OP ZOEK NAAR ROOTS - 14


Sûnder grutsk te fielen of pocherich te wêzen, wol ik dochs sizze dat it my in moai gefoel jouwt dat sa folle minsken réagearje op myn stikjes ûnder de titel fan ‘OP ZOEK NAAR ROOTS’. Sa no en dan kom ik dêr wol wer ris op werom. As der minsken binne dy’t graech witte wolle of ik gegevens ha oer harren famylje, skriuw my dan gerêst. Wa wiet sit jimme namme wol yn’e kompjûter yn Canada. In protte minsken yn ‘e Ham, yn Harkema, op ‘t Fean, yn Surhúzum, yn Stinsgea, yn Jistrum, ensf. Binne earne dochs wol famylje fan mekoar.

As ik sa deis wat oan’t wurk bin yn ‘e tún, of yn in âlde skuorre wêr’t ik mei oan’t opknappen bin, of as ik oan’t gers knippen of meanen bin, komme der allegeare foarfallen fan froeger op’t Fean, of yn ‘e Ham, of op de leagere skoalle, of de Mulo, of de Kweek, yn myn gedachten.
Sa tocht ik lêstendeis oan Bouwe Nicolai, learaar oan de Kristlike ‘Koningin Juliana Kweekschool’ yn Drachten, yn ‘t begjin fan de fyfticher jierren. Menear Nicolai wie in goede learaar, hie ús oandacht altyd wol, en fertelde wol gauris in aardich ferhaaltje oer fan alderhanne ûnderwerpen.

Hy joech û.o. wiskunde en ek plantkunde. Sa moasten wy yn ‘e heechste klasse alle fjildblomkes en planten kenne. Dat foel net mei, foaral net om’t wy as Friesen faak wol de gewoane, platte namme koenen, mar net de offisieele of Latynske namme. Sa hâlde menear Nicolai dan elts blomke omheech en joech ús dan elk in beurt om de namme te sizzen. Ik wie oan bar en hy hâlde in plantsje omheech dat ik fuortynienen wol herkende. ‘Kooistra’, sei hy, ‘welke bloem is dit?’ Myn antwurd yn ‘t Frysk wie: ‘Dat is net in blom, mar dat is in ‘kjit’, dat is de blaumelt’. De klasse lake en dat wie mis fansels. Wat is’t al wat: omtrint klaer foar ûnderwizer en dochs noch sa ûndogens! Hy sei: ‘No moast der mar op rekkenje dost alle blomkes en ‘kjitten’ kenst op ‘t ein-eksamen’. Op ‘t eksamen, dat in skoftke letter wie, stie in moaie grutte faas smoarfol mei blommen út it fjild en ik moast de measten neame. Hy glimke mar wat. Gelokkich koe’k se allegeare. Myn kammeraat Sip Kuipers en ik hienen dagen fan tefoaren te blomkes sykjen west, en goed oan’t nammen learen west. It eksamen ferroun bêst. Yn Canada sjoch ik noch faak de selde blomkes en ‘kjitten’. Ek de blaumelt!

Menear Nicolai en ik wienen famylje fan mekoar, en wol fia de Nicolai’s fan ‘e Ham. Bouwe wie in soan fan Mekke, de brêgewipper fan ‘e Tille, dy’t in ôfstammeling wie fan Roelof Atzes Nicolai (1691-1765), soan fan Ds. Atzo Nicolai (1640-1701), wylst ús famylje ôfstamde fan Pieter Atzes Nicolai (1686-1769), in oare soan fan de dominee. Wat ha ik in protte Nicolai’s oantroffen, ek yn Canada, dy’t allegeare famylje binne fan Ds. Atzo Nicolai fan ‘e Ham. De kompjûter sit grôtfol fan dat folk. Tûzenden. It is mei de Nicolai’s hast krekt as mei de ‘blaumelten’: Jo fine se oeral!

Mar Bouwe en ik komme noch wat earder by mekoar yn ‘e Kramer-famylje. Dat wist ik net, mar it sit sa: Bouwe (1918-1984) soan fan Mekke (1890-1960), soan fan Wikke Tjallings Bos (1853-1939) en troud mei Anne Nicolai, dochter fan Teikje Willems Kramer (1816-1894) en troud mei Tjalling Bos, dochter fan Willem Michiels Kramer (1780-1844), soan fan Tieke Jans Kramer (1749-1824) en troud mei Michiel Kramer, dochter fan Jan Rienks (r.1700-) en Neeltje Johannes (r.1705-). Jelle, soan fan Trijntje Hamstra (1912-1995) en troud mei Hendrik Kooistra, dochter fan Jelle Hamstra (1884-1942), soan fan Aaltje Johannes Kramer (1845-1928) en troud mei Pieter Jelles Hamstra, dochter fan Joh. Alles Kramer (1810-1886), soan fan Alle Joh. Kramer (1773-1895), soan fan Joh. Jans Kramer (1744-1811), soan fan Jan Rienks en Neeltje Johannes.

Ik wie ferbaasd dat de kompjûter dizze wei naem, en net de Nicolai-wei. De kompjûter tinkt oars as wy, faak wol better en tûker!

Jelle Kooistra yn Kanada