"Klaske, wat is dat in aller-ivichst moai staaltsje!" Dat wienen de earste wurden dy't Melle Tiet sei doe't sy wer by kaam op 'e flier yn de koken fan it hûs fan Albert en Klaske op 't Fean, skean tsjinoer de Menniste Tsjerke. Tiet wie by Klaske kaam om't se hongerich en kâld wie. Der wurde har in stoel oanbean, en wylst Klaske de kachel wat op fjurre, foel Tietsje flau. Sy lei langút oer de flier. Klaske, dy't in moaie blommerige skelk foar hie, rûn gau nei har ta en bûgde har oer Tiet hinne. Tiet kaam al ridlik gau wer by en it earste wat se seach, wie Klaske har moaie skelk. En doe kamen dy wurden oer it staaltsje.
It stikje yn ROOTS-140 oer Melle Tiet wie yn Bennekom terjochte kommen fia de Stuiver-famylje út Burgum. Yn Bennekom wennet in âld-Feanster, in dochter fan Albert en Klaske, nammentlik Gaatske. En Gaats kin wol in boek skriuwe oer har erfaringen mei Melle Tiet en oer al de dingen dy't sy meimakke hat yn har famkesjierren yn de krisis-tiid. Ik ha al in pear kear mei Gaats praat, eins mear lústere, want Gaats kin it wurd wol dwaan. Sy wit in protte oer dy earme tiid fan foar de oarloch.
Gaats har mem, Klaske van der Wijk, hie in meilydsum en soarchsum hert. Sy wie menist, wie hiel tsjerksk en woe graach earme minsken helpe. Gaats fertelde noch dat har mem deis, as har eigen bern nei skoalle of oant wurk wienen, wol nei de Heide gie en dêr de earme minsken holp. De diakonij fan de Menniste Tsjerke holp ek. Sa moast Gaats yn Drachten, wêr't sy op de mulo gie, soms in stik lear ophelje en dat wie dan foar Melle. De Tsjerke soarge dat hy lear hie om syn skuonlapperij op 'e heide in bytsje geande te hâlden. Gaats wie net sa bliid mei it wurk fan Melle want de soallen dy't hy ûnder har skuon die, makken de skuon in hiel stik swierder. Gaats en har suster Hinke neamden Melle syn lapperij wol ris bakkerij om't harren skuon sa swier wienen as bakken.
Melle ferstoar yn 1939 en doe wie it fansels al hielendal slim foar Tiet en de trije bern. Gaats wit noch dat der wol gauris ierpels en brânhout en turven nei Tiet brocht wurden. Foaral Klaske holp in bult, al wie it by har sels ek net sa rom yn dy minne tiid.
Gaats troude mei Geert Tammes Hansma (1917-) út Surhuzum en sy krigen twa jonges Tamme en Nane. Letter troude Gaats mei Jan Feenstra út de Bildt hoeke. Sy wennet al jierren yn Bennekom as widdo. Sy hat ek al fan alles meimakke, en hat ek al gauris by it grêf stien fan guon fan har eigen famylje. Sy wie ek froedfrou of ferloskundige.
Noch eefkes in ferhaaltsje. Gaats har mem holp earme minsken. Dat fûn se moai wurk. Soms krige se fan Blauw, in menniste lapkeman op t' Fean, reaven jern dat of út de moade wie, of in bytsje frjemde kleuren hie lykas pears, en dan probearre sy de famkes fan Tiet, Janna en Ymkje, it breidzjen te learen. Dat foel net mei, en it wie faak mar broddeljen. De famkes koenen ek net rjocht mei komme op skoalle en dêrom holp Klaske harren wol mei wat hantwurkjen.
Gaatske (1920-) har mem Klaske (1896-1972) wie in dochter fan Durk Barelds van der Wijk (1867-1938) en Gaatske Nanes Benedictus (1866-1962). Fan beide famyljes ha ik in protte nammen om't dy famylje-nammen ek yn ús famylje sitte.
Durk wie in soan fan Bareld Andries van der Wijk (1832-1913) en Gooitske Durks van der Leest (1829-1870). Gaatske wie in dochter fan Nane Dictus Benedictus (1839-1907) en Trijntje Taekes Wouda (1839-1927). Nane wie in soan fan Dictus Nanes Benedictus (1795-1874) en Sjoukje Rinderts van der Ley (1801-1882). Bareld wie in soan fan Andries Geerts van der Wijk (1792-1882) en Antje Barelds de Jong (1799-1886), de foarmem fan in protte minsken yn Surhústerfean en omkriten. Neiteam fan har sit oer de hiele wrâld.
Klaske har man Albert Wouda (1894-1957) wie in soan fan Feike Wybrens Wouda (1851-1911) en Hinke Hendriks Bosma (1857-1941). Lang om let komme Albert en Klaske by elkoar yn de Wouda's, nammentlik by Wybren Feikes Wouda (1762-1816) en Trijntje Taekes van Teeken (1767-1837). Yn in folgend stukje wol ik wat fertelle oer Albert Feikes Wouda en syn foargeslacht.
Jelle yn Kanada