Net sa hiel lang lyn krige ik twa mailtsjes fan twa dames dy't wat fragen en gegevens hienen oer harren famyljes dy't beide útkomme by dû. Atzo Nicolai (1640-1701), dy't hiel froeger dûmny fan de Herfoarme Tsjerke fan Droegeham wie. Sa troch de jierren ha ik al hiel wat neisaten fan dizze dûmny fûn: fier oer de tûzend! Reid van der Ley hat ek al jierren dwaande west mei dizze grutte famylje en in moai stik fan syn útplúzerij kin jo lêze yn it Genealogysk Jierboek fan 2000. Ik ha sa stadichoan ek in protte nammen opskarrele. Dat komt ek om't myn beide âlden ôfstamme fan dizze dûmny.
De iene dame dy't skreau, is Margaret Hamstra, ôfkomstich út de Westerein, in dochter fan Tys Hamstra (1920-1999) en Jentina de Jong (1917-1992). Margaret is troud mei in Baptiste dûmny en sy wenje yn Quebec City yn Kanada. Margaret hie myn website fûn en al freegjende wei kamen we op 't Fean telâne. Dat komt om't har omke Age, in broer fan har mem, froeger op 't Fean wenne hat yn de Reade Buert. Age wie yn in protte silen mak en hat fan alles by de ein hân: hy makke wol taskes fan oerbleaune stikjes lear dat hy en syn feint Geert van der Veen brûkten foar it oerklaaijen fan meubels. En hy makke ek wol snobguod, lykas suertsjes, en ek pindarotsjes. Hy die dat allegearre yn in lytse wurkpleats achter syn hûs. As hy in sint fertsjinje koe mei it iene of oare, liet hy it net. Sa fertelde Margaret noch dat sy ris by har Omke Age op besite kaam op 't Fean en dat omke har doe fertelde dat hy wat
nijs, wat moais te keap hie. Krekt wat foar Margaret. Hy hie in nustje prûken op 'e kop tikke en wist Margaret ien oan te praten. Sy hat him sels in pear kear op hân!
Yn 1972 gienen Age en syn gesin nei it Wytfean te wenjen wêr't hy wat buorke en ek noch in pear jier mei it oerklaaijen fan meubels troch gie. Ien fertelde my dat hy 'een vlotte, nette voorkomende man was die mensen voor zich wist te winnen'. Age hie yn de oarloch ek yn it konsintraasjekamp fan Buchenwald sitten. Hy wist dus wol dat it libben faak net maklik is. Age ferstoar op it Wytfean. Syn frou Martha of Mat is letter nei Grinzer Pein gien mei in pear bern dy't dêr noch wenje. Mat wurdt no fersoarge yn de Wilhelminahoeve. Age syn frou komt út it Nicolai nêst, wylst Age by de famylje Van der Land telâne komt. Myn frou ek, en sy en Age bin dus famylje fan elkoar fia Jentsje van der Land (1822-1873).
Dy oare dame wennet yn Californië en sy frege my om gegevens oer dû. Nicolai om't sy ek by him terjochte komt. Mar dochs oars as Martha de frou fan Age. Mat stamt ôf fan de twadde frou fan de dûmny, nammentlik fan Tettie Gooitzens (1656-1700).
Mieke út Californië stamt ôf fan syn earste frou: Gelske Tysses (1638-1671), dy't stoarn is yn Droegeham. Sy en de dûmny hienen 6 bern en Mieke's foarmem is Hindrikje Atzes (1668-). Dus de namme Nicolai komt net yn har famylje foar.
Dûmny en Tettie krigen minstens 9 bern en dêr is in grutte skare ôfstammelingen of neisaten fan kaam. Ik folgje Mieke's famylje mar net om't dy yn Gaasterlân terjochte kamen, en guons letter yn Brabân en Californië.
Ik wol Age en Mat wat folgje en foaral Mat.
Age de Jong (1915 -1985) wie in soan fan Thys de Jong (1870-1939) en Grietje Ages van der Land (1875-1956), dochter fan Age Jentjes van der Land (1847-1922) en Trijntje Korn. van Dijk (1852-1935).
Martha Nicolai (1922-) is in dochter fan Jan Nicolai (1886-) en Jitske Noordhoff (1890-) dochter fan Gerben Popkos Noordhoff (1860-1930) en Geeske Harmens Bos (1864-1910). Jan Nicolai wie in hiel krekt persoan yn in protte dingen. Hy hannele yn nôt en gie elke wike nei de beurs yn Ljouwert en Grins.
Hy wie in soan fan Johannes Gooitzens Nicolai (1846-1917) en Jitske Jans Wouda (1848-1912). Jitske bringt ús by de Jan Feikes Wouda (1818-1898) famylje, wylst Johannes Nicolai ús by Gooitzen Johannes Nicolai (1815-1880) en Antsje Klazes Wiersma (1815-) bringt, en lang om let by dû. Atzo Nicolai.
Bergen nammen, mar dochs wol famylje fan in protte lêzers fan ROOTS. Seker fan myn frou en fan myn heit en mem beide.
Jelle yn Kanada