Wat kin ien foto al in protte pennen oant skriuwen en hiel wat hollen oant tinken bringe. In skoftke lyn hie ik de lêzers in foto sjen litten yn de Feanster fan de Frouwen-Ferieniging fan de Grifformearde Tsjerke fan 't Fean. Ik neamde doe ek dat ik eins mar twa fan al dy dames koe, by namme.
In protte minsken ha opnij wer útfûn dat ús ûnthâld ek net alles mear sa klear en betrouber wit. It duorre mar eefkes en doe kamen de earste reaksjes de grutte dobbe al oer. Mar net ien hie alle nammen. Guon hienen wol aardich wat, mar net ien koe se allegearre te plak krije.
Johannes en Sjoerdtsje van Dellen út Harkema stjoerden my in moai nustje nammen. Sjoerdtsje fertelde earlik dat de froegere fiskman fan 't Fean, Willem Veenstra, harren bot holpen hie mei de nammen. Ek Andries Tuinstra koe hiel wat fan dy frouwen opneame. Mar de measten hienen muoite mei in stik of wat dames dy't se net mear koenen.
Mar doe kaam der in mailtsje út Voorschoten. En dat wie in boppeslach! Dêr yn Voorschoten hienen twa grize hollen fan âld-Feansters harren bûgd oer de foto dy't famylje harren tastjoerd hie. Dêr is doe tige djip tocht wurden. En sy, de frou, koe se benei allegearre opneame! Ik soe sizze: 'In tsien-min fan dizze master!'. Sy frege ek oft ik in dúdliker foto foar har hie dan de foto yn de Feanster want har mem stie der ek op. Dat ha ik doe dien troch har de foto fia de kompjûter ta te stjoeren, en dy is krekt like dúdlik as de orizjinele foto.
No blykt ek dat de foto út de tritiger jierren is want mefrou Broer stiet der noch op, al seinen in pear dat it mefrou Booy wie.
No noch eefkes werom nei de dame yn Voorschoten dy't benei alle nammen wist, op twa nei, en dat wienen krekt de beiden dy't ik wist om't dy twa dames froeger ús buorfrouwen wienen oan de Warreboskleane. De frou yn Voorschoten is Trienke Dijkema, frou fan Jan Atsma, en beide âld-Feansters. Ik koe wol in apart stikje meitsje oer dy twa famyljes, mar dat doch ik no net. It giet no om de foto sels.
Dit noch eefkes: it hat my hiel wat wurk besoarge om ien frou, Iebeltsje, te plak te krijen. Nei lang sykjen en freegjen, hat Jan fan Willem en Dina Hoogsteen, my samar út 'e brân holpen. Doe't ik tsjin him neamde wêr't sy wenne hie, sei Jan ynienen: 'Jawis, jonge, dy frou koe ik goed. Dat wie myn Ieb-muoi, in suster fan myn beppe. Dy wenne yn in moai read stiennen hûske oan de Slotstrjitte. Dêr bin ik as jonkje wol mei myn mem hinne stapt. Dan gienen we de Langeloane del.' Jan hat in fenomenaal ûnthâld en it wurket noch hiel goed al is hy ek al santich! Dat is dus Iebeltsje Poelstra (1871-1938).
Ik wol hjirby al dy lju eefkes betankje dy't reagearre ha op dy foto. Dat wie dik yn oarder. En minsken, skriuw asjeblieft gau nammen op alle âlde foto's want letter is't in heislike toer!
Hjir is dan de foto wer en de nammen dizze kear ek. As der no dochs noch foutsjes yn sitte, dan soe ik sizze, lit it my dan mar witte.
foarste rige fan l. nei r.: Antje Witteveen (Jelle), frou Nicolai (slachter), frou fan Pieter de Jong (boer), mefrou Broer, frou S. Auwema-de Wit, frou Schuilenga (houthandel), frou fan Geert te Nijenhuis, Iebeltsje Poelstra, widdo Smedes;
middelste rige: frou Veenstra (oannimmer), frou Brouwer (Oebele), widdo Sjoerdsje Postma, frou Kramer (skilder), frou Kok (Albrecht), frou Nobach (sutele wol mei brea), frou van der Wal (skilder), widdo Smits, frou Metje van Dellen-Baron, frou Salomons, frou Mina de Jong (Jan), frou Tjits de Haan (Tinus);
efterste rige: frou Hantje Dijkema-Witteveen, frou Hessel de Vries (garaazje), frou Stokje (bakker), frou Schippers (Eerde), frou Tetje Dijkstra (slachter), frou Roorda (earmfâd), frou Joukje Riemersma (smidte), frou Janke Veenstra-Land (Oebele), frou Tjitske Tuinstra (Klaas), frou van der Ploeg (meubelmakker), frou Aaltje Kok (Roel);
Minsken, wat kaam dit der op oan!
Jelle yn Kanada