstiid doe't wy noch mar bern wienen. Dy krigen wy op Sinteklaas en droegen se earst allinne op snein. Hy wie in hiel fernimstich, tûk baaske, in soart keunstner. Hy hie in protte hobbys en ynteresses. Ik ha noch eefkes by him west in jier of wat lyn doe't wy yn Fryslân wienen mei fakânsje. Wy komme by elkoar as famylje by Gerben Wopkes (1735-) en Grietje Jans (1739-).

Ik ha ris heard dat Adam op in kear in meunster snoek fongen hie. Hy is dêrmei op 'e foto kaam yn de krante. Dy snoek wie ien meter lang en woech omtrint 12 pûn! Dat wie noch ris in kanjer! It die my tinken oan dy grouwe kanjers dy't Siebe Koning wol ferlear yn it Knillesdjip! [ROOTS-73]

Adam Pietens (1914-1976) wie troud mei Aaltsje van der Velde (1926-1982) dochter fan Marten Joekes van der Velde (1885-1967) en Aukje Snip (1885-1977). Aukje wie in dochter fan Jan Snip (1866-) en Trijntje Blauwwiekel (1866-).

Adam wie in soan fan Harm Jans Pietens (1878-1960) en Antsje Bonnema (1881-1969). Harm wie in soan fan Jan Hendriks Pietens (1837-1913) en Jantsje Sytzes Sintniklaas (1837-1882), en dizze Jan wie in soan fan Hendrik Jans Pietens (1813-1843) en Hiske Jans Drost (1815-1896).

Ik neamde niiskrekt Adam Pietens. In suster fan Adam Pietens, Jantsje (1903-1985) troude mei Sas de Boer (1903-1984) út Stynsgea. Oer dy harren soan Pier ha ik al ris wat skreaun yn ROOTS-75 & 110.

In oare kear skriuw ik wat oer dy reed dy't fia Brouwers nei Hendrik Baron gie, by it Kommiezebosk lâns. Jehannes Zuidema fan 't Fean stjoerde my in pear machtich moaie kaartsjes mei fan alles der op oer froeger: minsken dy't dêr froeger wennen, en sels de kampkes lân sa't dy froeger wienen. Dêr ha ik as jonge wol boarte en ek wol prikken en spoannen op socht yn 'e oarloch. Ek wol toarnbeien. Dêr wienen ek wol stikken lân by mei lekkere rapen! Fierder sis ik dêr mar net oer. Master Tsjoelker sei ris tsjin myn heit: "De rapetiid is de minste tiid foar in master. Dan is der net yn 't lokaal te wêzen!" Hy koe it witte! Hy spruts út ûnderfining!

Jelle yn Kanada