OP ZOEK NAAR ROOTS - 139


In pear wiken lyn ha ik wat ferteld oer It Ketting, dat moaie sânpaad mei al dy lytse hûskes. Ik neamde doe ek dat ik in moai kaartsje krigen hie fan in sekere Johannes Zuidersma út Surhusterfean.

Dat kaam allegearre om't ik drok dwaande wie mei Henstra's en Dijkstra's út de buert fan Twizel. Op de ien of de oare manier kaam ik op it Fean terjochte troch in frou yn Kanada. Har namme is Sjoerdsje Hamstra, mar sy is gjin famylje fan myn mem har Hamstra-famylje. Sy fertelde my dat har mem, Antje Zuidersma, in broer Jakob Zuidersma hân hat dy't troud wie mei in frou fan Surhústerfean, nammentlik Aaltsje Miedema.
In frou fan 't Fean? Wa soe dat dan wêze kinne? Doe't ik wat fierder frege kaam ik terjochte by Johannes Zuidersma en Grietje van der Bij. En doe wie it krekt as hie ik in goudmyn fûn. Johannes hâldt fan útplúzjen en hat my geweldich holpen mei in moaie kaart fan dy wrâld dêre rûn de Kommiezebosk. En no wit ik ynienen folle mear oer de minsken dy't dêr wenje en wenne ha. En doe't ik wat troch sneupte, fûn ik út dat wy besibbe binne oan al dy Dijkstra's dêr oan it Ketting. Dat giet wol in hiel ein tebek, mar der lizze fêst wol bânnen. Miskien is it wol dêrom dat ik dêr sa graach omsneupe mocht froeger.

Johannes stjoerde my dus dat kaartsje en ek in ferhaaltsje oer it ûntstean fan de Kommiezebosk. As bern wienen wy eins mar wat bang foar dat boskje want der gienen ferhalen rûn dat dêr wol 'rôvers' en 'spoeken' yn dat boskje omtoarken. Ik leau dat wy wol gauris bang makke wurden foar ús eigen feiligens. Tsjerkhôven hienen we ek wat in hekel oan. En djippe sleaten moast ik fier by wei bliuwe want jo koenen der samar yn lutsen wurde. Dat warskôgjen joech soms net folle want wetter hie in bepaalde bekoaring foar nijsgirrige baaskes.

By de bocht flak by Steffen Dijkstra krigen jo earst it lytse hûske fan Ruurd Helbich en dan it hûs fan in sekere van Dellen. Eefkes fierder yn dy bocht wenne earst de húshâlding fan Wiebe en Neeltje Brouwers, doe Geert Jacobs Miedema en Aaltje Brouwers, en letter Wiebe Miedema en Janke Dijkstra. Dan op nei de bosk kamen jo earst by Sieger Jager en syn frou Neeltsje Miedema, en dan kamen Bôkke en Tet Wassenaar. Noch wat tichter by de bosk wennen Johannes en Kee Wiersma. Dat hûs is letter ôfbaarnd. It skynt dat Anders en Aaf van der Veen dêr ek wenne ha, krekt de bosk foarby. Letter wennen dy minsken yn de kazerne. Nei Anders en Aaf kamen jo by Hindrik Baron op it hoekje. Doe't ik as jonge wol by Hoving op Topweer wurke, trof ik Anders van der Veen dêr ek ris. Dy holp dêr ek wolris. Hy hie in protte meimakke yn syn libben en hy fertelde ús as jonges sterke ferhalen oer syn jonge jierren. Wy wisten der wol in bytsje fan ôf, mar net folle. Wy fregen him fan alles.

Tichteby by Hindrik Baron wenne ek de grutte hûshâlding fan Johannes en Mettsje van Dellen.

Johannes Zuidersma (1943-) berne yn Twizel, is troud mei Grietje van der Bij (1943-) dy't berne is yn Grinzer Pein. Sy is in dochter fan Marten van der Bij (1870-1943) en Sietske Harmens Huisman (1920-1977) dochter fan Harmen Huisman (1886-1970) en Grietje van der Molen (1891-1972). Marten van der Bij is in soan fan Jan van der Bij (1870-1943) en Elisabeth van der Veen (1880-1935).

Johannes is in soan fan Jacob Zuidersma (1911-1995) en Aaltsje Miedema (1919-1998), dy't dus flak by de Kommiezebosk berne is, as dochter fan Wiebe Geerts Miedema (1880-1959) en Janke Jans Dijkstra (1888-1952). Wiebe wie in soan fan Geert Jacobs Miedema (1844-1909) en Aaltsje Wiebes Brouwers (1843-1920). Janke Dijkstra wie in dochter fan Jan Martens Dijkstra (1844-1908) en Geertsje Wiebes Brouwers (1849-1924). Aaltsje en Geertsje wienen susters en dochters fan Wiebe Douwes Brouwers (1808-1887) en Neeltsje Joostes van der Tuin (1810-1890).

Wat ha in protte minsken harren bestean dêr yn dy lytse wrâld fan it Ketting en de Kommiezebosk hân, en wat is dêr ek in "lief en leed" mei elkoar dield wurden. Dêr sil ek wol ris flokt wêze, mar dêr is ek wol bidden. Sa besjoen is der net folle feroare: dy beide tiidwurden brûke in protte minsken hjoed ek noch wol.

Jelle yn Kanada