Meester Tjoelker wie hoofd fan ús Kristlike skoalle op 't Fean en bergen jonges en famkes ha sa troch de jierren rekkenjen en taal fan him leard. Mar ek oare dingen fansels. It is my opfallen hoefolle jonges yn de polityk gien binne. Meester Tjoelker siet yn de deputearre staten fan Fryslân en wie altyd drok yn't spier foar de A.R. partij. As der ferkiezingen wienen, brocht hy wol âlde minsken nei de stimbus yn syn eigen auto.
Myn broer Rinze hat jierrenlang yn Smellingerlân yn de rie sitten. Joop Atsma hat it hiel fier skopt en sit no yn de Twadde Keamer. Syn omke Rypke Atsma hat jierren yn de Fryske Staten sitten. Klaas van der Ploeg wie wethâlder en Theunis van der Meer wie riedslid. Allegearre learlingen fan meester Tjoelker, alhoewol't ik net seker bin fan Joop en Klaas.
Ik krige lêstendeis in moaie e-mail fan Theunis. Hy is in pear jier âlder dan ik. Ik wit noch skoan dat Theunis syn heit en mem in grutte húshâlding hienen en tichteby de mûne yn Koartwâld wennen yn it selde dûbele hûs as Djille Bouius, de fiskman. Theunis wie de âldste fan de keppel. Fan 1931-1937 wennen se sawat njonken de pastorij wêr't dû. Broer yn wenne, op 'e Dellen. De âld feart wie der doe ek noch. Op in kear stapte lytse Theunis mei lytse Trudi fan dû. Broer oer it brechje achter Janke Nicolai oan dy't op harren passe moast dy dei. Midden op it brechje skeat in hûntsje tusken Theunis syn skonken troch en doe rekke Teunis ûndersteboppen en tûmele yn 'e feart dy't nochal stonk. Konsternaasje fansels. In lytse jonge yn de âld feart. Ien fan de Biesma jonges hat him der doe wer út fiske. Sa'n 65 jier letter trof Theunis syn
'redder' yn it Súderhûs wêr't dy man doe wie. Biesma kaam op Theunis ta en fertelde de omstanners:' Dizze man ha ik froeger as lyts baaske út de âlde fabryksfeart opfiske!' Hy wist it noch goed safolle jierren letter.
Krekt nei de oarloch, yn 1952, is it gesin fan Sytze en Aafke mei 13 bern nei Kanada gien, mar sûnder Theunis. Dy moast syn twa jier by de marine earst fol meitsje. Dêr koe hy net foar wei. Doe't hy der út kaam, is hy yn Nederlân bleaun, ek al om't it heit en mem net sa goed gie yn Kanada yn 't earstoan, en ek om't der yn Harkema in famke op him wachte. Theunis en Berendsje van der Veer trouden yn 1953. Wol is Theunis wol gauris eefkes by syn âlden west yn Kanada.
Theunis hat himsels opwurke nei't hy út de marine kaam en nei stúdzje hat hy ferskillende dingen yn de skipsbou dien. De lêste 15 jier as direkteur fan in pear skipswerven.
En hy hat riedslid west fan Achtkarspelen, krekt as syn pake froeger. Dat wie 'skerpe' Theunis. Sa wurde dy man neamd om't hy nochal skerp opsprekke koe.
Theunis is no rintenier fansels en wennet noch op 't Fean mei syn Berendsje.
Theunis (1931-) is dus in soan fan Sytze van der Meer (1909-1992) en Aafke Kielstra (1914-1984), dochter fan Jeen Kielstra (1872-1956) en Trijntje Freerks Weening (1875-1946). Sytze wie in soan fan Theunis Sytzes van der Meer (1876-1958) en Trijntje Simmes Praamstra (1877-1955). Dizze Theunis syn âlden wienen Sytze Roels van der Meer (1846-1908) en Duifke Theunis Rinzema (1854-1944), en dizze Sytze wie in soan fan Roel Sytzes van der Meer (1813-1878) en Aukje Martens de Vries (1815-1899).
Berendsje van der Veer (1932-) is in dochter fan Folkert Douwes van der Veer (1888-1961) en Hiltsje Bakker (1913-1986). Folkert wie in soan fan Douwe Tjeerds van der Veer (1859-1929) en Hiltsje Jans van der Velde (1861-1946). Dy minsken hienen ek in soan Tjeerd (1882-1967) dy't troud wie mei Bieuwkje Postma (1884-1974). Harren soan Folkert (1917-1990) wie de pake fan Christa van der Veer dy't ik al ris neamd ha yn ROOTS-71. Sy hat Pinkstermoandei mei sukses de alve-stedden fytstocht riden! Minsken, wat moatte de trapers dan faak yn 'e rûnte! Dat liicht der wierliken net om.
Jelle yn Kanada