"Dan bisto ien fan dy trije Tuinstra-bern dy't ik froeger tagelyk op in snein doopt ha yn de Grifformearde Tsjerke yn Surhústerfean!" Dat sei Dû. Broer tsjin Andries Tuinstra doe't hy yn 1947 al ridlik gau, nei't hy yn Indië oankaam, Dû. Broer dêre tsjin kaam. Dy wie 'veldprediker' yn it Nederlânske leger. Hy fertelde Andries ek dat hy tiidens dat dopen tsjin him sein hie: "Kom do hjir mar by my, Andries." Andries wie al trije, fjouwer jier âld en koe al stappe, wylst syn heit Klaas en syn mem Tsjitske de oare twa jongere bern droegen nei it doopfont. Andries fûn dat prachtich fansels dat dû. Broer dat noch wist en him dat yn Indië fertelde. Dû. Broer stie as dûmny op 't Fean fan 1929 oant 1935 ta.
Klaas Tuinstra, de heit fan Andries, wie as jonge man fan goed tweintich jier krêftdiedich bekeard en spruts letter mei eltsenien oer syn ljouwe en oer it nije, rike libben yn Kristus dat hy fûn hie en oaren ek graach ta ha woe. [ROOTS-140] Fia Joke Tuinstra, suster fan Andries, ha ik it moaie libbensferhaal fan Klaas Tuinstra tastjoerd krigen. Dêryn beskriuwt hy sels hoe't de Heare syn libben lied hat. It is in kostlik ferhaal dêr't de famylje hiel wiis mei is. In dûmny sei ris: "In protte minsken ljouwe dat der in God is en dat de Bibel wier is, mar Tuinstra kin fertelle wat de Heare oan syn siel dien hat."
Om't Tuinstra wat mei de bernedoop yn 'e tiis siet, lieten hy en syn frou earst de bern net dope. Mar dat feroare ûnder dû. Broer. Dêrom wurden der trije bern op ien en deselde snein doopt troch dû. Broer.
Ik hie Andries opbelle om wat gegevens oer Melle-Tiet [ROOTS-140], en doe fertelde hy my ek oer dû. Broer en oer it libbensferhaal dat syn heit froeger skreaun hat. Yn dat ferhaal beskriuwt âlde Klaas Tuinstra ek dat der swiere klappen yn syn libben kamen: in jonkje fan 2 jier ferdronk yn in sleat en in lyts famke ferbaarnde letter doe't harren hûs op in iere moarn ôfbaarnde. Syn earst frou ferstoar doe't sy noch mar 40 jier âld wie.
Andries hat ek jierren yn Huizum wenne wêr't hy by de P.T.T. wurke. Mar hy en Iep, syn frou, binne dochs wer nei't Fean werom gien. Iep is in dochter fan Anne Rinzes van der Sluis (1860-) en Lieuwkje Hendriks Elzinga (1860-).
Ik krige ek in moaie foto fan in groepke bern fan de Kristlike Skoalle fan 't Fean út 1938/39, tink ik, want myn broer Rinze stiet der ek op. Dizze foto hat bern út de selde húshâldings en dêr steane twa masters op: master Tjoelker en master de Jonge. Ik bin benijd of der ek lêzers binne dy't al dy bern noch kinne. Lit my mar ris witte. Yn ROOTS-142 komt dy foto fan dy Frouwen-feriening wer!
Yn it boekje '125 Jaar Gereformeerde Kerk te Surhuisterveen' stiet in skoalfoto fan myn klasse, op side 86 mei master Land en juffer van der Graaf. Soe ien fan de lêzers my de echte foto ta 'scanne' kinne? Dat soe ik prachtich fine.
No blykt dat Andries en ik famylje fan elkoar binne en net iens sa malle fier tebek. Wy ha beide Nicolai-bloed yn de ieren.
Antje Jelles Nicolai, beppe fan Andries, is de âld-muoike fan Hinke Jelles Nicolai, myn beppe út 'e Ham.
Andries (1927-) is in soan fan Klaas Tuinstra (1871-1964) en Tsjitske Veenstra (1900-1984), dochter fan Andries Pieters Veenstra (1863-1929) en Johanna Jans Kootstra (1864-1942). Dizze famylje kaam út Gerkeskleaster.
Klaas hie earder troud west mei Sytske de Vries (1871-1911), dochter fan Keimpe Wolters de Vries (1826-1876) en Antje Theunis van der Wal (1834-1900). Dizze minsken kamen út 'e Koaten.
Klaas Tuinstra wie in soan fan Lucas Taekes Tuinstra (1845-1903) en Antje Jelles Nicolai (1843-1921) dochter fan Jelle Pieters Nicolai (1807-1879) en Fopkje Pieters Riemersma (1813-1865). In soan fan dizze minsken wie Pieter Jelles Nicolai (1835-1903) en dy wie troud mei Hinke Gerbens Folkertsma (1832-1906), en dat wienen de pake en beppe fan Hinke Nocolai, beppe fan Jelle Kooistra en mem fan Theodora Schurer-Hamstra fan 't Fean.
Jelle yn Kanada