‘t Wie mûsstil yn de fyfde en seisde klasse fan de legere skoalle yn Boelensleane, roun 1905. De bern sieten moai te wachtsjen want master soe fertelle oer ‘wilde dieren'. Der soenen wol sterke ferhalen komme. Master begûn mei een stikmannich fragen te stellen oan de bern en frege harren in pear foarbylden te neamen fan sokke wylde bisten. Kees hie de finger ek omheech. "Kees, noem jij ook eens een wild dier', sei master. Kees antwurde ‘Een beer, meester'. ‘Goed', sei master, ‘misschien weet jij nog wel een'. Ja, dat wist Kees wol. Hy sei: ‘Nog een beer, meester. De klasse begûn te laitsjen, mar master lake net. Hy kaem op Kees ôf en joech him in beste bats om de earen. ‘ Ik zal jou wel leren, jongentje, met jouw grapjes'. De stemming wie wol fluch feroare yn ‘e klasse nei dizze ûnferwachte trelit.
As jonge ha ik dit ferhaaltsje wol gauris heard fan Kees as hy by ús yn ‘e hûs siet. Dizze Kees wie Kees Bijma dy't froeger op ‘e Trije Roede wenne. Hy hat jierrenlang arbeider west op ‘t molkfabryk op ‘t Fean. Der wurke ús heit ek oan't 1942 ta. Dy simmer is heit op in nacht fan de twadde ferdjipping fan in trap fallen en hy belânne op in betonnen flier en briek syn heupe en syn skouder. Heit hat mear as in heal ier yn Ljouwert yn't sikenhús lein. Kees kaem dan wol by ús om foar de grutte tún te soargjen.. As hy dan by ús wie en ek mei iet dan krigen we allegeare fan dy sterke ferhalen fan Kees. Hy mocht greach wat grapkje en wy mar lústerje fansels. Ik tocht doedestiids dat hy ús gesin út holp om't hy mei heit op ‘t fabryk wurke, mar hjoed-de-dei wit ik dat it foaral kaem om't hy aerdich tichteby famylje wie fan heit.
In dochter fan Kees, Grietje, troude letter mei Hendrik fan Wybe Hendriks Hamstra (1891-1969)en Hebel Visser (1897-1971) út ‘e Ham, en kaem sa ek by mem yn ‘e Hamstra-famylje.
De Bijma-famylje is ek in bytsje een tizeboel. Wat in gelykense nammen!
Kees (1894-1984) wie in soan fan Bareld Baukes Bijma (1854-1917) en fan Grietje Kornelis Buursma (1855-1922). Dizze Bareld wie in soan fan Bauke Barelds Bijma (1820-1875) en fan Grietje Ietes Broersma (1829 - ) Dy Grietje Kornelis Buursma wie in dochter fan Kornelis Rinzes Buursma (1814-1881) en fan Janke Klazes Gorter (1812-1893), en har suster Janke Kornelis Buursma (1847-1913) wie ek mei in Bijma troud, nammentlik mei Bareld Foppes Bijma (1850-1908). In oare suster fan Grietje en Janke wie Aafke (1851-1946), dy't troude mei Tamme Ates Oosterhof (1843-1914) fan ‘t Wytfean. Heit arbeidde as jong feintje by dy famylje op ‘t Wytfean. En noch in oare suster fan Grietje en Janke en Aafke, wie Romkje Kornelis Buursma (1841-1929) dy't earst troud wie mei Andries Andries van der Wijk (1842-1868) en sy hienen in soantje Kornelis (1867-1918). Letter
troude de widdo Romkje mei Hendrik Rinzes Kooistra (1847-1917). Dizze Hendrik wie myn oer-pake oan de Kooistra-syde., en syn soan Rinze (1875-1946) wie myn pake. Sa wienen heit en Kees dus achterneven fan mekoar, en myn pake Rinze en Kees wienen folle neven.
Kees syn earste frou wie Jitske Brands Bijma (1895-1934), dochter fan Brand Alles Bijma (1858-1931) en fan Ynje Minzes Dijkstra (1858-1938), dochter fan Minze Durks Dijkstra (1825-1899) en fan Jitske Geerts van Schepen (1828-1916), dy't út Surhúzum kaem.
Kees syn twadde frou wie Froukje de Vries (1910-1952) dochter fan Gerrit en Rinskje de Vries. In dochter Gerkje wennet op ‘t Fean. Sy hat jierrenlang leafdefol foar har âlde heit Kees Bijma soarge.
Om't 2 Buursma famkes trouden mei twa Bareld Bijma's, de iene mei Bareld Baukes Bijma en de oare mei Bareld Foppes Bijma, wienen der letter ek 2 Romkje's: Romkje Barelds Bijma (1889-1986) en Romkje Barelds Bijma (1884 -). Somtiden wie dat wol wat lyk as in tizekleaune. Dat wie ek sa mei 3 of 4 Jelle Hamstra's yn ‘e Ham. De heit syn namme moast der faek wol by. Dat sil wol sa west ha yn in protte famyljes. Myn frou har beppe wie Jetske Hoekstra-van der Land dy't yn Wouterswâld wenne. Beppe Jetske hie 11 bern en 10 der fan krigen in lytse Jetske. As de famylje oer Jetske praette, moast der altyd by ‘Do wist wol, Jetske fan ...". Hjoed-de-dei is dy gewoante fan nammen jaen net mear lyk as it froeger wol wie. Us heit rekkene der fêst op dat syn trije soannen harren âldste soan Hendrik neame soenen. Dat is ek sa kaem, al wienen der wol wat
feroaringen: Henry Sidney fan Sjirk (1957), Hendrinus Richard fan Rinze (1958) en Henry James fan Jelle(1958-1978). Pake wie der wakker mei yn naem.
Jelle yn Kanada