Benedictus! Wat bin ik dy namme al faak tsjin kaam yn de boargerlike stân fan Achtkarspelen, fan Smellingerlân en fan Tytsjerksteradiel. Froeger as jonkje tocht ik faak dat dat ien fan de moaiste en foarnaamste nammen wie. It hie in moaie rike klank. Ik wie ek hiel wiis dat myn âld-beppe Loltsje Dictus Benedictus hiet en ik tocht wol gauris wêr soe dy namme eins wei kommen wêze. It liket wol Roomsk of Latynsk.
Dit stikje fan ROOTS giet dus min of mear oer dizze famylje-namme. En ik doch dat om't dy namme yn myn eigen famylje foarkomt en ek om't ik al in pear kear in brief hân ha fan Janny Benedictus-Hoving út Rottefalle. Ik ha ûnderwylst ek al in pear kear mei har praat fia de tillefoan. Ik ken Janny al sont ik in jonge fan 14 jier wie. Sy is in pear jier âlder as ik bin. Janny wenne froeger op Topweer by Grinzer Pein en har heit wie Roel Hoving dy't ik al ris neamd ha yn ROOTS-125.
Janny fertelde noch in aardich ferhaaltsje oer har heit en oer ús, de trije jonges fan Hindrik Kooistra fan 't Fean. Hoving frege yn't begjin fan de simmer-fakânsje fan 1947, tink ik, om jonges foar licht lânwurk, lykas wjudzje, ierappelsykje, skeaven bine, ensf. Myn mem stjoerde ús nei Hoving ta om ris te freegjen oer dat wurk. Janny wit noch presiis hoe't dat gie. Sy holp har heit moarns wol mei it kealleboarnen en dy moarns stie se mei har heit yn de skoarre doe't wy der wat ferlegen ynstapten. Hoving wie in freonlike man en frege wa't wy wienen en hoe âld wy wienen. Neffens Janny gie dat doe sa: Hy seach myn âldste broer oan en dy sei: 'Ik bin Rinze en ik bin 15 jier.' Doe wie it myn beurt en ik sei: 'Ik bin Jelle en ik bin 14 jier.' Doe kaam de jongste en dy sei: 'Ik bin Sjirk en ik bin 13.' Hoving glimke ris en sei op syn Grunnings: 'En gait dat so deur by
jim?'
Hy sil wol tocht ha: de folgjende is 12, ensf. Sa koenen der hiel wat wêze, mar dat wie net sa. Dat wie alles wat der wie. Trije dogenieten, sei ús mem altyd.
Hoving koe ús wol brûke en ik ha in pear simmers mei grut plezier foar him wurke. Ik ha in protte leard dêre want hy liet my fan alles dwaan. Ik ha wol holpen mei it dongjen, swyljen, stikelstekke, skeaven bine en opsette in hokken, weinen mei hea en jouwer en rogge-skeaven oploegje, en letter dat spul yn in bult sette of yn de golle foarkje, stront-bûtsje, ensf. Eins alle wurk wat der te dwaan wie op in buorkery, behalven melke. Dat ha ik nea dien.
Janny hat as jong faam ek in jier yn Amearika west as 'trainee' troch de Menniste Tsjerke. Yn 1961 troude se mei Hindrik Benedictus. En no binne we dus by de namme dy't ik sa moai fûn. Hindrik en ik komme by elkoar ....in aardich eintsje tebek.
Hindrik en Janny buorken flakby Rottefalle oan de Dû. Visscherwei, omtrint oant ein fan Achtkarspelen. Sy krigen twa bern: Bauke en Sjoukje. Wat my geweldich ferbaasd hat is it Frysk praten en skriuwen fan Janny, dy't thús op Topweer Grunnings prate, tink ik. Sy hat wat kursussen naam yn 't Frysk en ik stean fersteld oer har behearskjen fan de Fryske taal. In tsien fan dizze master!
Doe't Hindrik en Janny ophâlden mei buorkjen yn 1991, ha se in nij senioaren-wentsje bouwe litten yn Rottefalle en dêr ha se noch tsien jier tegearre wenne. Hindrik ferstoar yn 2001.
Hindrik Benedictus (1928-2001) wie in soan fan Bauke Jans Benedictus (1894-1963) en Martsje Hindriks de Vries (1895-1988), dochter fan Hindrik de Vries (1859-1945) en Sieuke Arendz (1857-1952). Bauke Benedictus wie in soan fan Jan Nanes Benedictus (1850-1926) en Jeltsje Atzes Postma (1851-1940), dochter fan Atze Sjoerds Postma (1820-1912) en Wietske Halbes Scheper (1811-1887). Jan Benedictus wie in soan fan Nane Jans Benedictus (1825-1912) en Fokje Jehannes Kats (1823-1862). Nane wie in soan fan Jan Nanes Benedictus (1798-1879) en Tetje Foppes Bijma (1805-1889) en Jan wie in soan fan Nane Dictus Benedictus (1764-1841) dy't in broer wie fan Teye Dictus Benedictus, wêr't ús takke begjint.
Janny stjoerde my lêstendeis hiel wat paperassen mei famylje-nammen fan it Benedictus-folk wat my in protte nije gegevens joen hat. Dy wienen jierren lyn by elkoar fandele troch in sekere Dykstra út Aldegea.
Jelle yn Kanada