OP ZOEK NAAR ROOTS - 148


In pear moanne lyn moast ik preekje yn Brockville, Ontario, sa'n 75 km. by ús wei. De tsjerkerie frege my om ôf te kondigjen dat âlde Janke van der Woude-Akkerman ferstoarn wie. Sy wie omtrint 95 jier wurden.

Dy namme die my fuortynienen tinken oan 'sibbekunde' fansels, en ek oan de Van der Woude's dy't ik yn myn kompjûter ha.

Letter fûn ik út dat in dochter fan dizze frou, in sekere Betty, troud is mei Sjoerd de Kroon dy't ik wol ris troffen hie doe't wy oant kampearen wienen. Sy wenje tichteby Brockville. No ha ik ûnderwylst mei Sjoerd en Betty praat en no blykt dat Janke út Bartlehiem kaam en net oanslút by myn Van der Woude's, mar ....Sjoerd de Kroon syn mem wie ek in Van der Woude en dy kaam út Droegeham. Sjoerd fertelde ek dat hy yn't lêst fan de oarloch in skoftke yn 'e Ham west hat by in 'sekere tante Greet', en dat dy minsken in moalsaak hienen. Fierder wist hy dêr net folle mear fan, allinne dat hy yn dy Hamster-tiid stutsen wie troch in soarte dikke mich of huningbij en dat hy in skoftke letter in hiel slimme ûntstekking krige yn syn iene skonk. Syn skonk wie al hielendal geil en swollen en it waar sa slim op 't lêst dat in dokter him doe yn syn skonk snien hat om it ûngemak der út te krijen. Dat barde allegearre yn 'e Ham.

Sjoerd is no 65 en de grutte, grouwe groede sit der noch, fertelde hy. De famylje de Kroon kaam fan âlds út Gaasterlân mar yn de krisisjierren, krekt foar de oarloch dus, bin se nei Súd Hollân gien wêr't wurk genôch wie.

Dêr troffen se ek in gesin Van der Woude dat fan âlds ek út Fryslân kaam, mar mear rûn Dokkum en Marrum wei. Dat wie de húshâlding fan Siemen van der Woude en syn frou Janke Akkerman. Dy Siemen syn heit wie Pieter van der Woude út Ferwerderadiel en syn mem wie Gepke van Dijk (1886-) dochter fan Andries Wybrens van Dijk en Pietje Oebeles van der Veer, dy't út Achtkarspelen kamen.

Sjoerd syn mem wie dus in Hamster en har namme wie Pieternella van der Woude (1905-). Ik tink dat dizze Pieternella noch kunde of fiere famylje hie yn 'e Ham en dat Sjoerd de Kroon op dy manier yn de hongerwinter fan '44-'45 sa yn 'e Ham terjochte kaam by Jelle en Griet Wijma dy't buorkerij hienen, en syn broer Wiebren hie in moalsaak.

Ik tink net dat Pieternella famylje wie fan de Wijma's mar Pieternella koe Jelle en Griet Wijma wol, en har bern lyk as Sjoerd, neamden Griet 'tante Greet'.

Sjoerd wit net hoe't de foarke presys yn 'e stok siet.

Pieternella wie in dochter fan Tamme van der Woude en Sybrigje van der Glas. Fierder wit ik neat oer dy famylje en ek net oft der noch neiteam fan dizze Van der Wouda's yn 'e Ham wennet.

Sa as ik al sei Pieternella's famylje wie foar de oarloch al nei Súd Hollân tein. In jier of wat lyn wie ik ris yn Drachten by myn âlden om't ien fan harren yn it sikehûs lei. Doe trof ik dêr in sekere Wijma dy't dêr ek ferplege wurde. En ik miende ek dat syn broer doe tagelyk yn't sikehûs lei. Wienen dat miskien soannen of neven fan de Wijma's dy't ik earder neamde?

Ik hoopje dat der lêzers binne dy't my in bytsje helpe kinne om dit gefal wat út te plúzjen.

Jelle Wijma (1882-1972) dy't troud wie mei Grietje Renkema (1886-1976), wie in broer fan Wiebren Wijma (1873-1964). Wiebren wie troud mei Trijntje Komrij (1873-1955) en dy hienen fêst trije soannen: Jacob (1900-), Jarig (1903-1993) en Jetze (1909-1994). Der wienen ek noch twa famkes: Ymkje (1901-) en Hinke (1905-1989). Jelle en Grietsje hienen ek bern, tink ik.

Jelle en Wiebren wienen soannen fan Jacob Wybrens Wijma (1843-1901) en Hinke Taekes Wouda (1845-1925), en dizze Hinke bringt ús op 't Fean by de Wouda's dêre.

Noch eefkes dit: Dizze Jacob Wijma hie ek in suster Antje Wybrens Wijma (1841-1881) dy't troud wie mei Lammert Reids van der Ley (1831-1910). En dat wie de oer-pake fan Reid van der Ley (1955-), de man dy't in ôfgrysliken protte gegevens hat oer Tytsjerksteradiel. Reid wennet yn Grinslân. Hy hat my ek wolris wat holpen.

Jelle yn Kanada