Doe't wy in pear jier lyn ris by myn broer Sjirk en syn frou Klaasje op besite wienen, sei Sjirk tsjin my: "Sjochst dy moaie ûle dêr wol?" Ik hie him al ris sjoen en tocht fuortendaliks oan dy moaie opstoppe fûgel dy't froeger by ús heit en mem op 'e kast stie yn Drachten. No bliek dat Sjirk dy krige hie doe't it âlderlik hûs leech kaam yn '95. Hy frege my ek: " Wist noch wol hoe't dat doe gien is?" Sa wat 50 jier lyn hie Sjirk mem dy fûgel op har ferjierdei joen en no hie hy him dus werom krigen. Doe't ik him frege wêr't hy him kocht hie, sei hy: "Ik hie Albert Wouda doedestiids frege oft hy ek in moaie opstoppe fûgel foar my besette koe." Dat hat Albert doe dien en sa kaam Sjirk dus oan dy ûle. "Doe koest it sa raar net betinke, of Albert fûn it!", neffens Sjirk. Hy wist syn plakjes yn Ljouwert en yn Snits, en ek wol oare plakken want hy kaam oeral my syn boadetsjinst en fy fûn it ek moai minsken te
geriven.
Albert Wouda wie in beste man en dat wist elkenien. De minsken op 't Fean en oeral rûnom mochten graach oer Albert. Hy hie as jongfeint in skoftke yn Amearika west. Net ien wit presys hoe lang, mar it gie om't hy ûnder tsjinst moast en dat woe hy net. Hy wie mennist en dy minsken wol leaver net soldaat wurde, op grûn fan de bibel en harren oertsjûging. Hoe't dat krekt gien is mei Albert doe't hy werom kaam yn Nederlân, wit de famylje ek net. Yn 'e regel moasten tsjinst-wegerers in selde skoft tiid oar wurk dwaan foar it regear.
Doe't Albert werom kaam krekt nei de earste wrâld-kriich, is der seker net folle spul fan makke. Hy troude doe mei Klaske van der Wijk. Wat wie hy wiis mei syn Klaske! (sjoch ROOTS-150). Sy krigen 5 bern en namen letter noch in famke oan as harren eigen. In lyts jonkje Nane (1936-1942) moasten se letter wer ôfstean. Dat wie wol hiel hurd foar harren.
Albert wurke mei de fam. de Boer yn 't selde bedriuw en sy dienen 'handel en verkeer' nei Ljouwert en Snits. In soarte boadetsjinst dus. Yn 't begjin gie dat mei de boat en letter wol mei frachtweinen.
Doe't Albert en Klaske earst troud wienen, hienen se it net rom. Eltse sint wie belangryk. It opsetten fan de saak hie aardich wat sinten koste en dat moast ôfbetelle wurde. Dochter Gaatske (1920-) yn Bennekom wit noch skoan dat it gesin earst flak achter de toer oan de Omloopsterwyk wenne hat, en letter skean tsjinoer de Menniste Tsjerke. Sy wit ek noch dat der op in jûn in lyts feestje thús wie. Der wienen gebakjes by de kofje wat eins nea barde. Wêrom? Om't Albert en Klaske nei jierren fan skrippen en ôfbeteljen lang om let lyk wienen! Dy deis wie de lêste skuld betelle! Dat wie eat om in feestje fan te hâlden!
De bern fan Albert en Klaske wienen: Gaatske (1920-), Hinke, Durk, Feike, Nane, en dan Riekje noch. Sy wienen lidmaat fan de Menniste Tsjerke en dat wienen omtrint alle Wouda's op 't Fean.
Albert (1894-1957) wie in soan fan Feike Wybrens Wouda (1851-1911) en Hinke Hindriks Bosma (1857-1941). Hinke wie in dochter fan Hindrik Alberts Bosma (1825-1891) en Sytske Wolters de Vries (1828-1888). Hindrik Bosma wie in soan fan Albert Hindriks Bosma (1780-1838) en Jeltje Wiegers Algra (1801-1842).
Feike wie in soan fan Wybren Feikes Wouda (1820-1886) en Janke Durks Munstra (1823-1897) en Wybren wie in soan fan Feike Wybrens Wouda (1791-1853) en Grietje Jans Dijkstra (1797-1875). Feike wie in soan fan Wybren Feikes Wouda (1762-1816) en Trijntje Taekes an Teeken (1767-1837).
Dizze Feike hie in broer Taeke (1806-1873) dy't troud wie mei Gaatske Jelles Huizinga (1813-1896) en dit pearke hie in dochter Trijntje (1839-1927) dy't troude mei Nane Dictus Benedictus (1839-1907). Harren dochter Gaatske (1866-1962) troude mei Durk van der Wijk (1867-1938) en dy krigen in dochter Klaske (1896-1972). En dizze Klaske troude mei Albert Wouda. Sy wienen dus fiere famylje fan elkoar. Dat sil wol mei in protte minsken sa wêze, foaral op doarpen en yn omkriten wêr't de minsken benei nea fan plak feroaren.
Jelle yn Kanada