Doe't ik in jonge fan sa’n 10-12 jier âld wie, kaam der wolris in frou by ús lâns stappen dy't wy allinne mar koenen as Melle-Tiet. Sy wie wat oars as gewoan fernamen we wol. Sy wie meastal klaaid yn't swart, hie faak in grutte hoed op, en sy hie hege skuon of klompen oan. Tiet wenne earne oan of tichteby de Skieding, of op 'e heide, tink ik. It wie earmoed dêre koenen wy as bern wol oanfiele. Sy hie in soan Anne, en ek 2 dochters dy't beide ek wat apart wienen. Myn heit koe Tiet wol aardich goed en as sy dan by ús lâns kaam, en heit wie oant wurk yn ‘e tún, mocht hy wol graach eefkes in praatsje mei Tiet begjinne. 'Moarn, Tiet. Jo bin ek al betiid op in paad. Wêr sil de reis hinne? Is der wat?' Sa begûn it soms en dan kaam der fan alles los by Tiet. Sy soe nei't molkfabryk of sy soe dit of dat... want der wie net folle iten mear yn
'e hûs. Har soan Anne hie los wurk, tink ik, en hy hat ek wol molkrider west en hat ek wol wurke foar in man dy't branje ferkocht. Ik wit net of Tiet en har húshâlding wol tsjerksk wienen of net. Miskien gienen se wol nei it gebouke op de Trije Roede.
Jierrenlang ha ik neat wer wat oer Tiet heard. Wol hast yn gjin sechtich jier.
Mar okkerdeis krige ik in prachtich moaie brief fan Joke Geertsma út Drachten. Joke komt ek fan't Fean. Har famkes namme wie Joke Tuinstra. Sy fertelde yn har brief hoe't it letter mei Melle Tiet gien wie. It brocht triennen yn myn eagen. Joke fertelde sa it ien en oar yn har brief:
"Ik sjoch har noch oan kommen op de Grinzer Strjitwei, flak by ús hûs, net sa fier fan de Kristlike skoalle ôf. It wie winter. Ik wie noch mar in famke en ik krige begrutsjen mei har. Sy koe mar amper rinne fanwegen de grouwe kluten snie únder har klompen. Sy like sa 'zielig' en sa kâld. Ik frege har of sy eefkes by ús yn 'e hûs komme woe om waarm te wurden. Dat naam Tiet fuort oan. Myn mem seach wol in bytsje ferheard doe't ik mei Tiet by de doar kaam, mar mem noadige har gau binnen. In skoftke letter stapte Tiet wer op. Sy wie tankber, wie lekker
opwaarme, en har klompen wienen wer skjin. Wy, myn broer en ik, ha har letter in ein fuort brocht omtrint oan har hûs ta, earne op de heide. Myn heit die in protte oan evangelisaasjewurk en kaam by hiel wat minsken yn 'e hûs. Hy brocht sa de boadskip fan it blide evangeelje. Myn heit hie in waarm hert foar it ferlerne. Sels wie hy krêftdiedich feroare fan sûnder yn in bern fan God doe't hy goed tweintich jier âld wie. Ien kear mocht ik mei heit mei de heide op om evangelisaasje bledsjes út te rikken. Sa kaam ik ek by Tiet yn 'e plaggehutte of spitkeet. Hiel lyts, ienfâldich en earmoedich wie it dêre. De flier wie fan liem, der lei strie yn de bedsteden, de tafel wie leech. Melle wie der ek. Ik sjoch him noch stean. Hy wie in rizige man. Hy ferstoar yn 1939. Der wienen trije bern: in soan Anne en twa famkes: Emke of Ymkje en Janna. Ien fan de famkes rûn hiel
gebrekkich.
De jierren fleagen fluch foarby. Ik wurde âlder en gie yn de ferpleging en wurde suster yn T.C.L. (Tot Christelijke Liefdadigheid) in Wagenborgen. Op in kear skreau myn mem dat de minsken fan de Feanster earmesoarch Tiet nei Wagenborgen brocht hienen wêr't har dochters ek al wienen. Sy koe net langer allinne wêze.
En sa trof ik Tiet dus wer. Sy wie ûnwennich en fertrietlik. Har hier wie no sniewyt. Ik hie myn unifoarm oan en fûn har yn har keamer yn Paviljoen Bethel. Ik prate Frysk tsjin har en fertelde har dat ik Joke Tuinstra wie fan 't Fean, in dochter fan Klaas Tuinstra. 'Klaas Tuinstra, ot ik dy kin!', rôp se. Har hiele gesicht kleare op. It strielde. 'En bliuw jo hjir no ek by my? Dan is alles goed!" sei se. Ik ha har wol gauris opsocht en ik wit dat dat har goed die. En doe wurde se siik. Ik fertelde har oer de leafde fan Jezus. En sa is Tiet doe ferstoarn yn Wagenborgen. Ik bin op har begraffenis west en har trije bern wienen der ek, en ek de famylje Baron út Grinzer Pein dy’t Anne bot holpen ha. Ja, Tietje, wie wat in frjemde frou fan de heide, hiel ienfâldich yn ús eagen, mar sy wie ek 'een koninklijk kind en door Jezus bemind'..
Tietje Annes Veenstra (1885-r.1957) dochter fan Anne Jans Veenstra (1846-1916) en Emke Vlietstra (1848-1918) wie berne yn Terwispel. Sy krige in soan Anne, dy't dus Anne Veenstra hiet (1917-1983) en in protte fan de lêzers fan ROOTS ha Anne wol kend. Yn 1920 troude Tietje mei de widner Melle Meinderts Visser (1865-1939) soan fan Meindert Melles Visser (1839-1870) en Sytske Riekeles Elzinga (1838-1913). Meindert wie in soan fan Melle Meinderts Visser (1795-1846) en Gepke Mients Stienstra (1801-1877).
Sytske Elzinga wie in dochter fan Riekele Andries Elzinga (1811-1874) en Etje Gabes Bron (1806-1870).
Melle hie earder troud west mei Japikje Iedema (1854-1913) dochter fan Hielkje Hylkes Iedema (1855-1913). Melle en Japikje krigen yn elts gefal trije bern: Hielke (1888-1940), Sytske (1893-) en Meintje (1895-). Sytske troude mei Johannes Roels van der Heide (1885-). Melle wie skuonmakker. Hy en Tietje krigen ek noch twa bern: Emke (Ymkje) yn 1920 en Janna yn 1925.
In folgjende kear hoopje ik wat te fertellen oer de famylje Tuinstra fan 't Fean.
Ik bin bliid dat der eltse kear wer reaksjes komme op de stikjes fan ROOTS, ek wol ris wat ferbetteringen fan nammen of datums.
Jelle yn Kanada