OP ZOEK NAAR ROOTS - 146


As lyts jonkje ha ik froeger al ris yn 'e hûs west by Jan en Auk Hamstra op 'e Ikkers yn Droegeham. Myn pake Jelle Hamstra wenne dêr ek en ik bin doe ris mei him op besite west by syn Jan-Om en Auk-Muoi. Dy hienen ek in soan Jelle, dus ek in Jelle Hamstra, en dy wurde fakentiids yn ús famylje neamd 'Jan-Om's Jelle' om sa al dy Jelle Hamstra's in bytsje út elkoar te hâlden. Jan en Auk hiene net sa'n grutte buorkerij. It hûs hie lege souders, in dûnkere keamer, in waarme kachel.....en it wie dêr gesellich en smûk.

Jan-Om buorke dêre mei syn húshâlding. Der wienen neist Jelle ek noch in Harm (Grutte Harm), Sjoerd, Pieter, Antsje, Janke, en noch in famke. Jan-Om molk sa'n 12-13 kij en hy hie ek wat bargen en pear hynders. Hy wie in ferstannige man en de minsken kamen wol by him om rie en help mei harren problemen.

Wa hie no ea tinke kinnen dat ik samar ûnferwachts, wol 60 jier letter, in mailtsje krije soe fan in man út Grinslân, út Bedum, dy't my samar eefkes fertelde dat hy in berns-bern is fan Wietske Hamstra, dy oare dochter fan ús Jan-Om en Auk-Muoi fan de Ikkers.

Wietske krige ferkearing mei in sekere Witte Vaatstra út Surhuzum en sy trouden op 1 maaie 1920 yn Bûtenpost. Wietske hat it net maklik hân mei har grutte húshâlding fan 9 bern, ek al om't har man Witte net âld wurden is. Hy krige maachkanker doe't hy noch mar 58 jier âld wie. Witte hat finzenis-bewarder west, konsjerzje, en letter kommiis. Der wienen noch 7 bern yn hûs doe't Witte wei rekke. Wietske is hiel âld wurden, nammentlik 95 jier. Sy hat yn har lange libben nea yn't sikehûs lein, behalve de lêste pear wiken. Sy wie in leauwige frou en sy gie trou nei tsjerke. Sy hat ek wol grutte reizen makke nei Australië, yn 1960 foar in heal jier, en yn 1969 in hiel jier. Sy wie dan by har soan Taede en dochter Janny.

De man dy't my skreau is Tom Kuipers, haad fan de ICT ôfdieling fan de Universiteit Groningen. Hy skreau my eins om wat oars, nammentlik om wat mear ynformaasje oer in raar gefal dat bard wie yn Surhuzum yn 1909. Ik ha hjir yn Kanada in Kollumer krante wêr't hûnderten ferhalen oer fan alderhande foarfallen yn steane, û.o. ek oer moarden. Dy krante is útjûn yn 2000 en jout in protte nijsgjirrige ferhaaltsjes oer de lêste hûndert jier yn N.E.Fryslân. Ek oer de moard op frou Hoekstra út Surhuzum yn 1909. En dat wurdt yn dy krante beskreaun mei dúdlike taal en hiel wat bysûnderheden oer dat gefal. En doe kaam my dat liet yn't sin wat ús heit wol song as hy oant spinnen wie yn 'e oarloch. Dat gie oer dy moard. In pear kûpletten kamen my samar yn't sin en ek wat happen en snappen út oare ferzen. Sjoerdtsje van Dellen út Harkema hat my ûnderwylst it hiele liet besoarge. De twa moardners fan frou Hoekstra wurde neamd yn dat liet. Ien wie in Oldenburger.

Tom Kuipers hat wat Oldenburgers yn syn oantroude famylje en toande dêrom ynteresse yn dat gefal fan 1909.

Tom hat ek Hamstra-bloed yn syn ieren en hy is dus fiere famylje fan ús.

Hjir folget no in stikje fan syn kertiersteat.

Tom (1954-) is berne yn Huizum as soan fan Pier Kuipers (1933-) en Janke Vaatstra (1934-) dochter fan Witte Hindriks Vaatstra (1894-1952) en Wietske Jans Hamstra (1898-1993). Witte wie in soan fan Hindrik Vaatstra (1866-1919) en Tietsje van der Ploeg (1869-). Hindrik wie in soan fan Lolkje Jans Vaatstra (1822-1906) dy't troud west hie mei Bauke Jans Oldenburger (1823-1855).

Wietske Hamstra (1898-1993) wie in dochter fan Jan Jelles Hamstra (1860-1945) en Aukje Harms Bergsma (1863-1949) dochter fan Harm Siegers Bergsma (1818-1897) en Janke Sjoerds Hoekstra (1825-1907). Jan Hamstra wie in soan fan Jelle Pieters Hamstra (1822-1896) en Wytske Hendriks Schievink (1819-1888). Dizze minsken hienen ek in soan Pieter Jelles Hamstra (1849-1888) dy't troud wie mei Aaltsje Johannes Kramer (1845-1928) dy't ik wol earder neamd ha yn ROOTS -10 & 36 . Dat binne de foarâlden fan myn mem. En sa komme Tom en ik by elkoar fia de Hamstra's.

Jelle yn Kanada